Cornelis van der Wal

It Boun dat net bestie

logo.ensafh

Ik lies ôfrûne woansdei, om krekt te wêzen op 25-04-2012, in nijsgjirrich stikje yn it Friesch Dagblad, skreaun troch Abe de Vries. Ik wie it iens mei Abe. Ja, it kin.

It artikel, in soarte fan kollum wol’k leauwe, hie as ûnderwerp it skrassen fan de subsydzjes foar de literêre blêden troch it Produksjefûns. Ek de Frysktalige blêden, de Moanne en ensafh wurde troch dizze maatregel bedrige. De provinsje wol foarearst net byspringe, ek al giet it om in yn ferhâlding skiterich bedrach, foar wichtich kultureel/literêr erfguod. Mar bring dat dy provinsjale amtners mar ris oan it ferstân. Dy hawwe noch nea in literêr blêd fan tichtby sjoen. Nee, jo hawwe gelyk, ik kin de namme fan Jannewietske diskear mar better net neame.

No is de fraach: wat dogge wy der oan? Der skynt sokssawat as in Skriuwersboun te bestean, sa is my fersekere troch minsken dy’t der ferstân fan hawwe. Yn elts gefal, sa’n Boun soe opkomme moatte foar syn skriuwers en jo meie dochs ek wat aksje út dy hoeke ferwachtsje, as it om in bedriging fan publikaasjemooglikheden foar Fryske auteurs giet. Mar it Boun, it swijt yn alle talen. Dêrom bin ik der noch altyd net fan oertsjûge oft it wol bestiet, dat Skriuwersboun. Ik wol bewizen sjen.

In oare mooglikheid is om in saneamde crowdfund-aksje op te setten. Mar wy kinne, as Fryske skriuwers fansels ek stake. It ultime twangmiddel. Mar wa kin dat wat skele? Wa fernimt dêr wat fan? Ja, it kin de Provinsje al wat skele, dêr sille se har fernoege yn de klamme hantsjes wriuwe, want Friezen dy’t Frysk skriuwe, dy binne mar lêstich. En se hawwe ek noch in eigen miening! It moat net mâlder wurde.

It provinsjaal bestjoer hopet op, en wurket mei oan in stadich stjerren fan de Fryske literatuer, fan it skreaune Frysk. Earder al waard it tydskrift Frysk&Frij subsydzje wegere om’t yn dat blêd geregeld krityske lûden klonken, wat de provinsjale polityk oanbelanget. Ik haw dat altyd as in efterbakse foarm fan sensuer beskôge.

En dan no wer sa’n Van der Wal mei in dwers stikje. It soe ferbean wurde moatte.