Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i | 5. Johan fan Hichtum (1639)

logo.ensafh

Ansk en Houk
In Frysk gesprek fan Ansk en Houk, mem en dochter

Fryske gearspraak fan in mem mei har man-sljochte dochter. De dochter hjit Houk, de mem Ansk. Hiel noflik en nijsgjirrich foar fammen en feinten om yn it Frysk te lêzen en te sjongen.

Houk
O leave Heare God, wat sykte soe my deare,
Al flok ik der ek om, hja boaskje allegeare,
Behalve ik, earm faam, is dat net al te sljocht
Dat der net ien feint is dy’t ienris nei my sjocht?
Ik bin lykwols net lelik, en ik bin ek net mismakke.
It is in wûnder spul, ik kin it net yn wurden pakke,
Hoe drôvich as ik bin: as ik yn ’e himel wie!

Ansk
Wat skeelt dy gouden bern? Wat sykhellest sa swier?
Is it dy net goed fergien? Of hast dyn trou ferkwakkele,
My eange it dêr wol foar. Hoe nei hat dealske Jakkele
Dy krige yn syn net? Wat soeste dêr doch dwaan?

Houk
Och mem, wês net sa mâl, soene je my derom slaan?
As ik al boaske hie? Ja sok in mâle blei
Ha jo altyd al west.

Ansk
Sokke praatsjes tsjin my?
Mar skammeste dy net? Betink dat ik dyn mem bin.

Houk
Ja mem, ik bin sa mâl, ik sloech wol op ’e rin,
As der ris in frijer kaam, mocht sa’n kâns my pleagje.

Ansk
No jou ik it oer, mar Houk, wat soest soks weagje,
Do mâle gek, swij stil, it liket nearne nei
Datste dat bedwaan soest, mei in frjemd hjir samar wei.
Hast it, earm dier, sa kwea! Is dyn Houk-holle op ’e doele?

Houk
Ja mem! Jo laitsje derom, ik koe der wol om gûle
Dat ik myn jonge jierren sa mei jo ferslyt.

Ansk
Mar bern! Gûlste dêrom? Ik achtsje it net in skyt!
Lûk it dy net oan, do hast no goede dagen.

Houk
Ja en kweade nachten mem!

Ansk
No, no, droegje dyn eagen.
Mar sis my, leave bern, wa bringt dy dit yn it sin?

Houk
Ja mem, ik bin sa mâl, de holle is op ’e rin!
Nee, it betsjut oars neat, as ik moat in frijer ha.
Hja ha my justerjûn sa berabbe en woene ha,
As ik allinnich âld waard, dan moast ik yn ’e ploech:
Ja, der wie ris in âld faam, it wie wûnder hoe’t se it ferdroech
Dat se net lilker waard. Hja narren faak en folle,
Elkenien hie sa syn wurdsje, hie se koart west foar de holle,
Dan hie it net mooglik west en hiene se har net sa beslein;
De ien sei tsjin de oar, men soe har foar in wein
Of foar in karre sette, lit har sekken lûke,
De oar sei, yn it hea mei har, op in stûke
Of as sjamme yn it koarn, as moskeskrik bedoeld.
Och mem, it muoide my sa, hie der hast om gûld:
Mar ditte wie noch neat. Hja woene har yn ’e finne
Sette as in wriuwpeal dêr’t de kij om rinne.
Dêrom mem, bin ik bang, my sil it ek sa gean.

Ansk
Mar bern, wat praatste sa? Dat soe ik net graach sjen
Dat se dy sa begekje, at se soks dan weagen.

Houk
Mar mem dat is noch neat, al wie it dat je it seagen.
Want hja seine ek noch, dat as ik as frijster stoar
Dan kaam ik yn ’e hel of foar Lusifers doar,
Dêr leit in grutte ghelhûn, dy soe my fersline.

Ansk
Wol bern, wês fol fertrouwen, wy sille rie fine
Dat der in frijer komt, dy´t dy dêrfan ferlost.

Houk
O mem, mocht dat ris barre; wy komme wol oan ’e kost
Al soe ik nachts en deis om jild waskje en skuorje,
Mar mem, hark ris nei my, hoe lang soe it noch duorje
Ear’t der in frijer komt? Ik bin al wol bekwaam.

Ansk
Hoe wit ik dat no krekt? Do bist in seldsum faam,
Mar wachtsje op dyn bar, men moat se earst ferlokje.

In mem en in dochter yn yntym petear, en dochs net swier op de hân! Yn mannich ‘modern’ romantsje komme mem en dochter oan sokke yntime petearen net ta. Skriuwer en haadpersoan achtsje it ûnfatsoenlik, lykas yn Tiny Mulder har roman In moaie leeftyd, dêr’t de petearen tusken mem en dochters nea dizze graad fan yntimens berikke. En dochs is de toan hjir lichter as bygelyks yn niisneamde roman fan Tiny Mulder. It gedicht iepenet mei de klacht fan Houk, wat sykte soe my deare dat der gjin frijers op my ôfkomme. It Midfrysk hat sels ‘wat pokken soene my deare’. Dêrmei wurdt hinte nei de mooglikheid fan geslachtssykten dy’t yn dat tiidrek aardich hûsholden, sûnder dat der remeedzjes wiene lykas no. ‘Pokken’ ferwiist ek nei de sykte fan de ‘Spaanske pokken’, de Midfryske namme foar de skriklike geslachtssykte syfilis. It selsbeklach giet fierder mei ‘Al flok ik der ek om’, en dêrút wurde wy wiis dat ‘pokken’ ek doe as as flok brûkt waard, lykas no noch yn geastallingen lykas ‘pokkewurk’, en al sa. De sykte as flok is kultureel in wiidfiemjend fenomeen. Tink mar oan de moderne flokken lykas: tearing! kanker! En gearstallingen mei dy wurden.

De mem, Ansk, reagearret op it selsbeklach mei fragen. Se neamt har bern ‘gouden’, in Midfryske wjergader foar ús ‘skattebout’. Se freget Houk oft se soms yn de netten fan de duvel rekke is. Foar de duvel is der in mannichte oan wurden, en Jakkele is der ien fan. Yn in achttjinde-ieusk stikje is der in wiersizzer dy’t Maaike Jakkeles hjit, want wiersizzen, dêr sit fansels in duvelsk rookje oan.

De eangst dy’t Houk yn de besnijing hat is in hiel reële Eangst: nammentlik de eangst om oer te bliuwen, om allinnich te bliuwen. Wa kin dy eangst net út eigen ûnderfining? Yn ús tiid is it ommers ek noch altyd in iggewearjen en krewearjen om in relaasje te krijen en te hâlden. Yn dy tiid wie dat allyksa. Boppedat wie de âldfaam, de frijster, sosjaal likemin yn tel as tsjintwurdich. Houk har eangst is oanfitere trochdat se op in brulloft dêr’t se de deis tefoar west hie, pleage is. Se hat heard op hokker ûnminsklik spotske toan der oer âld frijsters praat wurdt. Hjir wurdt de earnst mei koartswyl mongen. De spotters oerdriuwe sa bot dat de lêzer wol glimkje moat om de wrede humor dy’t âld frijsters yn de ploech set, as fûgelskrik op in heaberch sette wol. Tagelyk is de eangst fan Houk reëel. Dy kombinaasje fan humor en serieuze problematyk is in sterk literêr punt fan dizze Midfryske taspraak. Ommers, yn in moderne roman hie Houk har eangst al gau op dreechstinnerige petearen útrûn. It dûbele perspektyf is hjir fan belang. Wy libje mei mei Houk en ha begrutsjen mei har, mar wy laitsje ek wreed mei de spotters mei.

Houk har eangst hat twa fûneminten. De iene is de eangst om sosjaal, as frijster, bûten de maatskippij komme te stean. Mar de oare eangst is de eroatyske need fan in fitale jonge frou. Har mem besiket har moed yn te praten: ‘Mar bern! Gûlste dêrom? Ik achtsje it net in skyt! / Lûk it dy net oan, do hast no goede dagen.’ It bitse antwurd fan Houk is ambigu: ‘Ja en kweade nachten mem!’ Dat slacht net inkeld op it wekker lizzen troch it omstinnen op it probleem, mar ek op de eroatyske iensumens. Dy lêste ynterpretaasje is ek reëel. Der sil fierderop yn it gedicht ek wer nei ferwiisd wurde.

Hoe giet dizze twaspraak fierder? Oare kear mear.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op