André Looijenga

Kulturele Haadstêd: it echte ferhaal

logo.ensafh

Der binne krinkjespuiers, en der binne jittikmigers, en der binne dy’t gewoan nocht hawwe oan ûnnocht. Mar it idee om Ljouwert yn 2018 ‘Kulturele Haadstêd fan Europa’ wurde te litten is op himsels dochs prachtich. Ljouwert, en Fryslân, ris in kear goed ynternasjonaal ûnder de oandacht te bringen… Ris in kear? As European Capital of Culture binne jo fersekere fan in desennium lang Europa-wide exposure. Ljouwert en Fryslân wurde sa einlings wer yntekene op de mentale kaart fan Europa!

Fearten, kanalen en grêften kronkelje har in wei, út alle hoeken fan Fryslân, de stêd Ljouwert yn. De ien sjocht faaks earder de brêgen dy’t simmerdeis hieltyd iepen stean, mar dizze wetterwegen binne tagelyk ieren dy’t stêd en plattelân ferbine. Potmarge en Dokkumer Ie binne griene bannen tusken wetterlân en binnenstêd, tusken Ljouwert en de doarpen, tusken no en eartiids.

Ljouwert is in stêd fan taalferskaat. Al ieuwen in stêd fan ymmigranten en emigranten, in stêd fan kânsen en fan gloppen. Rin de freedsmerk oer en de Foarstreek del en hear de minsken praten: Frysk en Nederlânsk fansels, en Liwwadders, mar ek Dútsk, Papiamento, Poalsk, Ingelsk, Yndonesysk en Sineesk…

De eigen pôle en de wrâld, dêr giet it om! Ljouwert en Fryslân hawwe de rest fan Europa wat sjen te litten en te sizzen. Wat by ús gewoan skynt, is op oare plakken bysûnder. Witte litte dat wy der binne: allinnich dêrom al is it goed en doch mei oan dizze wedstriid.

It is in wedstriid om út namme fan Nederlân ‘Kulturele Haadstêd’ te wurden. In kompetysje fan fiif stêden, wêrfan’t ein dit jier in ynternasjonale sjuery twa útkiest dy’t harren plannen fierder útwurkje meie.

Wis wier, ús konkurrinten hawwe moaiere websiden, rommere budzjetten en glêdere praatsjes. Guon jutte de boel fêst op troch nó al in ‘bidbook’ foar te lizzen (wat fan ’t hjerst pas ôf hoecht). Maastricht pronket alfêst mei oarmans fearren, troch klam te lizzen op gearwurking mei de (oer alle boegen folle nijsgjirrigere!) buorstêden Aken en Luik. Yn de Rânestêd wolle Utert en De Haach it pleit winne meidat se dochs altyd al de (kulturele) haadstêden fan Nederlân binne… Allinne dát al makket har kânsen dêr eins lytser op foar in krityske útlânske sjuery oer.

Ljouwert is de outsider yn dizze kompetysje. En krekt dý rol passet Ljouwert as gjin oar. It giet net om fluenske marketing, mar om it echte ferhaal.

It is útsoarte dúdlik dat it net ínkeld oer teaters, keunstútstallings en in kreaze binnenstêd giet by in Europeeske Kulturele Haadstêd. Op dy mêden docht Ljouwert as middelgrutte stêd oars hiel bêst mei. Stêden dy’t de lêste jierren útkard binne, hawwe allegearre ynset op it ekstra dat se bydrage oan bredere Europeeske diskusjes. Níje diskusjes, as it heal kin. Ferhalen dy’t der echt ta dogge.

De Kulturele Haadstêden fan 2016 wurde San Sebastián en Wrocław (Breslau). De Basken sette as tema yn op it oerwinnen fan in resint ferline fan terroristysk geweld. Yn Wrocław wolle se de skientme weromfine yn in stêd dy’t yn 1945 har ferline kwytrekke en dêr’t de lêste tweintich jier foaral materialistysk omtinken west hat foar wurk en jild. Foar Umeå (2014), it Sweedske Ljouwert heech yn it noarden, giet it om Sami identiteit neist in moderne stêd te wêzen by de poalsirkel. Plzeň (Pilsen, 2015) brûkt har wrâldwide assosjaasje mei bier as oansetsje om it te hawwen oer iepenheid en transparânsje. Yn datselde jier hat Mons (Bergen) it grien ombûgjen fan in fertutearze yndustryregio as haadtema. It Deenske Sønderborg kandidearret foar 2017 selsbewust as in lytse stêd oan de grins, dy’t út har perifery yn Denemarken hinnestapt Europa yn.

Umeå, Mons, Plzeň, Wrocław, Donostia/San Sebastián… hokker stêd passet der better by yn dit rychje: Utert of Ljouwert?

Wat makket Ljouwert bysûnder yn Europa? De Koöperaasjegroep fan Ljouwert 2018, dêr’t ik ek by belutsen bin, besiket dat yngeand yn plannen te sketsen. Fiifentweintich projekten wurde de kearn fan wat Ljouwert 2018 wêze moat. No oktober sil it presintearre wurde. Dát is it bidbook dat de ynternasjonale sjuery ferrifelje en oertsjûgje moat.

It ferhaal dat Ljouwert de sjuery fertelle wol, sil gean oer wetter, oer tradysjes fan mienskip en dwersigens, oer fuortgean (braindrain) en (werom)komme, oer meartaligens.

Ljouwert is in stêd op terpen yn in leech en wiet lân. Foar ús klisjee, mar foar bûtenlanners nét: sûnt it earste begjin ôf fjochtet Ljouwert mei it wetter wylst de stêd der ek net sûnder kin. Sleatten binne der om oerhinne te ljeppen. In barte wolle wy lizze tusken de eigen pôle en de wrâld. Foar ‘Liwwadditúde’ (om su te sêgen) moatte wy ús net skamje, noch foar Fryske eigenheden (wat dy ek wêze meie), mar se júst as ús krêft sjen. Ljouwert is lykwols ek in rûge stêd, mei grêften as sosjaal-ekonomyske barriêres: Nederlân yn it lyts. Brêgen is tige ferlet fan. Ljouwert is Huzum, en Himpens, mar ek Heechterp.

En Ljouwert is in Fryske stêd. Yn de sechtjinde ieu wiene wy hjir al meartalich. Ljouwert is wenplak fan tsientûzenen Fryskpraters en haadstêd fan hûnderttûzenen dêromhinne. As Ljouwert foarút wol, en bysûnder wêze wol yn in Europeesk ramt, moat de stêd folle mear dwaan mei it Frysk. Mei moaie nije boeken, performance fan en petearen oer taal, én it Frysk folle mear yn de publike romte. Yn 2018 moatst yn Ljouwert de Fryske taal echt sjen, heare, fiele kinne.

Ljouwert is in Europeeske stêd mei in echt ferhaal. In ferhaal út in regio dy’t binnen Nederlân oergjalpe rekket, mar rûnom yn Europa harkers fine sil, wannear’t wy de kâns gripe om it te fertellen. Mei grutte en mei lytse wurden.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail