Hedwig Terpstra

Grutte gedichtejûn fan ensafh goed besocht

logo.ensafh

Yn it ramt fan de Nationale Gedichtendag organisearre ensafh ôfrûne tongersdei 26 jannewaris in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan koe. Der wie in flinke opkomst fan sawol foardragers as publyk yn feemerkkafee Vellinga yn Snits. Der waard foardroegen yn it Frysk, Nederlânsk, stedsfrysk en dialekt. Der stienen mar leafst 43 dichters en foardragers op it poadium. In tal dichters hie ôfsein fanwege sykte of oare omstannichheden. It tema fan de gedichtedei wie ‘stroom’ en guon dichters hiene de kar fan har fersen dêrop oanpast. PEN Nederlân hie frege om by de optredens op en rûnom gedichtedei poëzij foar te lêzen fan Birmaanske kollegadichters dy’t finzen sitte of sitten ha yn dat lân en in tal dichters hie dêr gehoar oan jûn. Piter Boersma, haadredakteur fan ensafh, presintearre de jûn. De dichters kamen op alfabetyske folchoarder oan bar.

Wim Beckers koe it spit derôf bite. Hy droech ûnder oare in eigen gedicht foar oer de skepping. Dien de Boer hie wat dien mei it tema en droech gedichten foar oer de dei en de nacht(stream). Renske de Boer is grutsk op de Relywurdearring dy’t se krige foar har gedicht oer in griis moskje, dat se hjir ek hearre liet. Presintator Piter Boersma liet gedichten hearre út syn bondel ‘Stjoer de strjitmakker’. Pier Boorsma beskreau de binnenstêd yn ‘It âlde Ljouwert’. Egbert Born wennet yn Amsterdam en dichtet faak en graach oer famkes. In fragmint út ‘Leave, ik wist net datsto noch mar achttjin wiest…’:

Ik haw dyn skamte rekke as in fereale heit

dy’t ik net wêze mei, nea, nea, nee, nea…

Nea haw ik my sêfter, hiter, iensumer field as yn

dyn boartlike fielen fan de man dy’t jout en jeit…’

Han Bosma droech in seksy gedicht foar oer de Alvestêdetocht. Ibo-Jan Bosma is syn broerke en liet ûnder oare ‘De deuren der waarneming’ hearre, oer Jim Morisson. Piet Commandeur neamt himsels in ‘rijmelaar’ en draacht ûnder oare ‘Sportief’ en ‘Weigeraar’ foar. Job Degenaar fan de Lemmer droech njonken eigen wurk ek in gedicht foar fan in frijlitten Birmaanske dichter. Michel Dijkstra lies troch de Sineeske (taoïstyske) filosofy ynspirearre gedichten fan Sjoerd Spanninga foar, sa as ien oer yin en yang en it kwatryn ‘Lao Tse’:

‘Ik hoech de doar net ienris út te gean
wol ik it minskdom yn syn wiere aard ferstean,
want al it minne en it goede komme yn my gear, –
begjin en ein, de beeldenaars fan it bestean.’

Bart FM. Droog fan Eenrum droech ‘Benzine’ en ‘Droogleggers’, in gedicht oer syn foarâlden, foar. De Ljouwerter Melvin van Eldik hâldt in webloch by, is muzikant en dichter. Hy lit mei krêft hearre wat er fynt fan misstannen yn de tsjerke. Anne Feddema is wer yn Berlyn en koe der net persoanlik by wêze. Cornelis van der Wal liet in opname fan Feddema oer syn bernetiid op syn mobile telefoan hearre oan it publyk. Nei it earste blokje wie der muzyk fan it duo ‘De Hoed En De Rand’ fan Jelle van der Meulen (sjonger/akkordeonist) en Peter van der Steen (sjonger/gitarist).

Marijke de Haan wie nei it skoft oan bar. Se brocht ûnder oare ‘Dûnsje en sjong’. Se dichtet sawol yn it Frysk as Nederlânsk. Dêrnei brocht De Hoed En De Rand in oersetting fan in gedicht fan organisator Cornelis van der Wal, dat it duo op muzyk set hat. Ruurdtsje de Haan brocht in emosjoneel gedicht oer de rêdingshynders dy’t ferdronken binne op It Amelân. Simen de Jong publisearret ek wol ûnder de namme Simen Oetie. Hy liet gedichten yn it Snitsers hearre en joech ek omtinken oan de frijlitten Birmaanske dichters. ‘Plak by de rûs’ waard foardroegen troch Wopkje de Jong. Sy hat de Twichtewedstriid wûn. Hiltsje Jongsma brocht fjouwer eigen gedichten, ûnder oare ‘Nei de haadstêd’ en ‘Yn it lân fan myn heit’. Sigrid Kingma fan Grins droech ‘It feest’, in gedicht oer dea en leafde fan Steven de Jong foar en har eigen gedicht ‘Vanellus’, dat ljip betsjut yn it Latyn. Michiel Klont brocht in polityk gedicht en in gedicht oer ‘Peephokjes’. Marc Kooij makket skriuwersfilmkes foar de ensafh-digi en skriuwt ek ferbeane mantra’s dy’t er no foardroech. Jan Kooistra hat yn de redaksje sitten fan Hjir, de foarrinner fan ensafh. Hy brocht in tal gedichten yn it Nederlânsk. Aafke Koster liet ûnder oare in moai gedicht oer it strân en de see hearre. Hjir in fragmint:

‘…de see nimt ús op en lost ús pine yn see nim my mei en los my op oan’t de pine net mear is de pine fan de leafde en it libben en de dea see fan no fan hjir en dan bin ik frij frij frij fan pine fan leafde fan dea en fan lok sil ik sprekke as ik los bin fan it libben libben libben yn myn hert is libje yn de see see see…’

It tema ‘stroom’ kaam werom yn de gedichten fan Wietske Krist. Se droech ûnder oare it gedicht ‘De ochtendvogels’ fan Thomas Tranströmer foar. André Looijenga dichtet sels net, mar droech in tal fersen foar fan Steven de Jong. Simon Oosting dichtet oer ‘Patat mei’ en ‘Simmer’ en brocht ek in fers fan in Burmeesk dichter yn it Frysk. Peter Popma sleat it twadde blokje ôf mei in gedicht oer it Dokkumer Lokaaltsje dat op gas rydt. Wylst de dichters en it publyk har nei de bar bejoegen spile De Hoed En De Rand muzyk fan har CD ‘Zwervers’ mei dêrop ûnder oare oersettings fan gedichten fan Tsead Bruinja.

Ridzert Postma dichtet altyd yn it Frysk. Syn earste gedicht ‘Sprankeljend’ neamde er normaal en syn twadde fers ‘Fleander’ absurd. Kate Schlingemann hat in twadde priis wûn yn de Türing-wedstriid foar har gedicht ‘Bemoeizorg’ dat se dizze jûn foardroech. Dêrnei wie it tiid foar de Hylper poëzij fan Anske Smit. Geart Tigchelaar fertelde it publyk dat er Aldibier hân by Cornelis van der Wal. Hy brocht ûnder oare ‘Ferbitendheid’ en ‘Maityd’. De Snitser Henk van der Veer droech ûnder oare in gedicht foar oer kafee Vellinga. Op syn t-shirt stie ‘Ik snitter, dou ok’, referearjend oan twitterje yn it Snitsers. Tryntsje van der Veer hie dizze dei al op ferskate plakken yn de provinsje foardroegen. Sy bleau yn it tema mei ‘Djippe ûnderstream’ en ‘Krêftstream’. Siem de Vlas brocht in gedicht fan Harmen Sytstra oer sterke drank. Daam de Vries droech it gedicht ‘Molkwyfke’ foar. Jetze de Vries út Harns brocht syn gedichten ‘Us Mytelân’ en ‘Fjoerdûnsers’. In fragmint dêrút:

der lizze jûnspetearen ûnder tekkens – twa tinne lampionnen – útknipt

foar de nacht , de lêste fakkeltocht troch snie, in glimke noch sichtber fan fier

ferskûle yn dit bûgjend liif in pjut, dy’t as spin oan in trapeze, siket

op triedden dauwiet, rikt, mar net fynt’

Cornelis van der Wal hâldt net fan ynliedings dus dy joech er net by ‘Kristus Pavlov’ en ‘Dat is it Lot’, in gedicht oer de hjerst. Liuwe Westra hat ‘The Fellowship of the Ring’ fan Tolkien oerset yn it Frysk en brocht in gedicht dêrút. It gedicht hat in spesjaal rymskema: trije kear dûbelrym yn fjouwer rigels. It earste kûplet:

Eärendil de farrensman

wie boarger fan Arvernien;

hy boud’ in boat fan timmerhout

yn Nimbrethil om witwer te sjen;

hy weefd’ it seil fan sulver skien,

fan sulver wien’ de lampen smeid;

de boech wie foarme lyk in swan,

ljocht lyk’ it faanguod mei oerklaaid.’

Syds Wiersma brocht in Nederlânske oersetting fan Baby Breeze fan Chet Baker en in Frysk gedicht: ‘Plato’s Grien’. Hein Jaap Hilarides hie al belle dat er letter kaam. Hy moatst út Hollân komme, it slagge him om op tiid binnen te kommen sadat er noch meidwaan koe. Hy brocht ûnder oare de ‘Mondscheinsonate’. Jelle Zwart, de âldste dielnimmer, sleat de jûn ôf mei in gedicht oer it Snitser Simmer Strjitfestival en it fers ‘Hjerstnomaden’. Troch syn namme is er altyd as lêste oan bar, sei er. Piter Boersma betanke de foardragers foar har bydrage en sei alfêst ‘Oant takom jier!’ Dêrnei wie der noch in gesellige neisit. Al mei al wie it in tige slagge gedichtejûn!

Moarn ek in soad foto’s op dizze side!

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail