Geart Tigchelaar

Foaropwurd 71

logo.ensafh

Op it bloch fan de Rink van der Velde-priiswinder stelt de auteur út om mei Omrop Fryslân op te arbeidzjen om Fryske literatuer (wer) oan ’e man te bringen. Dat is in moai idee dêr’t er foaral fierder mei dwaande moat. Dêr’t it my lykwols om giet, is syn opmerking oer ‘De útwedstriid’, in soarte fan fúljeton dy’t er op syn bloch setten hat: ‘De útwedstriid is in hobby-projekt dêr’t ik finansjeel net wizer fan wurde sil.’
De achterflap fan syn nije boek seit dat er de nije Fryske folksskriuwer is. En Rink van der Velde wie yn syn tiid folksskriuwer pur sang fan Fryslân. En dy hâlde der dochs wol in knap bûssintsje oan oer. Soe dat ek De Jong syn foarlân wêze, soe der einlings wer fertsjinne wurde kinne oan ’e Fryske literatuer, yn stee fan der heechút in nije fyts fan keapje te kinnen. En dan moat men net in te djoere smaak hawwe.
Ik ha him frege as er skriuwt om te fertsjinjen, want dat docht sa’n útspraak wol fermoeden. Lykwols skriuwt er dat dat net sa is. Miskien is dat ek mar goed, want de artistike oanstriid om wat moais te kreëarjen sil sterker wêze moatte, oars ferskynt der hielendal neat mear…
In priuwke fan dy literêre oanstriid is op ’e nij dizze digitale edysje fan Ensafh!

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail