André Looijenga

Berneboeken, blinder!

logo.ensafh

Tiisdeitejûn wie ik yn Drachten, yn it boppesealtsje fan de ‘Belibbibleteek’ (of hoe’t se dêr dy ynstelling ek neame). Hawar, dêr haw ik in bêste Sirkwy-lêzing beharke fan Sigrid Kingma. Hja hold in besteklik en ynspirearjend ferhaal oer it Fryske berneboek yn de lêste foech tweintich jier. Hja joech in moai oersjoch fan wat der allegear wol net bart en útkomt oan Fryske berneboekeskriuwerij, statistysk kreas ûndersifere. De ynhâldlike trends yn dit ferskaat oan boeken (wy hawwe it dan oer hast fiifhûndert!) hie se it net in soad oer. Wol oer hoe’t Fryske berneboeken (al as net) bý Fryske bern komme. En oer hoe’t dy bern oansjogge tsjin de boeken dy’t hja yn it Frysk lêze kinne (soene).

Sigrid hie (mei help fan stúdzjegenoate Nienke Jet de Vries) dêrta ûndersyk dien op fiif basisskoallen yn en om Drachten. Bern út groep 7 en 8 hawwe hja befraachpetearre oer it lêzen fan Fryske boeken. Bysûndere útkomsten: dizze skoalbern út Drachten, Earnewâld, de Harkema en Koatstertille hawwe folle mear nocht oan lêzen, en sels oan Frysk lêzen, as guon kultuerpessimisten ornaris ha wolle!

Hjir sil ik no fierders net oer útweidzje. Sigrid har artikel lêze jim skylk fansels yn nû. 2 fan Ensafh, jim favorite iennichste Frysk literêr tydskrift! It komt út yn april. Ik hoopje dat guon fan har grafykjes ek dêryn ôfprinte wurde.

Krityk mijde Sigrid net, en oanbefellings die se by it soad. Nammerste spitiger dat útjouwers (Afûk! Bornmeer!) en provinsje juster skitteren troch ôfwêzigens. Foar in publyk fan skriuwers, bibleteeklju, famylje en freonen bleau de Sirkwy-lêzing dêrtroch dochs wat in preekjen foar eigen tsjerspel. De subsidiearring en de promoasje fan it Fryske berneboek naam Sigrid it ‘establishment’ goed oer op it harspit.

Hoe âlder de bern, hoe minder Fryske boeken der foar har binne. Boppedat is der te min bining tusken it útjaan fan berneboeken en it primêr ûnderwiis. Provinsjaal subsidiearre berneboeken, seker dy foar bern dy’t yntusken séls lêze kinne, moatte folle mear de skoalbibleteken yn, blikstjinder!

Merakels wie Sigrid har idee fan Fryske ‘Jonge Lijsters’. Sóks soe pas Fryske lêsbefoardering wêze: alle jierren fia skoalbern in pakket Fryske jongereinboeken op har nivo bestelle litte. Alle jierren in seleksje fan, sis, trije kreas werútjûne goede lêsboeken op nivo A en trije op nivo B. Skylk hooplik ek op it dregere nivo C (mar yn dy kategory binne eins noch te min Fryske jongereinboeken ferskynd). Foarútbesteld, om en by €12 it pakket, en printe ‘on demand’. Pakst it goed oan, dan kinst tûzenen fan dy boekepakketsjes oan Fryske skoalbern en har âlden slite!

Fryske ‘Lijsters’ liket it Frysk my hûndertris mear ferlet fan te hawwen as fan Willem Verf syn ôfwaaide idee om in ‘brede maatskiplike diskusje’ en in referindum te hâlden oer de takomst fan ús taal. It oardel miljoen mienskipsjild dat Verf dêrfoar hawwe wol, soe ik fuortdaalks foar sa’n lêsboekeprojekt ornearje.

Kinst der mismoedich fan wurde. Ynstitusjonele útjouwer Afûk is njonkenlytsen monopolist yn berneboeken, mar spilet leaver op safe mei printeboeken as dat der lêsboeken útkomme foar wat âldere jongerein. Om oer oersettings fan bestsellers (J.K. Rowling, Tolkien…) mar te swijen. De ‘kommersjele’ útjouwers rispje graach subsydzje, mar litte berne- en jongereinboeken hieltyd mear fersleaukje. Boeken wurde printe, in stikmannich wurdt yn de winkel ferkocht, de rest leit yn de opslach. Dêrnei sille se wol ferramsjke wurde, of fuortsmiten, of slimmer. Berneboeken (gauris fan goede kwaliteit en goed subsidiearre) yn de papierfersnipperder – it soe as misdie tsjin de minskheid jilde moatte. Hee, Bornmeer en konsorten, helje de oerstallige foarrie út de loads, jou de mei mienskipsjild betelle berneboeken mar werom oan de provinsje. Dy moatte dan mar in amtner yn in buske de Fryske basisskoallen delride litte, dat it Fryske bernelêsboek einlings by de bern bedarret.