Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i | 8. Johan fan Hichtum (1639)

logo.ensafh
Ansk en Houk: eksistentiële Eangst en eroatyske langst.

IV Van Hichtum en de Sinzuer (ein): Rigel 172 – 238.

Ansk
No goed ik wit net mear, stin der sels mar op om,
En witsto better rie, dan mocht ik dat wol lije,
Mar bern, ik bin benaud, do silst gjin better krije,
In al te waanwiis hin leit har aai yn ´e ûnderwâl,
Tink derom, en skyt dysels net wei.

Houk
Ik leau, jo binne mâl.
Wa wol mei minder ta, wat soe ik dêrmei bedije?

Ansk
Ja mar, ik bin benaud, do silst mei nimmen frije
Asto sa keken bist; miensto dat der in greve
Noch om dy komme sil? Dy grutskens moatst mei ôfweve.
Wolste graach in man ha, sjoch dan nei dyn geliken
Ik ha safolle sjoen, dy seagen nei de riken
En binne sa sitten bleaun, ja faam, sa komt it by
Dat sommige fammen âldsjes wurde, dat sis ik dy,
Omdat se fan harsels altyd safolle hâlde

Houk
Ja mem, dat leau ik wol. Mar waard ik gjin âlde
As der in frijer kaam dy´t myn eare nimme soe?

Ansk
Dat is wier, foar it grutste part, mar as Klaas ris komme woe
Of buorman Tjalles soan en woe dy wat befrije,
Aste ien fan beiden naamst, dat mocht ik hiel wol lije,
Dan wieste út ´e need en kaamst net yn ´e ploech.

Houk
Dat Wyntsje-Tryntsje folk sett´ sok doe Tryn har berntsje droech!
Se meitsje beide al te graach mei moaie froulju lol.
Ik seach se beide ris in kear tegearre oan ´e rol
Mei it lichte Venusfolkje, de gulp dy stie har rûn.

Ansk
Wat, binne se fan dat folkje? Keatse se yn dat bûn?
En rinne se mei yn it wyld as grutte twinterbollen?
Dan ried ik it dy ôf.

Houk
Wat soe ik mei hynstefoalen?
Soksoartige figueren wol ik it net mei dwaan,
Sjoch my dêr net foar oan.

Ansk
Wa sil ik dy dan jaan?
Ik hear wol oan dyn praat, do moatst in frijer hebbe

Houk
Hie ik Hotse Lolkes soan, of Eeltsje harren Tsjebbe,
Dan boaske ik derop oan, ek as it der om spande
Oft er in sykte hie.

Ansk
No bern, sa yn ´e mande
Hoechsto net bang te wêzen, der komt wol rie en hulp.

Houk
Kaam Durk, ik naam him daalks, al hie er in iel by de gulp.
Krige ik syn ring om ´e finger, hy krige him nea werom,
Ik naam him mei op bêd en joech him stjit foar stjit werom.
Ik woe dat ik it al hie, hoe noflik soe dat wêze.
Ik spring aansen út myn fel!

Ansk
Ja koest him sa belêze
Dat hy dy nimme woe, dan wiest der boppe op,
Mar bern wat jouste my as ik him hjir ris rop
En ûndertaast him ris, hoe sil er him hâlde en drage?

Houk
Ik jou jo myn âld skerte, dêrby myn nije krage
Koene jo safolle dwaan, dat wy him hjir ris hiene.
Kaam ik my him te praat, goed dat myn saken stiene!
Ik hie him sa yn it net, ik soe sa swiet wol sjonge
Al út myn heldere kiel en spylje mei de tonge
Sa aardich dat myn fiten jo ferwûnderje soen´.

Ansk
Mar bisto sa´n ekspert? Ik ha nea soks oan dy sjoen.
Dêr ha ik niget oan, witst fan Venus´ streken en fiten
Dan krigest him oer alle wegen.

Houk
Mar ik begjin te kriten.
Ik woe dat er hjir al wie, dan koe ik daalks begjinne.

Ansk
No meitsje dy dan op, dan gean ik gau derhinne,
En stek dy yn ´e pronk dan krijt er sin oan dy.

Houk
God jou jo in goereis, sit net yn soarch om my,
Myn saken steane goed, dat kin ik op fragen anderje,
Ik sil my ûnderwylst ris fiks opskranderje
En meitsje my sa moai as Lolke harren poes.
No hastigje je wat en kom gau wer nei hûs
Mar nim dan Durk dochs mei. No sil it my benije
Wat der fan wurde sil, en sil ik him ek krije?

Finis – De Ein.

It wurdt sa linkenoan wol dúdlik dat Houk frijwat sinnich is, lykas foech jout foar in selsbewuste jonge frou. It is humoristysk hoe’t se de iene nei de oare houlikskandidaat ôfkart. Se mei dan ek benaud wêze om allinnich oer te bliuwen, lykwols lit se har ein net strûpe. Wylst wurdt ek dúdlik dat Houk wol waardich yn de frijerij ûnderlein is, mear as har mem tocht hie. De mem reagearret dêrop as in goede mem, se ropt net fij en skande mar is bliid dat har dochter sa goed op de hichte is:

Mar bisto sa´n ekspert? Ik ha nea soks oan dy sjoen.
Dêr ha ik niget oan

Yn dat opsicht toant ‘Ansk en Houk’ him ek wer in frijmoedich stik, dêr’t mem en dochter as folwoeksenen mei-inoar opgeane, net as repressive frustrearre figueren dy’t de 19e ieu sa hiem binne.

De auteur Johan fan Hichtum hie ekstra reden om syn auteurskip geheim te hâlden want hy wie dûmny. It wiene krekt de synoades fan dûmnys (sjoch Brouwer syn kommentaar op ‘Wouter en Tsjalle’ side 41), dy’t it fûlst op sensuer oanstiene, en dy’t klagen oer ‘comedien’, ‘sangereijen’, ‘dantzen’ en ‘ avontspielen’, en de spultsjes dy’t op brulloften plakfûnen. Se wiene ek tsjin ‘ganstrecken’, ‘tonnesteken’, ‘papegaijschieten’ en ‘caetsen’. Spitigernôch leit Brouwer net út wat dy saken ynholden; dat is my by histoaryske letterkunde wol mear yn de wei, dat brek oan útlis. Yn alle gefallen, as de synoade ageart tsjin komeedzjes, en dûmny Van Hichtum skriuwt der ien, dan kin men as dûmny mar better anonym bliuwe. Eins hiel tryst dat in auteur alsa de rom fan syn pinnefruchten ûntsein wurdt. It is ûnrjochtfeardich dat allinnich de nuetere figueren har rom genietsje meie. O ja, it spul fan Sensuer is in âld spul en it hâldt noait op. Yn ús tiid wurdt der ek al wer hurd roppen om sensuer, diskear wurdt de sûnde Kwetsen neamd. Krekt as soene ateïsten net kwetst wêze troch it idee dat har kristlike en islamityske meiminsken leauwe (of neffens har bibels en korans leauwe moatte soene) dat sy as ateïsten foar ivich brâne sille yn de hel. Ik fiel my dêr alteast al troch kwetst, mar ik lij yn stilte, oant no dan. Hawar, mar dêrom hold Van Hichtum syn auteurskip geheim: him eange de grime fan syn fakbruorren. Miskien stie syn breawinning wol faai.

De iere santjinde ieu wie fan datoangeande in kearpunt, en kin as it begjin fan in nije sensuer oanmurken wurde. Yn de rin fan de santjinde ieu waard it toaniel ferbean, net inkeld yn Ljouwert (yn 1619, sjoch Marijke Spies ‘Friese literatuur en de Nederlandse canon in de zeventiende eeuw’, yn ‘Philologia Frisica 1999’, 280-296), mar ek yn Amsterdam, London en oare stêden fan Europa. De Renaissance minske hie efkes fan de frijheid priuwe mocht, no soe er troch de Kalvinisten wer ta sensuer en sosjale útstjitting feroardield wurde, as er him net konformearre oan de hearskjende morele oardielen.

Hoe witte wy dan dat hy de auteur is fan ‘Wouter en Tsjalle’ (en ‘Ansk en Houk’)? Ommers, by de printing fan ‘Ansk en Houk’ (1639, it stik datearret folle earder) stiet gjin auteur fermeld. By de printing fan ‘Wouter en Tsjalle’ (1609) stiet al likemin in auteur fermeld, mar de styl en de rymskema’s fan beide stikken lykje safolle opinoar dat it om deselde auteur gean moat. Boppedat hat de auteur syn identiteit yn ‘Wouter en Tsjalle’ yn in ferburgen boadskip bleatjûn foar riedselrieders. J.G. Ottema hat yn 1844 ûntdutsen dat de earste letters fan de lêste regels fan ‘Wouter en Tsjalle’ it wurd HICHTUMANNUS foarmje. Dat is deselde Ottema dy’t leaude dat it Oera Linda Boek echt wie. Mei it Oera Linda boek mei Ottema dan mis wêze, hy hat dochs mar moai de skriuwer fan ‘Wouter en Tsjalle’ ûntmaskere.

Oer Van Hichtum is fierder amper wat bekend. Hy wie yn 1590 dûmny yn Wytmarsum, 1606 Itens, 1613 Nijlân en is ferstoarn yn 1628. Opmerklik dat Japicx oars ek yn Wytmarsum wenne hat: dy hat der skoalmaster west om 1625 hinne. Yn har ynlieding by ‘Wouter en Tsjalle’ skriuwe Brouwer en Hellinga (side 11):

‘By de Tjerne [De Fryske Tsjerne fan Gysbert Japics, EH] kinne kluchten as ‘Woutir in Tialle’ en ‘Ansck in Houck’, hoe fertsjinstlik yn har soarte, net yn it skaad sjen.’

Ik ha dêr mei grutte hoannepoaten by skreaun ‘Dat si’ wy noch wolris sjen!’ Want de dialogen fan Japicx kinne it yn myn eagen net helje by dy fan Van Hichtum. As wy de dialogen fan Japicx behannelje, sil dat dúdlik wurde. Wat der oan de hân is dat neffens de smaak fan de 19e ieu Gysbert de grutste wêze mei, mar net neffens de smaak fan de 21 ieu.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op