Jouke Hylkema

Homo Erektus

logo.ensafh

Ik rûn op de iere sneintemoarn de hoeke fan it kafee om en folge de Himdyk mei grutte stappen. Eefkes bûten Blauhús lei in stikkene bearenburchflesse op it fytspaad. De firma op it skuorde etiket kaam út myn wenplak. Dy firma hie der fansels gjin skuld oan.
Nee dit wie it wurk fan sa’n harsensleaze flessesmiter út it jeugdhonk, sa gong it troch my hinne. Nederlânske, en ek Fryske jongerein sûpte him nei de top fan ’e Europeeske ranglist fan drankmisbrûk. Jierliks kamen der sa’n fiifhûndert oant tûzen jongeren op ’e yntinsive care telâne fanwegen ‘komasûperij’. Om in better tafersjoch op ’e gong fan saken te krijen gongen der hieltyd mear heiten en memmen mei de jeugd mei op sneontejûn, eefkes in pilske pakke yn in honk. Op it NOS-sjoernaal wie der sels omtinken foar.
Yn in beliedsnota fan it plak Wierden (Twente) lies ik dat in puber eins noch gjin alkohol ferneare kin, dat de harsens noch net hielendal folgroeid binne foar it achttjinde libbensjier. Sieten der dan gjin goede kanten oan it bestean fan jeugdhonken? Wis wol.
Nim no bygelyks sa’n útspraak fan wethâlder Henk Hutten yn ’e gemeenteried fan Staphorst: ‘Sommige keten gaan samen op skivakantie. Het is een verlengstuk van de huiskamer’. Of CU-wethâlder Wolbert Meijer út Zwartewaterland yn ’e Folkskrante fan ’e wike: ‘Er is een keet die elke zomer vrijwilligerswerk doet in Roemenië!’
Dominy Pieter Kornelis van Wijk út it Drintse Aa yn it NRC docht der noch in skepke by op: ‘Ik heb menig kerkdienst voorgegaan in zogenaamde illegale drankketen, de jongeren zijn er erg bij elkaar betrokken. De sfeer doet denken aan de eerste christelijke gemeenschappen binnen de Grieks-Romeinse cultuur!’
Eefkes bûten Wolsum leinen wer in stikmannich stikkene bierfleskes, lykas foar ’e brêge fan ’e Wolsumer Ketting. Hawar, men soe de fiten fan dizze dieder, dizze Neanderthaler, fêst efterhelje. Hoefolle paken en beppen soenen der hjoed op wei nei tsjerke net lek ride yn ’e glêssplinters?
Ik seach him rinnen yn ’e bocht foarby de mitsele muorre by it steatlike boerespul fan Syswerda. Ik de sokken der yn. Doe’t ik de bocht foarby wie seach ik him dúdlik op ’e rêch, in donkerbrune rêch, in loaide hûd like it wol.
Hy hie tsjilskonken, en rûn wakker bûgd, roeikjend mei de earms, in wite plestikpûde oan ’e linker hân en in drankflesse yn ’e rjochter. Doe’t er in swolch naam, seach ik it lange ûnfersoarge burd, wie it in swalker miskyn? Werom hie er allinnich mar in skieppefacht om ’e kont? Wie it eins wol in skieppefacht?
Op tweintich meter:
Ferdomd wat hie dy keardel in hier op syn trainde bealch sitten. Teisterich tsjok brún hier. Noch foar ôfslach Laerd en Saerd helle ik him yn, en doe draaide er de holle nei my om. Ik seach it wrede antlit, de platte noas dy’t wat wei hie fan in tige grutte ierdbei, de djip lizzende eagen en mûle wêrfan de lippen as festlime opinoar sieten. As wie it in rekonstruksje dat antlit fan de man.
Ik spruts him wakker opsternaat oan en rôp mei in heech lûd.
‘Moast dat no sa mâl mei dat glês? Der kinne wol ûngelokken fan komme! It hiele fytspaad leit fol mei glês en stikkene flessen! Noch nea fan in glêskontener heard, tink?
Syn andert kaam mei hoarten en stjitten, wylst er de pûde fan skrik falle liet.
‘Ahm… Umpf!’
‘Ahm… Umpf!’
En doe op in sukkeldrafke naaide de krompoat der út, rjochting Nijlân.

‘Ahm… Umpf?’ werhelle ik as troch it ljocht slein.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op