Hedwig Terpstra

Petear mei Pier Boorsma

logo.ensafh

Pier Boorsma (Snits, 1944) studearre filosofy oan de universiteit fan Amsterdam. Yn 1969 rjochte er mei Pieter de Groot en Johan Frieswyk it kwartaalblêd Sonde op. Yn 1989 ferhuze er nei Grins en studearre dêr Frysk oan de RUG. Pier wie ien fan de gearstallers fan de twatalige blomlêzing Spegel fan de Fryske poëzij (1994, twadde ferzje 2008). Hy hat resinsint west foar it Frysk deiblêd. Hy skreau trije dichtbondels: De neidagen fan in keamerhear (1972), Under frjemde wetten (1978) en Net allinne genôch (2005). Hy wûn fiif kear de Rely Jorritsmapriis foar gedichten. Yn 2010 stelde er de brosjuere Kulturele autonomy yn Fryslân gear, in oersetting fan teksten fan Maarten Mourik en Will Kymlicka. Ik sykje him op yn Grins. It is in kâlde dei en Pier hellet my op op it treinstasjon. We gean mei de bus nei de binnenstêd dêr’t Pier syn appartemint hat. Dêr krije we earst in pear bakjes kofje en dêrnei gean we oer op tequila sunrise (bytsje tequila, mei grenadine en in soad jus d’orange), sa’t er my by in eardere gelegenheid alris beloofd hat.

Wêr giet de brosjuere Kulturele autonomy yn Fryslân oer en wat wie foar dy de oanlieding om dizze oersetting te meitsjen?
Pier: ‘Yn de jierren njoggentich hat Maarten Mourik de Méridonlêzing Culturele coexistentie in Europa holden yn it Maison Descartes yn Amsterdam. Mourik wie yn dy tiid ambassadeur foar ynternasjonale kulturele gearwurking. De jierlikse Méridonlêzing hat as doel aspekten fan de kulturele betrekkings tusken Frankryk en Nederlân te beljochtsjen. Ik ha him frege om in boekje mei de tekst fan syn lêzing. Dat ha ik krigen en dy tekst ha ik brûkt foar myn brosjuere. De tekst fan Will Kymlycka Liberaal Nasjonalisme is ien fan de twa Spinozalêzings mei as titel States, Nations and Culture, dy’t hâlden waarden oan de Filosofyske Fakulteit yn Amsterdam. De earste lêzing Liberal Nationalism giet oer de minderhedeproblematyk, de twadde Multicultural Citizenship giet oer yntegraasje fan ymmigranten. Will Kymlicka is heechleraar politike filosofy oan Queen’s University yn Ontario, Kanada. Myn artikel Op wei nei kulturele autonomy is earder publisearre yn de Ljouwerter krante yn 2009. Yn Kanada en yn ferskate streken yn Europa, lykas Oksitaanje, Baskelân en Kataloanje, spilet deselde problematyk as yn Fryslân. Ik tink dan ek dat dizze teksten fan belang binne foar Fryslân.

Mourik leit yn syn artikel de klam op de kulturele plurifoarmiteit fan Europa. Europa bestiet út kultuermienskippen, dy’t al as net gearfalle mei steatkundige grinzen. Hy giet út fan de lykweardigens fan alle kultuermienskippen. Steaten moatte de soevereiniteit fan har minderheden erkenne, sa seit Mourik. Will Kymlicka seit yn syn artikel Liberaal Nasjonalisme dat de steat net neutraal wêze kin as it om de hearskjende taal en kultuer giet. De steat bepaalt wat de earste taal is. Tink dêrby oan skoalboeken yn de steatstaal en de taal dy’t amtners brûke. Troch de opkringende steatstaal freegje taalminderheden autonomy om har eigen taal en kultuer te beskermjen. Hy seit dat minderheden har yndividuele autonomy pas realisearje kinne binnen de eigen kultuer. Kymlicka seit yn syn artikel Oer Fryslân dat de mobilisaasje fan nasjonaal bewustwêzen yn Fryslân net slagge is. En dat dat de reden is wêrom’t Fryslân gjin territoriale autonomy hat. Oftewol, it moat fan de minsken sels komme.

In kommisje, ûnder foarsitterskip fan Rein Jan Hoekstra, hat yn 2010 advisearre oan it regear dat de provinsje Fryslân sels nije kearndoelen foar it ûnderwiis fêststelle kinne moatte soe. Hy hat syn rapport oanbean oan minister Donner fan Ynlânske Saken en deputearre Jannewietske de Vries. It Ryk hat it foech om skoallen folsleine ûntheffing te jaan foar Fryske lessen nei de provinsje desintralisearre. Der komme Fryske kearndoelen op maat, oanpast oan spesifike skoalsituaasjes. It moaist soe fansels wêze as Fryslân ek eigen foech hat op it mêd fan media en kultuer.

De haadfakstúdzje Frysk op de universiteit yn Grins driget te ferdwinen. Frysk giet takom jier op yn in stúdzje lytse Europeeske talen. Dat binne fansels hiele minne ûntwikkelings. Trije fan de fjouwer banen oan de fakulteit Frysk wurde skrast. Allinnich heechleraar Goffe Jensma bliuwt oer. De stúdzje Frysk is hiel wichtich. Deputearre Jannewietske de Vries moat yngripe. De Unôfhinklike Senaatsfraksje hat op oantrunen fan de FNP fragen steld yn de Earste Keamer.’

Do hast trije dichtbondels op dyn namme stean en in blomlêzing oer de Fryske poëzij
‘Tresoar hat my en noch seis oaren yn de tachtiger jierren frege om in blomlêzing gear te stallen. De earste ferzje is yn 1994 publisearre. Dat wie it earste komplete oersjoch fan de Fryske poëzij fan de santjinde ieu oant hjoeddedei. De blomlêzing is twatalich, we ha der mar leafst tsien jier oan wurke. Yn 2008 is in twadde, bywurke ferzje útkaam, dy’t ik gearstald ha mei Geertrui Visser en Teake Oppewal. Yn de tuskentiid hie de Fryske poëzij in hiele ûntwikkeling trochmakke en wienen der in soad nije Fryske dichters by kaam.

Myn earste dichtbondels De neidagen fan in keamerhear en Under frjemde wetten gean foaral oer mysels. Yn de jierren sechtich en santich wenne ik yn Amsterdam en die ik oan ferskate aksjes mei, lykas de besetting fan it Maagdenhuis. Ik ha ferskillende drugs útprobearre en ha dêr problemen mei krigen, lykas in minne LSD-trip. Dy ûnderfinings komme werom yn myn gedichten fan dy tiid. Yn 2005 kaam Net allinne genôch út. Ik wenne doe al yn Grins en wie mei hiele oare dingen dwaande. Dy gedichten gean oer leafde, bewûndering, it universum, tiid en dea. Fan Abe de Vries, resinsint by it Frysk deiblêd, ha ik in goede krityk krigen op dy bondel.’ Lês hjir de resinsje fan Abe de Vries.

Yn in ensafh-fraachpetear mei Hidde Boersma yn 2009 hast sein datst yn de fiif jier dêrnei fiif boeken útjaan woest. Wat is dêrfan op ’e hispel kaam?
Pier: ‘Ik ha in oanfraach dien foar in beurs by it fûns foar de letteren, mar dy ha ik spitigernôch net krigen. Ik soe wol foar in heal jier nei Praach wolle. De Amerikaanske skriuwer Michael March (65 jier) organisearret dêr poëzijfestivals en it liket my moai om dêrhinne en him te moetsjen. Yn Praach soe ik dan in deiboek byhâlde wolle en letter publisearje. Ik soe ek wol in skoft yn Spanje wenje wolle. Op it momint bin ik dwaande mei in nije dichtbondel en ik ha ideeën foar in roman. It wurdt lykwols hieltyd dreger om in boek útjaan te litten yn Fryslân, dat is hiel frustrearjend. Ik gean wol gewoan troch mei skriuwen en foaral ek yn it Frysk. Ik bin sûnt in pear jier mei pinsjoen. Ik ha fan 1976 oant 1988 skoalbegelieder west yn Amsterdam. Op skoallen yn it leger beropsûnderwiis holp ik bern mei problemen en joech advizen oan de skoallieding. Dêr krij ik no pinsjoen fan, njonken myn AOW.’

Do bist krekt werom út Hong Kong. Wat hast dêr dien? En earder hast yn Sibearje west.
‘Myn soan is kameraman en draait dêr mei by in filmmaatskippij. Ik ha him dêr opsocht, mar it hat my net goed foldien. Hong Kong is in hiele Westerske stêd mei in soad kantoargebouwen en oerdutsen winkelgalerijen. It liket my noch wol moai om ris op it Sineeske plattelân te sjen. As myn soan wer thúskomt sil er meiwurkje oan in Nederlânske film yn Eindhoven, dêr’t er wennet. We ha in goede bân, we sykje inoar sa no en dan op en dan gean we tegearre nei de kroech.

Ik ha yn de santiger en tachtiger jierren meardere kearen nei Ruslân west. Yn 1994 ha ik yn it Sibearyske strafkamp yn Perm west en dêr acht Sovjet-finzenen ynterviewd, dy’t har lot ôf sieten te wachtsjen. Ik ha in generaal omkocht om yn it kamp te kommen. Ik woe besykje de finzenen frij te krijen, mar se blieken allegear in krimineel ferline te hawwen, dan kinst fierder ek neat foar se dwaan. Ien hie bygelyks in bewekker deasketten, doe’t er besocht te flechtsjen.’

Wêr bist noch mear mei dwaande?
‘Ik bin lid fan it Obe Postmaselskip. Obe Postma libbe fan 1868 oant 1963. It selskip set him yn foar fierdere stimulearring fan nije útjeften en stúdzjes fan syn wurk. Se organisearje ek alle jierren in busreis foar leden. As dichter bin ik wol beynfloede troch Obe Postma. Ik fyn syn gedichten prachtich, hy heart by de absolute top fan de wrâldliteratuer. Syn gedichten gean oer it boerelibben en binne tagelyk filosofysk.

It foldocht my hjir yn Grins prima en gean hjir ek net mear wei. Ik bedoel: net werom nei Fryslân. Ik ha in skoftlang meidraaid yn de Grinzer skriuwersscene, mar eins ha ik dat ek wol wat sjoen. Ik gean in soad nei de universiteitsbiblioteek en helje dêr bygelyks boeken oer filosofy. Dy boeken binne by Tresoar net te finen. Ik ha in kast fol boeken, mar de lêste tweintich jier ha ik gjin boeken mear kocht. Alle dagen sit ik sa’n seis oant acht oeren te lêzen. Ik bin fan doel om yn de kommende tsien jier tiid de folsleine Westerske filosofy te lêzen. Ik lês ek in soad poëzij en wittenskiplike boeken. Ik gean geregeld nei lêzings, lykas lêst yn april nei Op zoek naar de ziel van de ziel mei de Nacht fan de Filosofy en ik ha krektlyn nei it filologekongres yn de Fryske Akademy west. Goffe Jensma hat dêr ek in lêzing jûn. Ik gean noch wol geregeld nei Fryslân, mar ik hoech net sa nedich tusken de Friezen te wenjen. Ik fyn dat bytsje ôfstân hiel noflik.’

Klik hjir foar in foardracht troch Pier Boorsma fan syn gedicht In Memoriam Matris

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail