Hein Jaap Hilarides

De Frysktalige muzyk fan ûnderstream nei mainstream*

logo.ensafh

In weromsjen op 25 jier Aaipop

Aaipop begûn yn 1987 yn Muzykkafé Nijlân. Nei trije kear wie de belangstelling sa grut dat it festival ferpleatst wurde moast nei doarpssintrum De Mande. De earste kearen yn it kafee ha ik net meimakke. Ik siet yn dy tiid hielendal net yn de Frysktalige muzyk. Fia Rik Meijer kaam ik der foar’t earst mei yn de kunde. Hy spile gitaar yn in gelegenheidsformaasje dy’t ‘Slûge Sibbele syn Soan en de Sipels’ hite. Ik sjoch de poster mei nammen noch foar my. Ferskate trûbadoers en groepen soenen yn de jierren dêrnei bekendheid krije, bygelyks Piter Wilkens.
Op dy poster stie ek Wiegels Wjukkelmasine. De oprjochter, Gerben Gerbrandy, hie de earste Aaipop mei organisearre. Troch in tafallichheidsje kaam ik yn 1990 by dy band. Mei in skoalband sochten wy in oefenromte. Yn Ljouwert wie alles fol en doe wieken wy foar ien kear út nei Boalsert. Dêr hie Willem Horjus in studio. In pear moanne letter trof ik Willem op it Cowboyfeest yn Aldebiltsyl. Dêr hie er mei Wiegels Wjukkelmasine spile. Ik hie de band mist, mar goeie dingen oer se heard. Se sochten in toetsenist en Willem frege oft ik sin hie. Op de audysje bliek ek in akkordeonist te wêzen. Se sochten nammentlik in pianist of in akkordeonist. In wike letter krige ik berjocht. Se koenen gjin kar meitsje, en namen ús allebeide mar oan.
Troch Wiegels Wjukkelmasine ha ik Aaipop kennen leard. Tusken ’91 en ’96 hawwe wy dêr ferskate kearen stien. Ien fan de moaiste optredens dy’t ik mei de band oait dien ha, wie yn in feestende Mande. Yn 2009 spilen wy der as reunyband. Dat wie it lêste optreden mei Willem Horjus. Twa jier letter soe er stjerre. Yn de jierren dêrtusken ha ik der mar twa kear west, ien kear as besiker en in kear mei de Rebound Boogie Bent. It festival is aldermâlst groeid. Ik sjoch de poster fan Aaipop foar my, in aai yn de kleuren fan de Fryske flagge mei de nammen fan de bands deryn. Wat hat it festival no foar my betsjutten? It wie de earste kear dat ik serieus yn de kunde kaam mei in stik eigen taalkultuer. Aaipop liet sjen dat je je yn je eigen taal of dialekt kreatyf útdrukke koenen. Ik wie gek fan Normaal west, mar dy band hie dochs fierôf stien. Dizze muzyk wie tichtby. Dit wie echt en fan ús, en dus fan my. Dêr leit it begjin fan myn drang om my yn de eigen taal te warren.

De groei fan de Frysktalige muzyk
Aaipop heakket oan by in tradysje dy’t al fanôf 1600 bestiet, nammentlik dat in hiel soad lieten of lietsjes ferfryske wurde. De kanon fan de Fryske lietsjes yn de lieteboeken bestiet út lieten dêr’t de tekst fan fertaald is. Ik doel hjir op de belangrykste Fryske lieteboeken, bygelyks de Fryske Rijmlerij, Rimen en Teltsjes, Frysk Lieteboek en Nij Frysk Lieteboek, dy’t de basis west ha foar Fryslân Sjongt. De melodijen út dy lieteboeken binne hast allegear fan bûtenlânske komponisten, meast Dútske. Dêr is dan in nije Fryske tekst op set of de tekst is ferfryske. Foarbylden binne It Frysk folksliet en Grouster weagen, beide fan Eeltsje Halbertsma.
Ferskate bands ha foar Aaipop lieten ferfryske. Oars hienen se bygelyks net genôch repertoire om dêr optrede te kinnen. Allinne dêrom al hat it festival in ynfloed hân op de Frysktalige popmuzyk. Fan grutter belang is nei alle gedachten it poadium dat Aaipop biedt. Wêr kin je no foar safolle minsken yn it Frysk sjonge? Fansels ha ‘Tsjoch’ en ‘It Fryske Liet’ ek belangrike faktoaren (west), mar Tsjoch is benammen in folk/trûbadoer-festival, en It Fryske Liet is letter útein set as Aaipop. Se hawwe elkoar wol fersterke. Beart Oasterhaven hat dizze bewegingen en ûntwikkelingen yn allegear artikelen, stikken en boeken wiidweidich besprutsen.
At ik persoanlik weromsjoch op 25 jier Aaipop – en tafallich is dat eksakt de tiid dat iksels muzyk meitsje – dan falt my op dat der in enoarme produksje oan Frysktalige muzyk west hat, sawol kwantitatyf as kwalitatyf. Der ha Frysktalige hits west fan De Kast en Twaris, en der binne in hiele berch goeie Frysktalige cd’s ferskynd. De lêste jierren binne der in stikmannich cd’s útkommen mei nûmers fan bekende artysten nei it Frysk oerset. Dylan yn it Frysk en it Cohen-projekt slute oan by de tradysje dy’t ik earder neamde. En der is publyk foar dizze muzyk. Op Aaipop komme bygelyks sa’n 3500 besikers ôf.
No is de krityk dat dy minsken net allegear komme om nije muzyk te belústerjen of te ûntdekken, mar om te feesten. Dat soest ek omdraaie kinne. Kinst sizze – en dat is miskien wol de grutste en belangrykste feroaring yn de Fryske muzyk – dat dy besikers sa oan Frysktalige muzyk op radio en tv wend binne, dat se it niet mear hoege te ûntdekken. Want it is oeral. Frysktalige muzyk is fan ‘ûnderstream’ mainstream wurden. De Fryske muzyk is miskien net de belangrykste muzyk yn Fryslân, mar is yn de 25 jier dat Aaipop bestiet wol hiel belangryk wurden.

* De tekst is in bewurking fan it ferhaal dat ik holden ha foar Aaipop 25 jier op 19 april yn Tresoar.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail