Tryntsje van der Steege

It sukses fan Donald Duck: fan Fearrenfean oant Wjukwert

logo.ensafh

Wylst skriuwers en útjouwers hast sûnder ophâlden eamelje dat gjinien mear Frysk lêze wol of Fryske boeken keapje wol, skoddet de Afûk samar eefkes 50.000 eksimplaren fan de Fryske Donald Duck út de mouwe. Ja, fyftichtûzen (!), want de earste tritichtûzen (!) wiene yn trije (!) dagen útferkocht. Fan dy 50.000 binne op dit stuit noch sa’n 10.000 eksimplaren oer neffens Ida Heddema fan de Afûk, mar ek dêrmei giet it moai rap. Wie it ferskinen fan ‘in fleurich Frysk blêd’ al grut nijs – dêr’t sels de Volkskrant, Trouw, en it Algemeen Dagblad omtinken oan joegen – ek de presintaasje en werprinting krigen in soad media-oandacht. (It Frysk Deiblêd hie oars wol in aardich stikje by it ferskinen fan de Nederlânske edysje fan de Donald Duck oer Fryslân, mar rept dêrnei mei gjin wurd oer it ferskinen fan de Fryske ferzje.) Bjusterbaarlik soks, hokker folslein Fryske publikaasje kriget sa’n oplage en sokke publisiteit no foar elkoar? It allerbjusterbaarlikste lykwols is, dat jo fierder net ien hearre oer it hoe en wêrom fan dit geweldige ferkeapsukses.

De iennichste skriuwende Friezen dy’t it ek mar neame binne Cornelis van der Wal – dy’t jo simpelwei kieze lit tusken De Moanne, Ensafh, of de Donald Duck – en Willem Schoorstra, dy’t it oanhellet yn syn – oars tige nijsgjirrige – pamflet ‘oer erfskip en nasjonaliteit’, mar dan net omdat er der sa bliid mei is: “Foar in positive ûntjouwing fan Fryslân is it erkennen fan jins eigen nasjonaliteit in belangrike stap. Pas dan, as Fryslân en it Frysk út de sfear fan it VVV-paspoart, Donald Duck en bûter brea en griene tsiis komme, kin in begjin makke wurde om sels de takomst oer alle boegen stal te jaan.”

Hoesa sille wy dizze Fryske Donald Duck, in stripblêd mei hast wrâldwiid berik net serieus nimme? Is it omdat Donald gjin broekje oan hat? Omdat it in strip is, mei simpele plaatsjes, faaks allinnich foar bern? Omdat alle sinnen einigje mei in útropteken (of mei in fraachteken, of mei trije puntsjes, mar noait mei ien – is jim dat wolris opfallen?)? Omdat Fryslân en de Friezen wat stereotyp delsetten wurde mei harren aparte taaltsje en frjemde sporten? Of omdat it hjirmei hast mear om de promoasje fan sport as fan it Frysk giet?

.Dat Donald Duck gjin broekje oan hat heart by de werkenberens fan it stripfiguer. En werkenberens is wêr’t it hjir om giet. Elkenien wit wa’t Donald Duck is en as jo soks keppelje oan Fryslân en it Frysk is der in hiel grutte groep minsken dy’t har dêrtroch oansprutsen fiele. Werkenberens kin dan wat trochslaan yn stereotypering, oan de hân fan gewoanten, klean, sporten of útspraken, mar soks is wol hiel effektyf foar de doelstelling fan it blêd – neffens Sanoma, de Nederlânske útjouwer fan Donald Duck – “om de Friese taal bekender en dichter bij de kinderen en volwassenen te krijgen”, en dat mei slagge wêze!

Want it is perfoarst net sa dat strips allinnich foar bern binne. Twatredde fan de Donald Duck abonnees is sels âlder as 16 jier. It medium fan de strip is bot ûnderwurdearre, wylst strips, byldromans, graphic novels in hiel soad te bieden ha. De kombinaasje fan tekst en byld kin it lêzen krekt troch de kombinaasje mei it sjen, makliker en tagonkliker meitsje, mar ek nijsgjirriger en útdaagjender – ôfhinklik fan it ‘nivo’ fan de tekst of it byld. Faaks leit hjir wat te winnen foar de Fryske literatuer, of alteast foar it Fryske lêzen. En dan haw ik it grif net allinnich oer it oersetten fan besteande strips, nee, ik bin hiel benijd wat de Fryske skriuwers en/of keunstners foar orizjineel, eigen stripwurk produsearje kinne.

Wat dan de Fryske taal fan Donald Duck oangiet hat Anne Popkema in knap keunstje oersetwurk levere, mei alle taalgrapkes en ‘speaking names’ dy’t wenstich binne yn de Donald Duck, sa as de Japanske sakeman Sakin Ketek, Torna Do de wedstriidfûgel yn in race fan Fearrenfean nei Wjukwert, de prachtige byldtaal fan in ‘plûms’, en it grapke fan Alex en syn mem by de Alvestêdetocht. Mei in skiednisles fan Goofy en in bewurking fan de sêge fan it Wyfke fan Starum soe it moai wêze as ek skoallen hjir har profyt út helje.

Wier, dit is de ultime taalpromoasje en in prachtige manier fan lêsbefoardering, troch in medium dat jong én âld oansprekt, en dat fier bûten de provinsjegrinzen en sels fier bûten de lânsgrinzen har publyk fynt. Wat wurdt it folgjende projekt? Ik wol alfêst graach reservearje!

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail