Nominaasjes Fedde Schurerpriis bekendmakke

logo.ensafh

Sûnt fan ‘e moarn is de website www.fedde2012.nl iepensteld. It Fryske lêzerspublyk kin op dy site syn favoryt oanwize foar de Fedde Schurerpublykspriis. Yn it nijste nûmer fan algemien-kultureel opinyblêd De Moanne, dat hjoed ferskynt, is in shortlist bekendmakke fan fiif titels dêr’t út keazen wurde kin. De shortlist is opsteld troch in kommisje, dy’t Deputearre Steaten ek in advys jout foar de Fedde Schurerpriis. Sawol dizze sjuerypriis as de publykspriis wurdt om de trije jier troch de Provinsje Fryslân útrikt foar it bêste Fryske debút of debút yn in nij sjenre. De prizen bedrage €2000 elk.

De fiif nominearre titels binne:

1. De oerwinnings fan Tido Houtsma – Thys Wadman Ferhalen foar bern fan groep 7/8 en de brêgeklasse

2. Fan glês it brekken – Elske Kampen Gedichten

3. Fol túch de mist yn – Hidde Boersma Ferhalen

4. Gerben Rypma. De keunstner fan it dûbele krús – Eeltsje Hettinga Monografy

5. Identiteit & kowesturten. Essays oer Fryske literatuer – Abe de Vries Essays en kritiken

De advyskommisje foar de Fedde Schurerpriis is ôfrûne hjerst ynstallearre en bestiet út Tsead Bruinja, Hille Faber en Mette Meinou Piebenga. De organisaasje fan de publykspriis is yn hannen fan Tresoar. De priisútrikking is op freed 12 oktober om 16:00 oere yn it Provinsjehûs.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail