Cornelis van der Wal

Skurve Barbaren

logo.ensafh

Reisferhalen binne saai. Fakânsjefoto’s binne stomferfelend. Ik bedoel mar, elke boerehufter reizget tsjintwurdich in ein yn ‘e rûnte, dêr sit gjin sprút aventoer mear by.

Jo favorite kollumnist hat ferline wike ek in pear dagen bûten de grinzen fan ús dierber Keninkryk omspaand. Ek hjir wie it aventoer fier te sykjen, ik hie in organisearre busreis nei Praach boekt. Mei gidsen en sa. Mei in bussjauffeur dy’t mient dat er grappige ferhaaltsjes fertelt. Mei Gert en Hermien út de lûdsprekkers ûnderweis.

Dochs haw ik my skoan fermakke, ik trof in twatal… Nee, lit ik net al te privee wurde, litte der geheimen bliuwe. Ik leverje details op oanfraach.

Praach is prachtich. Dat alliterearret. Twa dagen is te koart foar in leafhawwer fan kultuer. Ik kaam bygelyks net ta oan in útstalling fan de kranksinnige skilder Wölfli, hie ek gjin tiid om in konsert by te wenjen. Ik trof in oerweldigjend oanbod wat muzyk, literatuer en byldzjende keunst oanbelanget. Praach koesteret syn kultuer. Dat alliterearret.

Doe’t ik hast wer thús yn Snits wie, moast ik noch trije kertier wachtsje op ien fan de meast desolate plakken fan dizze ierde, it sigerige, suterige busstasjon fan It Hearrenfean. Dêr, yn ’e kjeld, siet ik wat te blêdzjen op myn snoadfoan, de Fryske bloggers bydel. Ik lies in stikje fan in eardere Gysbert Japicxpriis-winner, dy’t pleite foar it opheffen fan de subsydzje foar in Frysktalich literêr tydskrift. Ha!, sa tocht ik, in freon fan Halbe, om mar gjin slimmere nammen út it ferline te neamen.

Dêr siet ik, op in skurf bankje, weromkommer yn in Heitelân fol rankuneuze barbaren. Kultuerskok? Hoesa?