Skermer

Stikelbargen

logo.ensafh

Myn frou wie achter de kompjûter ferdwûn en ik siet noch mei ús dochter, dy’t in wykein útfanhûs wie, noflik yn ’e tún wat te keuveljen. It wie in hearlike simmerjûn. Wy dronken der in read wyntsje by en hiene it oer de tún, oer de blommen en oer jierren lyn doe’t wy noch yn it oare hûs wennen en by ús op it hiem altyd stikelbargen libben.
Dêr’t wy no wennen, yn dizze tún, wiene gjin stikelbargen. Us dochter hie der in ferklearring foar. Yndertiid soarge sy dat der op it hiem altyd in plakje wie dêr’t de stikelbargen ûnder krûpe koenen en sokke plakjes wiene hjir yn ’e tún net. Se murk op dat se dat al folle faker sein hie en dat it dochs maklik wie om op in pear rêstige plakken wat tûken en sa del te smiten. ‘Se ha soms sels genôch oan in gat mei in planke deroer. Witst net mear dat ik dat in kear hie en dat der doe in nêst mei jonge stikelbarchjes ûnder siet.’ Ik sei dat ik it net mear wist. Dat fûn se fansels ûnbegryplik.
Mar se hie gelyk, der moast no werklik yn foarsjoen wurde, mar ik brocht al yn dat dizze tún minder frij lei as de oare, miskien tefolle by en tusken de huzen.
Myn dochter gong nei binnen ta om’t se op ’e kompjûter it NOS-sjoernaal noch sjen woe.

De middeis hiene wy nei it Diakonyfean en de Dellebuorsterheide west te kuierjen en dêr praat mei in jonge man dy’t ûndersyk die nei libellen, spesjaal de eastlike wytsnútlibel, seldsum yn Nederlân mar dêr wie in navenant grutte populaasje oanwêzich, benammen by de Catspoel, tusken it Diakonyfean en de Dellebuorsterheide yn. Myn frou hie der krekt in pear dagen earder oer yn ’e krante lêzen.
De ûndersiker beklamme dat Nederlân eins allinne oanleine natuer hie en dat it dêrom altyd hâlden en kearen wie en it dêrom mei de goeie omstannichheden foar in bist as de eastlike wytsnútlibel sa mar wer ôfrûn wêze koe.

Ik mimere dêr noch wat oer en ik hearde yn gedachten in oer de tegels rinkeljend molkeskaaltsje foar de kat dêr’t in stikelbaarch mei de snút tsjin oan treau. Stikelbargen wiene sljocht op molke. Mar ynienen rekke myn ferbylding op ’e kletter. Oan ’e oare kant fan ’e sleat stiene altyd skiep nei my te sjen en as it dêr de tiid foar wie ek lammen. Soms wiene der swannen, al of net mei jongen, ik seach ek wol ris in hazze yn it lân. Einen fansels by de rûs en it oare bekende fûgelguod: roeken en krieën, ris in pear aksters, in ielreager, protters, mosken, baumantsjes, seefûgels, sweltsjes, keppeljende ljippen, in reade wikel, in mûzebiter.
As it al aardich skimerich wie wiene der ek wol jûnen dat in ûle foarbyfleach.
Wat soe it wat wêze, tocht ik doe, as oan ’e oare kant fan ’e sleat in wolf nei my stie te sjen, in wylde bear, in tiger of in liuw, of allegear tagelyk, as in slang út ’e sleat kroep en him om my hinne wûn.
Myn frou en dochter kamen wer by my te sitten en ik fertelde har fan myn fantasyen.
‘No heit,’ sei ús dochter, ‘asto de folgjende kear as ik hjir kom gjin plakje foar stikelbargen regele hast, dan sil ik dy slang wol wêze.’
Myn frou lei dûbel.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op