Hedwig Terpstra

Petear mei Margryt Poortstra

logo.ensafh

Margryt Poortstra (Harns, 1953) hat al tolve proazatitels op har namme stean, wêrûnder Kâldfjoer (2002), Suster (2004) en Minskebern (2008). Kofje ferkeard (2011) is har lêste boek, in ferhalebondel. Se hat ek berneboeken, poëzij, twa musicals en fjouwer oratoaria skreaun. Se krige ferskate kearen de Rely Jorritsmapriis en yn 1989 de Afûk jubileumpriis foar it manuskript Tolve huzen op it dak. Margryt siket har ûnderwerpen tichtby, yn de omgong tusken minsken, yn de relaasje tusken man en frou en tusken âlden en bern. Froulju binne faak sintrale figueren yn har wurk. Se wennet mei har man yn Seewolde, Flevolân.

Hoe bist hjir yn de polder terjochte kaam en hoe foldocht it dy hjir?
Margryt fertelt: ‘Doe’t wy oan in hûs ta wienen wurke ik yn Ermelo en myn man yn Den Dolder, ûnder Zeist. We woenen graach yn Ermelo wenje, mar koenen dêr gjin hûs krije We kamen yn Zeist telâne yn in flat op trettjin heech. Us bern binne dêr berne en foar harren wie dat neat wurdich. 28 jier lyn is de gemeente Seewolde oprjochte en binne se hjir begûn te bouwen. We koenen hjir in hûs krije, en hawwe dus fan de oprjochting ôf yn dit doarp wenne en de mienskip mei opboud. Hast hjir sa’n romte en it is hjir moai grien. We ha in prachtich útsjoch en om it doarp hinne hast wetter en bosk. Op kultureel mêd wie hjir wol gauris wat te dwaan, lykas filmjûnen. Ik ha sels it literêr kafee mei-organisearre. Ik ha it hjir tige nei ’t sin, ik soe net werom wolle nei Fryslân. Ik fyn it wol leuk om sa no en dan werom te gean en wer Frysk te hearren. Myn broer en susters wenje hjir net sa fier ôf. Us bern wenje hjir beide yn Seewolde en ha tafallich of net beide in Fryske partner. Myn âlden libje net mear. Us heit is krekt ferstoarn op 83-jierrige leeftyd, ús mem wie al earder wei. We binne noch dwaande de boel op te rêden yn it âlderlik hûs yn Wytmarsum. Ik bin opgroeid yn Arum oant myn 17e.’



Wêr giet dyn lêste boek
Kofje ferkeard oer?
‘Yn it boek stean 21 ferhalen. De reade trie deryn is dat de earste yndruk fan minsken faak neat seit oer wat harren dwaande hâldt. De ferhalen lizze bleat wat der ûnder it oerflak leit. Opkroppe emoasjes moatte in kear nei boppen komme. It boek is net al te nuet. De ideeën foar de ferhalen doch ik op yn myn eigen omjouwing, it binne dingen dy’t ik om my hinne sjoch of op televyzje. Ek dingen dêr’t ik froeger lilk om wurde koe ferwurkje ik yn myn ferhalen. Sa giet ien fan de ferhalen oer in byienkomst fan Youth for Christ. Ik ha sels ek by sokke byienkomsten west yn myn jeugd. Ik wie doe krekt it hûs út en woe minsken kennen leare. Ik fielde my dêr lykwols net thús, hie it gefoel dat ik mysels ferleagene mei dat oerdreaun kristlike gedoch. Yn it ferhaal ‘Etna’ gean in mem en in dochter tegearre op fakânsje. By de Etna ha ik sels ek west, fandêr dat ik dat dekôr goed beskriuwe kin. De mem yn dat ferhaal is politika en wurket tachtich oeren wyks. Ik frege my ôf hoe’t sa’nien mei har bern omgiet. Ik fyn it moai om frouljusrelaasjes út te djipjen yn myn boeken. Ik bin opgroeid yn in gesin fan fiif famkes en ien jonge, faaks dat dat meispile hat. Wat my fassinearret is it balansearjen tusken krêft en twifel. Froulju reagearje oars as manlju yn bepaalde situaasjes. Ik bin feministysk skriuwster, mar sjochst my net op de barrikaden. Yn de bibel komme in soad sterke froulju foar, wylst de fokus altyd op de manlju lein hat. Ik fyn it moai om ekstra ljocht te skinen op bygelyks Eva, Maria of Maria Magdalena.’

Hasto in religieuze achtergrûn, ek sjoen de religieuze symboalen dy’t weromkomme yn dyn wurk?

Margryt: ‘Ik bin grifformeard grutbrocht, dus konservatyf ortodoks. Us heit lies trije kear deis út de bibel foar by it iten en we gongen alle sneins nei tsjerke. Ik hearde sa faak oer dy oare werklikheid, fan minsken yn de woastyn en oare fiere plakken, dat dat in diel waard fan myn eigen systeem. Sa bot, dat ik my identifisearre mei figueren út de bibel. Foar my wienen dat hast libbene minsken. Doe’t ik in jier as tweintich wie kaam der in omslach yn myn tinken. Ik krige fragen, bygelyks oer de dogma’s yn it leauwen, en hie muoite mei al dat sekere witten. Ik ha no myn eigen frijsinnige manier fan tinken. Myn earste boeken kamen út by de KFFB, de Kristlik Fryske Folksbibleteek. Under oare myn berneboek It lân efter de wolken (1977) is dêr útkaam. Doe bin ik opholden by de KFFB en ek even mei it skriuwen, ek omdat ik bern krige. Hast tsien jier letter ha ik it skriuwen wer oppakt en is myn wurk publisearre yn tydskriften, ûnder oare yn Trotwaar.’

Wêr giet it boek Suster oer?
‘Dat boek giet oer de suster fan Vincent van Gogh, Wil. Har grêf is tichtby myn wurk yn Ermelo, in kollega wiisde my dêrop. Ik bin der hinne gien en ik tocht: hjir leit myn ferhaal. Yn it boek fertelt in frou, dy’t om 1925 hinne as psychiatrysk ferpleechster te krijen hie mei Wil van Gogh, har libbensferhaal oan har beppesizzer. Wil wie lykas Vincent hiel talintearre, mar dan as skriuwster. Se skreau in soad mei Vincent en út dy brieven, mar ek út notulen fan de ynrjochting út dy tiid, ha ik in soad ynformaasje helle foar myn boek. Ik bin yn argiven dûkt en ha alles útsocht, want it moast wol klopje. Vincent waard wrâldferneamd, mar Wil leit ferjitten op it tsjerkhôf. Se wie aktyf yn de frouljusbeweging en se siet yn 1898 yn ’e organisaasje fan in wrâldtentoanstelling oer froulju en arbeid. Ik fyn it moai dat ik mei myn boek wat mear omtinken oan har jaan kin. Wilhelmina waard yn dy tiid keninginne en doe begûn ek de diskusje oer froulju en arbeid. Skiednis fyn ik hiel ynteressant, ik fûn dat in hiel leuk projekt.’

En wat kinst fertelle oer Minskebern?
Minskebern, myn foarlêste boek, is frij autobiografysk. Us mem hat fan ûngefear har sechtichste ôf Alzheimer hân en op har 67e is se yn in ferpleechhûs kaam. Ik krige doe in oar kontakt mei har. It waard mear fielen, yn plak fan dat we mei wurden kontakt hienen. Ik wist faak wol wat se bedoelde omdat ik har libbensferhaal koe. It is oars wannear’t ien, bygelyks in ferpleechkundige, dat net ken. Us kontakt waard hiel yntins en dat woe ik graach fêstlizze. It boek giet oer de demintearjende Maart en lit it ferrin fan it sykteproses sjen út wikseljend perspektyf. Fan Maart sels út en fan har man en dochters út. De titel slacht op Maart en har oerbeppesizzer Daan. Maart is oan ’e ein fan har libbensreis en foar de krektberne Daan moat it noch begjinne. Myn boeken binne trouwens nea hielendal autobiografysk. Ik brûk gegevens út myn eigen bestean, mar lit der ek altyd dingen út. Wat ik ek wol doch is saken útfergrutsje, slimmer meitsje.’

Do skriuwst ek teksten foar oratoaria en do setst lieten oer.
‘Ik bin no dwaande mei in ploech fan fjirtjin dichters om it nije lieteboek foar tsjerken oer te setten. It giet om yn totaal 900 teksten dy’t we mei-inoar oersette. As in tekst my net oansprekt jou ik dy werom, dêr binne we frij yn. It lieteboek wurdt noch troch Fryske tsjerken brûkt. Ik ha earder bibelske bernelieten makke yn it Frysk. Ik hâld hiel bot fan muzyk en sjongen en fyn dit geweldich wurk om te dwaan. Ik skriuw ek teksten yn it Frysk foar Intrada, in muzykútjouwer op It Hearrenfean (www.intradamusic.nl). Lêst ha ik yn Dokkum west, by in útfiering fan de Sweelinck Cantorij. Ik krige de opdracht om in Fryske tekst te meitsjen yn de sfear fan Sweelinck. Frank van Nimwegen hat dêr muzyk by makke. Ik fûn dy útfiering prachtich. Frysk is in hiele moaie taal om yn te sjongen. De Sweelinck Cantorij sjongt dat op 14 oktober noch in kear yn Sint Jabik. Ofrûne snein wie ik yn Wynjewâld by de útfiering fan de musical Noömi, wêrfoar’t ik de teksten skreaun ha (www.musicalwijnjewoude.nl). In skoftsje lyn wie ik op in lietedei yn Amersfoort en dêr wienen in soad minsken dy’t fan oarsprong ek út Fryslân komme. It wie leuk om dêr Frysk prate te kinnen. Dat docht in taal, dat jout in bepaald fertrouwen.’

Bist no ek mei in nij boek dwaande?
Margryt: ‘Nee, op it momint net en ik ha ek gjin plannen. It wurdt hieltyd lestiger om boeken út te jaan. It giet net goed mei de ferkeap en ek net mei de subsydzjes. De wurkbeurs fan it letterefûns is omleech gongen. As in útjouwer al twifelet om in boek út te jaan, dan krijst gjin beurs mear. Ast wol in beurs krijst en it boek wurdt net útjûn, dan kinst dyn foarskot werom betelje. Kinst noch wol in boek by Elikser útjaan litte, mar dan moatst der sels foar betelje. Júst it fertsjinjen wie foar my wol in motivaasje om troch te gean mei it skriuwen. Dat wie foar ús krekt dat ekstraatsje om ris wat leuks te dwaan. Mar de driuw om te skriuwen is der likegoed noch wol. Ik fyn romans skriuwe rotwurk. Der giet in hiel soad tiid yn sitten en bist hieltyd mei ien ûnderwerp oan ’e gong. By koarte ferhalen en poëzij hast yn ien kear it sicht derop hokker kant it op giet. Soms fiel ik my poëtysk en gean ik derfoar sitten om in gedicht of liettekst te skriuwen. Ik fyn it hiel leuk om koarte ferhalen te skriuwen. Mei myn lêste bondel ha ik oardel jier dwaande west. De útjouwer sei dat der in pear ferhalen út moasten en doe ha wy in seleksje makke.

Ik ha net echt it doel om Nederlânske boeken út te jaan. Der binne oant no ta twa oersettings fan my útkaam: Koudvuur en Zuster. Marijke Hoekstra hat in skilderij makke foar de omslach fan Kâldfjoer. Ik ha foar har in Nederlânske oersetting makke fan it boek, sadat sy wist wêr’t it oer giet. En ik ha Suster oerset omdat it in wichtich ferhaal is foar dizze omjouwing. Ik ha myn oersetting noch troch in Neerlandikus neisjen litten. Uteinlik is dat boek wol better ferkocht as myn oare boeken. Lanlik trochbrekke as skriuwer is dreech. Der wurdt in soad wurk oanbean oan lanlike útjouwers en it is lestich om der tusken te kommen. Ik ha ris meidien oan it Skriuwerswykein en dêr wienen ek Nederlânske útjouwers by. Doe’t sy fertelden hoe’t it gong, bin ik hielendal myn yllúzjes ferlern. Yntusken ha ik by alle Fryske útjouwers al wat útjaan litten. It yn stân hâlden fan de Fryske literatuer is hiel wichtich; dêr leit in taak foar de provinsje. As der gjin oanbod mear is fan nije Fryske boeken slûpt it motyf om Frysk te lêzen derút. Yn tiid fan krisis is keunst in maklik slachtoffer, mar keunst en kultuer jouwe no júst de franje oan it libben. Minsken kinne har deroan oplûke. Ik bin lid fan it Skriuwersboun en ik fyn dat we no ús stim hearre litte moatte.’

En wat dochst fierder…?
Margryt: ‘Trije dagen yn ’e wike wurkje ik as sekretaresse yn ’e GGZ. Ik ha twa beppesizzers, Jonas fan sân en Hanna fan fiif. We passe geregeld op en ik fyn dat hiel moai om te dwaan. Jonas is hiel nijsgjirrich nei de Fryske taal. Hy begjint no út te finen dat beppe in oare taal praat. Yn ’e hûs prate ús bern nammentlik net Frysk. We dogge wol spultsjes, dan moat er alles yn it Frysk beneame. Ik fyn it ek moai om de bern ferhalen te fertellen. Dat die ik ek doe’t ús bern lyts wienen. Fierder bin ik no dwaande mei it skriuwen fan in nij oratoarium oer de Wiisheid. Wat ik leuk fyn pak ik op.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail