Geart Tigchelaar

En streame docht it

logo.ensafh

Besprek Dat it streamt fan Wilco Berga

De alsidige keunstner Wilco Berga hat ferline jier by de Afûk de ferhalebondel Dat it streamt publisearre. Berga rint al in moai skoftke mei yn ’e Fryske literatuer en hat perfoarst net stilsitten. Poëzijbondels, romans, toaniel en folle net genôch. Dêrnjonken is er ek byldzjend keunstner mei in atelier yn ’e havenstêd Harns.

Yn it sinjalemint haw ik tasein om it ien en oar oer de ûntknopings te sizzen. Om sa gau mooglik oan dat ûnthjit te foldwaan, set ik dêrmei útein. Ik haw skreaun dat se almeast de kryptyske kant it neist binne. Dat wie eins in te hastige konklúzje. Net allinnich de einen binne kryptysk, mar ek itjinge dat dêr oan foarôfgiet. Men mient dan oan ’e ein in ûntknoping te krijen dy’t de hiele saak ferhelderet, mar komt fan in sljochte reis thús. Dat men hieltyd krekt net de finger lizze kin op wat der no krekt spilet, jout krekt it mysterieuske, of faaks better it driigjende, oan ’e ferhalen. Men wol trochlêze om’t men hopet op ferheldering. In foarbyld ta yllustraasje. It twadde ferhaal Perdido giet oer de relaasje tusken heit en dochter dy’t beskreaun wurdt út it perspektyf fan ’e styfmem. Der is wat goed mis tusken heit en dochter. Earst lit de skriuwer ús tinke dat de dochter temin omtinken fan heit krigen hat. Beide sitte se yn ’e muzyk, by deselde bigband. Heit spilet trompet, dochter sjongt. Heit is te bot ynnommen mei himsels en nei de tiid mei de oare froulju fan ’e band dat er noait gjin omtinken oan ’e dochter jout. Sy fielt har tebeksetten. Lykwols krijt de lêzer it idee dat der mear spilet as allinnich dat. Oars soe in sin as: ‘No blykt ús [styfmem en dochter, GT] bân sa stevich te wêzen dat se my har freeslike geheim doart ta te betrouwen.’ (side 19), wol hiel swier oandwaan. Der spilet mear en geandewei komt men derachter, al wurdt it noait planút sein. De styfmem docht blykber redaksjewurk en wurket oan in Ingelsk misdieferhaal. Dat giet oer in dirigent dy’t net fan syn dochter ôfbliuwe kin. En de mem docht as is der neat oan ’e hân. Wierskynlik hat de dochter harren ombrocht. Sa fier komt it yn ‘ús’ ferhaal úteinlik net, al docht de ein wol efkes tinken dat it sa is. Dit foarbyld is eksimplarysk foar de oare sân ferhalen yn ’t boek. Elk ferhaal is mei soarch en belied konstruearre. Sa hinget alles gear yn ’e ferhalen, in los eintsje sil men net fine yn Berga syn ferhalebondel.

In lichte kearside oan dat konstruearre fan ’e ferhalen is dat it somtiden wat té konstruearre oandocht, sis mar keunstmjittich. Dat fan dat misdieferhaal om mei in ombocht in hint te jaan hoe’t it wierskynlik sit, is moai fûn en dien. Mar yn hast elk ferhaal sit wol sa’n optocht trúkje – in soarte fan tafallichheidsje – en op ’t lêst steurt dat. Nei’t de lêzer fernommen hat fan it misdieferhaal set de heit it nûmer How long has this been going on en dat is ek noch it favorite nûmer fan ’e styfmem. Dat leit der dan krekt wat te tsjûk op. Yn it earste en titelferhaal (Dat it streamt) hat alles sa’t liket mei it wetter te krijen en dat wurdt hiel fier trochfierd. Yn it fjirde ferhaal (Lang wykein) giet in man út iten mei in freondinne fan syn frou. Dy is abbekaat en siket misstannen út yn ’t bedriuwslibben. De lêzer wit dat de man in kear njonken de pot pisse hat mei in kollega-direkteur fan in susterbedriuw. De man yn ’e taksy (Taksy hinne en werom) liket op de sjauffeur syn heit, mar dat er ek nochris arts is lykas syn heit is dan wer té.

Om noch efkes stykjen te bliuwen by it keunstmjittige is dat alle personaazjes wat mei de keunsten hawwe. As dat no op hobbybasis is of foar it wurk makket neat út. Der is net ien dy’t bygelyks graach fuotballet. Troch dy konstruearre tafallichheden falt soks allinnich mar earder op en dat steurt lichtsjes. Foar de ôfwikseling hie it goed west en betink in oare hobby. Dat komt ek mei, om’t de tema’s fan alle ferhalen itselde binne. Dy hawwe allegearre te krijen mei relaasjes. Dat sil ik perfoarst net as keunstmjittich útlizze. It is krekt moai dat de bondel in beskaat tema hat en wat is der no yngewikkelder en mear fariearre as relaasjes. Dêr kin men alle kanten mei op, mar sykje dan net hieltyd deselde soarten ûnderwerpen út.

Oer dy punten fan krityk is troch de kreas skreaune bondel fan Berga maklik hinne te stappen. De auteur hat it ferhipte knap útbalansearre. De opbou en ynformaasjedosearring is mei soarch dien, sadat de lêzer mear wit, mar tagelyk ek mear fragen hat. En dat omliste mei in raffinearre literêre styl fan skriuwen jout it boek foar de simmermoannen dy’t foar de doar lizze in geniet om te lêzen.

Wilco Berga

Dat it streamt (ferhalen)

Afûk, Ljouwert 2011

ISBN: 978-90-6273-886-1

Ferkeappriis: € 14,95


Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail