Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Nyk de Vries

logo.ensafh

Nyk de Vries (1971) hold tiisdei 27 febrewaris de lêzing ‘Raffelich realisme’ yn de biblioteek fan Snits. Dit wie de lêste lêzing yn it ramt fan de Literêre Fjouwerstêdetocht, dêr’t ek André Looijenga, Greet Andringa en Sigrid Kingma oan meidienen. Nyk is oarspronklik ôfkomstich út Noardburgum en wennet no mei syn freondinne en pasberne soantsje Rijk Fokke (17 jannewaris 2012) yn Amsterdam. Hy hat krekt in nije Nederlânsktalich bondel út: ‘De dingen gebeuren omdat ze rijmen’. Earder skreau er de roman ‘Rezineknyn’, de bondel ‘Motorman’ en de roman ‘Prospero’. Hy skriuwt proazagedichten en publisearret dy geregeld by ensafh. Nyk skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk.

Wêr gong de lêzing ‘Raffelich realisme’ oer?
Nyk: ‘De lêzing gong oer De Blauwe Fedde, in selsmakke Frysktalich tydskrift dat oprjochte is troch Meindert Talma en my yn 1996. Yn dy tiid studearren wy beide yn Grins. We hienen in orgaan nedich om ús skriuwsels de wrâld yn te krijen. Meindert en ik lieten al geregeld wurk oanïnoar lêze. Mei ús beiden skreaunen we sa’n sechtjin bledsjes fol en kopiearren dy sa’n tweintich kear foar ús abonnees. We publisearren ús eigen ferhalen yn it blêd en dêrneist holden we fraachpetearen mei ferskate Fryske dichters en skriuwers, sa as Rink van der Velde, en oare bekende Friezen lykas Klaas Bruinsma, Simone Scheffer en meunsterboer Sibbele Hietkamp út Kollumersweach. Ek oare skriuwers publisearren yn De Blauwe Fedde, lykas Albertina Soepboer, Tsead Bruinja en Elmar Kuiper. Dirk van der Veen en Sjieuwe Borger ha har ferhaal ‘Modesta’ as in feuilleton publisearre yn it blêd. Us lêzers wennen yn Grins en Ljouwert en om jild út te sparjen brochten we it blêd op ’e fyts by ús abonnees, Meindert yn Grins en ik yn Ljouwert. Geandewei krigen we mear abonnees en kamen der ek mear nûmers út it kopiearapparaat rôljen. De fraachpetearen duorren soms wol fiif oeren, we namen dy op op kassettebantsjes en wy typten dy hielendal út sadat se yntegraal opnommen wurde koenen yn it blêd. Alles waard dien neffens it ‘do it yourself’-prinsipe. Utjouwerij Bornmeer advertearre yn De Blauwe Fedde. It krantsje koste f 1,50 it nûmer.

Us doel wie net om in soad jild te fertsjinjen, mar gewoanwei om in moai krantsje te meitsjen, mei wurk dat we sels ek graach lêze mochten. Om’t we op in bepaald momint in soad fraachpetearen dien hiene krigen we it plan foar it útjaan fan in sammelboek. It Blauwe Feddeboek is yn 2001 útkaam by de Friese Pers Boekerij en de presintaasje fûn plak yn Kollumersweach. Alle ynterviewklanten wiene dêrby oanwêzich en Sibbele Hietkamp naam it earste eksimplaar yn ûntfangst. Dy presintaasjejûn wie in grut sukses. Yn de tiid fan De Blauwe Fedde kamen ek myn roman ‘Rezineknyn’ en letter myn bondel ‘Motorman’ út. Albertina Soepboer neamde it wurk fan skriuwers út it Blauwe Fedde-fermidden en dat fan tiidgenoaten in foarm fan ‘raffelich realisme’, der’t se mei doelde op it ûntbrekken fan dúdlike doelen en idealen. Alpita de Jong neamde it ‘It giet sa’t it giet-proaza’ en dêrmei referearre se oan de libbensoertsjûging dy’t ús generaasje kenmerkte: it giet nergens hinne. Of sa’t Meindert syn heit in kear sei: ‘It hat gjin strekking’. Nijsgjirrige fraach is yn hoefier it skriuwen mei dizze toan en ynhâld libbensfetber is, foaral mei it each op it lêspublyk dat hieltyd lytser wurdt foar disoart wurk. It is júst de keunst om dat lytse publyk te finen, is myn miening. Dêryn moast kreatyf wêze. In foarbyld dêrfan it crowd funding, mei in ploech minsken jild byïnoar bringe foar in produksje sadat de kosten derút binne. Dan hast ek fuort it goede publyk te pakken. We binne begûn mei it blêd yn it Frysk omdat we yn Grins in protte freonen en bekenden om ús hinne hienen dy’t ek út Fryslân kamen, it saneamde ‘Fryske klupke’. We hienen lykwols ek abonnees ûnder Friezen om utens yn de Rânestêd. Nei de presintaasje fan it Blauwe Feddeboek gong it hurd minder mei it blêd: dêrnei ferskynden noch trije nûmers. It lêste nûmer kaam út yn juny fan 2002.’



Hoe soe dat lytse publyk neffens dy fûn wurde kinne?Is in fisy dochs needsaaklik?

‘Dat is net sa maklik fansels. Ien fan ’e manieren is om te besykjen in protte op te treden. En as it publyk dan fia Facebook of sa wer op syk giet nei it wurk, dan boust stadichoan in bytsje in ploechje fan leafhawwers op. Mar dat is mar ien fan ’e manieren. Ik bin der noch oer oan it neitinken. Sa’t ik yn ’e lêzing neam, kaam dat nei oanlieding fan in petear dat ik ris hie mei Hylke Speerstra dy’t altyd hiel sekuer sjoen hat hoe’t er syn boeken by it publyk bringe moat. Ik tocht, dêr kin de jongere garde wat fan leare.’

Do skriuwst yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Dochst dat bewust?
‘Ik doch dat yndie bewust, want ik kin op dy wize in breder publyk berikke. Ik soms earst yn it Nederlânsk en set it dan letter oer yn it Frysk, mar ik doch it likegoed oarsom. Mei Nederlânsktalich wurk kin ik mear optrede, foar my is dat in wichtige ynkomsteboarne. Ik sjoch it Frysk wol as in aparte taal, dat is ek de reden wêrom’t ik der yn de jierren njoggentich yn begûn bin te skriuwen; kinst dy dêrmei ûnderskiede. Ik treed bûten Fryslân ek wol yn Amsterdam, Grins of Utert op. Gemiddeld draach ik sa’n trije, fjouwer kear yn de moanne foar út myn wurk. Ik fernim dat Hollanners it Frysk wol moai fine om te hearren, gedichten kinst prima yn it Frysk foardrage, mar mei proaza wurdt it lestiger. Ik draach wolris foar yn it programma ‘Kunststof’ fan Frenk van der Linden op Radio 1 en doch dat op fersyk ek yn it Frysk. Myn proazagedichten binne ek oerset yn it Dútsk, Ingelsk en Spaansk. Ik ha in pear jier lyn in Spaanske kursus folge. Earder gong ik geregeld nei Madrid, doe’t dêr noch in maat fan my wenne en ik ha dêr ek optreden. Fan it gedicht ‘Motorman’ is ek in ferzje yn it Chichewa, de taal dy’t se prate yn Malawi. In freon fan my wenne dêr nammentlik omdat syn frou tropedokter is. Yn 2008 ha ik in pear moanne by harren wenne. Doe ha ik dat gedicht ek foardroegen yn it Chichewa.’

Bambo wa njinga ya moto* (Motorman)

Amakonda kuzungulira ndi njinga yake ya moto, ine sindimadziwa kuti chikunchitikira nchiyani m’maganizo ake.

Tsiku lina ndina mutsatira kukanyumba yake ku M’khalango.

Ndinayenda mpaka pakanyumbapo ndikukakha, chitseko chake nkutsekula.

Nditatsekula ndinawona m’bambo wa njinga yamoto uja atagona chafufumimba pamitengo pansi.

Anadzidzimuka ndikuyimilira akundi yan’ganitsitsa mwachidwi ndi nkhope yodabwa.

Ndinkafuna kulankhula naye koma ndisanatelo bambo wa njinga ya motoyo anasowa osabwerelanso.

Ndinalowa m’nyumbamo momwe ndinakhazikika kwa zaka makumi awiri.

Mawuwa ndiwowonadi: Nyumba yatsopano ndiyabwino kusiyana ndiyakale.

Oersetting: Tosh Malunga, Senga Bay

Motorman
Hy ried mar om op syn motorfyts en noait wist ik wat him troch de holle spile. Op in dei folge ik him nei syn hutte yn ’e bosk. Ik rûn op it hokje ta en treau de doar mei kracht iepen. Foar my lei langút achteroer op ‘e houten flier de motorman. Hy seach op, kaam stadich oerein en stoarre my oan mei frjemd read gesicht. Ik woe wat sizze, mar foar’t ik dêrta komme koe, ferdwûn de motorman sûnder oait werom te kearen. Ik naam myn yntrek yn it hûske en wenne dêr úteinlik goed twintich jier. It is wier wat se sizze: elk nij hûs moat better wêze as it foarige.

‘Yn 2010 ha ik op Poetry International yn Rotterdam optreden en ik ha dêr in soad bûtenlânske kontakten oan oerholden. Ik ha ek yn Amearika, Ierlân en Dútslân optreden. It moaie fan de sosjale media is datst optredens oankundigje kinst oan in selekt publyk, wêrfan’st wis bist dat se wol ynteressearre binne. Yn it bûtenlân draach ik ek wol Frysktalich wurk foar. Dat wurdt altyd wol tige wurdearre, fernim ik, omdat minsken de klank fan it Frysk moai fine.’

Wat kinst fertelle oer dyn eardere wurk?
‘Myn roman ‘Rezineknyn’ spilet him ôf yn de omjouwing dêr’t ik opgroeid bin, dus Noardburgum en omkriten en giet oer it libben fan in middelbere skoaljonge yn de jierren tachtich. ‘Motorman’ is in bondel fan proazagedichten, ultrakoarte ferhalen. Myn proazagedichten binne frijwat surrealistysk en absurd. Myn roman ‘Prospero, in simmerskiednis’ is realistysker, mar it siket inoar wol op. Dat boek is útkaam yn de rige ‘Fryske Modernen’. It giet oer in jonge muzikant Marco Vandaan, dy’t in bytsje op in dea spoar sit. Syn karriêre sit yn it slop en de ferkearing is út. Hy siket in útflecht yn ’e Spaanske heechlannen, by Prospero, in wetterkundich projekt dat wurk biedt oan in ploech studinten en oare jongeren. Marco giet folslein op yn ’e ploech mei syn yntriizjes en leafdesperikelen, en it wurk yn ‘e smoarende hjitte. Hjir wurdt him sa’t liket in kâns bean om oan syn deistige libben te ûntflechtsjen. De ûnderlaach fan myn boeken is autobiografysk, mar der sit ek in soad fiksje yn.’

Wêr bist op it momint mei dwaande?
Nyk: ‘Myn bondel ‘De dingen gebeuren omdat ze rijmen’ is krekt ferskynd. Dat is in ferfolch op myn earste bondel ‘Motorman’. Guon fan de gedichten út it nije boek ha ik ek yn it Frysk oerset en in part dêrfan is publisearre by ensafh. Ut en troch draach ik gedichten foar op Radio 1 yn it programma ‘Instituut Idzerda’ fan de VPRO op sneintejûn tusken 18.00 en 19.00 oere. It soe moai wêze om in soartegelyk hoekje te hawwen by Omrop Fryslân, lykas yn it programma ‘Buro de Vries’, dêr moat ik it noch marris mei se oer ha. Ek publisearje ik yn it nije literêre tydskrift ‘Das Magazin’ . Ik bin krekt heit wurden en draai de nachttsjinsten. Dat betsjut dat ik ek in soad nachts oan it wurk bin en noch sit te mailen. Myn freondinne is audiokeunstneres. Mei har ha ik faak petearen oer de keunst en it finen fan it júste publyk. Myn ynset is om fan it skriuwen te bestean, en dat slagget gelokkich al aardich wat jierren.

In nijtsje is dat ik nominearre bin foar de Kultuerpriis fan Tytsjerksteradiel, tegearre mei fotograaf Dolph Kessler. Yn april wurdt de winner bekend makke. Ik bin no al in skoft dwaande mei in nije roman. Dy giet oer myn ferline, ek oer ús heit. Myn âlden libje beide net mear. It boek sil yn it Frysk en yn it Nederlânsk ferskine by respektivelik de Friese Pers Boekerij en de Arbeiderspers. Ik meitsje ek muzikale ferzjes fan myn gedichten en bin op it stuit dwaande mei it gearstallen fan in nije CD. Ik bin al in aardich skoftke dermei oan ‘e gong, yn gearwurking mei oare muzikanten, lykas Fokke van der Veen, âld-gitarist fan de new wave-band The Amp, dêr’t ik ek by spile. Yn 1995 binne we opholden mei The Amp. Ik ha ek fan 1996 oant 2009 gitaarspile by Meindert Talma en the Negroes. It lêste projekt dêr’t ik by belutsen wie, wie ‘Tamango’, in grut projekt mei strikers en sjongers, dêr’t ek in film by makke is. Solo bin ik dus noch wol mei muzyk dwaande. Optrede doch ik meast allinnich, mar soms ek mei oare muzikanten. Sa kinst de bôge wat langer meitsje en kin ik mear ôfwikseling bringe yn myn optredens. Ik wol dêrby ek mear byld brûke. De filmkes set ik op Youtube. Dat fyn ik in moaie manier om myn wurk de wrâld yn te bringen.’

Pantheon


Harkema

Hast noch kontakt mei Meindert Talma?
‘Ja, we komme noch geregeld byïnoar mei it ploechje Grinzers fan eartiids. Dit jier komt in boek út fan de stifting Hobbyrock, dêr’t we al sûnt 1995 by belutsen binne. It boek hjit: ‘De grote Hobbyrock encyclopedie’ en giet oer alles dat ús ynteressearret. It earste diel beslacht de letters a, b en c. Ik tink dat we tsjin de tiid dat it diel x, y, z útkomt we yn it âldereintehús sitte. It boek wurdt ryk yllustrearre. It komt noch foar de simmer út en de presintaasje sil yn Grins plakfine. Oer in comeback fan De Blauwe Fedde ha we it noch net hân, mar neat is fansels ûnmooglik.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail