Cornelis van der Wal

Brún, blank en swart

logo.ensafh

Ik haw grutte bewûndering foar Eeltsje Hettinga. Hoe no? Ik sil it besykje út te lizzen.
Okkerdeis ferskynde by de lytse útjouwerij Perio in pamflet fan Hettinga syn hân, mei as titel De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018. Yn dat pamflet wurde sawol it rapport Fan de minsken en de grûn as de notysje Nocht oan de takomst fan kritysk kommentaar foarsjoen.

Ik fyn it in moai, striidber wurd, ‘pamflet’, de Wikipedia seit dit der fan: ‘In pamflet, ek wol manifest neamd, is in geskrift, trochgeans yn printe foarm, mei in aktuele ynhâld of strekking.’ It hat ek wat âlderwetsk, ommers, hoefolle pamfletten sjogge jo hjoed de dei noch?

Hans van der Heijde skreau it foaropwurd. No is dat, wat my oanbelanget, gjin oanrikkemandaasje. Ik haw ea ris besocht syn boek De Republyk te lêzen, mar it is wol sa beroerd skreaun, dat ik haw it oan kant mitere, ik haw wol wat betters te dwaan. En fierders stiet my noch syn optreden op it yn 2010, û.o. troch Hettinga, tige amateuristysk organisearre alternative Boekefeest, it Boekebol foar eagen. Van der Heijde lies doe foar út De Republyk, hy stammere der mar mâl yn om en boppedat duorre it yn myn belibbing wol mear as in kertier. In streekrjochte oanfluiting.

Oant safier it foaropwurd. Yn it pamflet sels konstatearret Eeltsje Hettinga û.o.: ‘Hiele lappen tekst yn Fan de minsken en de grûnbinne, sûnder boarnefermelding, hast letterlik oernommen út P.J.Meertens syn yn 1938 (!) ferskynde boek De Nederlandsche volkskarakters ‘. It giet dan bygelyks om teksten as: ‘De Fries kan ook stug overkomen en eigenzinnig zijn …’ En gean sa mar troch. Goed dat Hettinga soks sinjalearre hat. Ek yn dizze tiid fansampling en digitale piraterij is it samar oernimmen fan teksten, en dan krekt dwaan as hawwe jo it sels betocht, not done. Ik bin sels ek gjin leafhawwer fan stereotypen, lykas ‘de nuchtere Fries’. Ik nim der noch ien.

Hettinga en Van der Heijde fleane lykwols finaal út de bocht wannear’t se de skriuwers fan dit rapport fan Blut und Bodensympatyen en folksnasjonalisme beskuldigje. Dat is sjitten mei in kanon op in mikrobe.

Op side 31 stiet in hiele aparte passaazje (kursivearring cvdw): ‘De koöperaasje 2018 is, ôfgeand op de ûndertekeners fan de notysje, sablank as de dunen by Appelskea, gjin bûtenlanner yn te bekennen.’ Wat, as der no bygelyks stien hie: ‘De koöperaasje 2018 is, ôfgeand op de ûndertekeners fan de notysje, sa swart as de koaleminen fan Nigeria, gjin Fries te bekennen.’ Ja, wat dan? Dan hiene de rapen gear west. It komt lykwols op itselde del. Mar ik wol fansels hielendal neat suggerearje, ik soe net doare.

Mar dochs haw ik grutte bewûndering foar Eeltsje Hettinga. Want hy hat blykber dy rapporten lêzen. Dat fyn ik in prestaasje fan formaat. Ik haw it sels ek besocht, mar bin folslein allergysk foar sinnen as: ‘Het behoort bij de methodiek van transitiemagement om eerst tot een gedeelde probleemstelling te komen.’ En ‘de krêft fan it lytse tinken hawwe de identiteit fan de bewenners mei foarme.’It lytse tinken, ja, wier, it stiet der… As ik soks lês, dan heakje ik ôf.

Al mei al is it in hiel aardich boekje wurden, ik moast der betiden smaaklik om gnize. Hettinga kaam wat oandacht tekoart, dat is hjirby regele! Graach dien.