Geart Tigchelaar

Stereotype simmer

logo.ensafh

Besprek Simmer oan ’e Pikmar fan Sjieuwe Borger

Nei It ferrin fan de tiid (2005) en Genesis abbekatekantoar (2008) is ferline jier Simmer oan ’e Pikmar fan de skriuwer Sjieuwe Borger ferskynd. De achterflap fan it boek ûnthjit ús in daverjend ferhaal fol mei (relaasje)spanning, turbulint nachtlibben en al sa mear. ‘Want it giet der om wei, dêr oan ’e Pikmar,’ sa is de lêste sin fan de achterflap. It is spitich om fuort al sizze te moatten dat dat allegearre wat tafalt. It boek stiicht net ta oerflakkichheden en stereotypen út.

Sybren Brouwer hat ferkearing mei Matilda, mar dat giet de lêste tiid net sa goed. Se hawwe in time-out en sy is mei Doede nei Toskane. Dat is al wat nuver, mar goed. Lykas sein is Sybren werom yn Grou en dêr komt ek Japkje, dy’t harsels Thérèse neamd, mei guon freonen. Sybren seit faker as ienris dat er Thérèse net ken, mar Japkje wol. Sy wol blykber mei it ferline brekke, krekt Sybren net. Fan te foaren hie Japkje Sybren al ris belle om te hearren hoe’t it mei him giet. Dêr stekt lykwols mear achter, want Japkje hat it net nei ’t sin by har freonen. Gilles is har freon, mar dêr is sa ta ferplichte, sa seit se tsjin Sybren. It is in wat dizenich ferhaal. Op it gymnasium hat se noait nei Sybren omsjoen, en no ynienen sil it dan heve. Is se wier mâl mei Sybren, of is it om’t se in útwei by Gilles wei siket? It wurdt de lêzer net dúdlik. En hoe mâl Sybren is mei Japkje wurdt allikemin dúdlik. Der wurdt hieltyd wol ferteld dat Sybren in eachje op har hie op ’t gymnasium, mar it bliuwt by dat fertellen. It komt net oan. Ek wannear’t Japkje dan wat yn him sjocht, bliuwt it allegearre kâld en twiveleftich. Op in stuit komt Japkje by Sybren yn de Mjitte, dêr’t hy ober is. Se siket har heil by him, om’t de sfear by har ‘freonen’ finaal bedoarn is. Japkje soe harren fakânsje bedjerre, sa is har sizzen. Sybren syn ‘kâlde’ replyk is: ‘ “It giet my net oan, ik sil harren bestelling bringe,” sei Sybren, “ik bin sa werom.” ’ (side 72). Wêrom giet dat him net oan? As er om har jout sa’t de lêzer leauwe moatte soe, dan giet it him dochs just ál oan. Fierderop komt dat noch sterker ta utering. Hja hawwe in wylde nacht hân tegearre en de moarns dogge se dat noch lichtsjes oer. ‘Doe kaam de einichste relativearring fansels en sûnder erch yn him op: dit wie net oars as mei Matilde, wat wie no it ferskil?’ (side 103). Neat gjin romantyk of ekstaze dat er har einlings, nei al dy jierren, hat. Fansels, it kin ôffalle, mar dêrtroch leaut de lêzer domwei net dat er earder sa fereale op har wie.

It apart is dat nei dy sêne ynienen it fertelperpektyf oergiet fan Sybren nei Japkje. It is dúdlik dat it yn alle gefallen Japkje ôffalt, Sybren liket net sa oars as op it gymnasium. Dat lêste hie se har blykber oars foarsteld. Dêrnei wurdt Japkje ek wer sinjalearre op de Argo, it jacht dêr’t har freoneploech mei nei Grou kommen is. Dy switch hat te krijen mei it feit dat Sybren op in stuit syn geduld ferliest en út ’e bân springt. Lykwols jout Japkje har té maklik by de sitewaasje del, of wie it foar har op foarhân al in spultsje? Aardich is hoe’t beide personaazjes inoar eins brûke.

Fierders bliuwt it ferhaal bot hingjen yn stereotypen. De jongerein is finaal losslein fan god en gebod. Se sûpe en neuke by de klippen op. Sybren hoecht mar ien kear mei syn maat Ljudger mei te gean nei twa fammen of dy wolle him fuort al pakke. ‘ “Ik wol moarn yn dyn earms wekker wurde,” sei Brechtsje longerjend en se riek har út, as kaam se der krekt ôf, har boarsten sieten yn de knipe yn ’t lytse truike.’ (side 57). En as it net wol, is it blykber hiel gewoan om daliks jinssels mar helpe te litten: ‘Op it lêst haw ik my helpe litten oan myn flues, in hymenektomy, se hawwe de boel ferbrede.’ En as der net neukt wurdt, dan sitte se ta de nacht út yn ’e kroech.

Dêrmei is it almeast in boek foar de (âldere) jongerein, sa liket it. Dat is moai, want datsoarte boeken binne der yn it Frysk net in oeribelen soad. It hie dan noch moaier west as dat kwa foarmjouwing mear toand hie. It omkaft is my raar ôffallen. Der prykje semy-sierlike giele letters op de foarkant wat o sa kitscherich oandocht. De foto dy’t der op stiet is nochris ûnskerp. Dat is in miste kâns, want it omslach wurdt earst sjoen. Ek de taal is net alhiel oanpast oan de jongerein. De personaazjes hawwe it like maklik oer ‘jitris’, ‘earne’ en ‘nearne’. Dat is moaie taal foar de âlderein, mar dêr lûkt men gjin nij publyk mei. De skriuwer hat dat mei opset sin dien (sjoch it fraachpetear fan Hedwig Terpstra mei Borger) en dat is tige legitym. Lykwols is it net passend by it soarte fan boek. Hie alteast de personaazjes dat net sizze litten, mar it brûkt as ferteller.

Der sitte genôch eleminten yn it boek dy’t in soad spanning en lêswille opsmite kinne. Seks, geweld, drank, yntriges en neam mar op. It liket der al mei al op dat de skriuwer wis wol in ferhaal yn ’e holle hân hat dêr’t er in soad eleminten yn behelje kinnen hie. De karakters binne te min útwurke, troch de kontinuë sûperij en seks wurdt it ferhaal eins ientoanich en de klû fan it ferhaal (de dea fan buorfrou X) is dan wol moai ferrassend, mar dat kin dit boek net rêde.

Sjieuwe Borger
Simmer oan ’e Pikmar
Hispel, Wiuwert 2011
ISBN: 978-90-74516-00-6
Ferkeappriis: € 16,50

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail