Elske Kampen

Altyd de loft

logo.ensafh

(Priiswinnend gedicht JM-Priis, sjoch dêrfoar hjir)

It sân wie sân, sa fyn as sûker dêrt sy
as bern yn boarte en harsels fergeat;
sy wie samar in bern op knibbels yn
âlde boartersklean en lytse learzens.
It wetter wie wetter, griis en grien fan
waad en see mei skom fan fiere kusten;
sa lyts wie sy, hast sûnder wêzen yn
it wylde stowen fan de wyn.

Mar boppe har altyd de loft, in blauwe
hân dy’t mei wide fingers wite wolken
foarme en grouwe drippen falle liet.

De grinzen fan har lân wiene de tichte
hikken en it skerpe griis fan stikeltried;
in bolle dy’t syn snuvend skaad smiet
oer it toarnbeisykjen fan de fammen.
De grinzen fan har boartsjen wiene
swarte skaden yn ‘e jûn en damp dy’t
út de sleatten kroep, har eangst foar
lette lûden, in toer dy’t honger sloech.

Mar boppe har altyd de loft, it nachtlik
swart flewiel dat hite hollen kuolle en
hertslach dimme ta de rêst.

It sân wie sân, sa wyt as kokos dêrt hy
as bern yn boarte en himsels fergeat;
hy wie samar in bern op knibbels yn
koarte broek op plestik wetterskuon.
It wetter wie wetter, de djippe selokan
mei griene kangkoeng oan ‘e râne;
sa lyts wie hy, hast sûnder wêzen yn
it triljen fan in tropedei.

Mar boppe him altyd de loft, licht as in
koel katoenen lekken, hoeden oer de
blauwe bergen lein.

De grinzen fan syn lân wiene de brede
rânen fan ‘e baai, it rimpen kanteljen
fan ljocht nei neare nacht wylst yn it
tsjuster fine michjes dûnsen lykas fjoer.
De grinzen fan syn boartsjen wiene
de rissels fan in titjak, it rûzen fan de
moesson as in ryspapieren waaier en by
jûn de klamboe as in wale oer syn bêd.

Mar boppe alle boartsjen altyd de hege loft
en yn elk bern it djippe witten fan sân en
wetter út it begjin.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op