Hakan Jörder

Manna

logo.ensafh

‘Hy hat moai sprutsen, fine jo ek net?’

‘Prachtich. Dit moat noait wer, sei er. In wier wurd.’

‘Ja. En dat de slachtoffers noait by ús wei binne, dat wie al sa moai sein.’

‘No! It is alle jierren wer like yndrukwekkend, fyn ik.’

‘Myn namme is Durksen. Us heit hat noch yn it ferset sitten.’

‘Eabeltsje Reitsma, goeie! Libbet jo heit ek noch?’

‘Nee, ús heit is oarlochsslachtoffer. Hy is yn ‘e neidagen fan ‘e oarloch omkaam.’

‘Al dy dappere minsken dy’t har libben foar ús frijheid jûn ha, wat is it wat. Hoe is jo heit stoarn?’

‘By in operaasje yn ‘e hongerwinter. Operaasje Manna. Wolris fan heard?’

‘Nee, al dy details wit ik net. Wat wie dat, operaasje Mannen?’

‘Topgeheim. In operaasje fan ‘e loftmacht.’

‘Jo heit wie piloat?’

‘Hy wie op ‘e grûn operasjoneel.’
 

Gerrit Durksen senior spuide der net yn. Yn ‘e maitiid fan 1945 hied er Ludwig in bêst steal jonge jenever ôfluze mei pokerjen. Gerrit hie altyd in kaart ekstra yn ‘e mouwe, wat syn maten sa njonkelytsen wol wisten, mar dat sljochtwei soldatefolk út it poepelân fansels noch net. It wie goed besjoen in die fan ferset, want dy Ludwig bleau in mof, al wie it ek noch sa’n noflike kearel. Tagelyk hie Ludwig foar Gerrit en syn húshâlding in strinkje droege woarst meinaam, dat op ‘e lêst hie Gerrit Ludwig mar útnoege om de flesse tegearre soldaat te meitsjen. Se hienen yn ‘e sleatswâl in smout hoekje socht en sieten dêr no mei folle romers neistinoar tusken de blomkes.

‘Proost! Op de eind fan ‘e oorlog, oude mof!’

‘Prost, Gerrit! Auf den Frieden!’

‘Heb je nog wat de vrouw gehoord?’

‘Schon Wochen nicht mehr. Aber lass uns lieber nicht darüber reden.’

‘Best jong. Hee, kunnen Otto en jij me morgen wel even helpen met het brugje voorhuis?’

‘Klar, wenns Otto auch passt, warum nicht? Ist das Geländer wieder abgekommen?’

‘Nee, deze reis is de barte naar beppes kelder, of hoe je dat ook zegt.’

‘Was ist nach wessen Keller?’

En wylst Gerrit Durksen en Ludwig Herzog fierder petearken en de flesse leech makken, fleach Lewis Duke mei in spesjale tastimming fan ‘e Wehrmacht it Nederlânske loftrom yn. Oan board hied er diskear gjin bommen, mar pakken mei bôle, woarst en sûkelarje, foar de hongerjende ynwenners fan Noard- en Súd-Hollân.

‘Take that!’ rôp er, doe’t er in bocht makke boppe in stil stik greide. Hy drukte op ‘e knop en seach fernoege hoe’t achter him in rige fan grutte pakken har wei nei de ierde ta fûnen.
 

‘Ich muss kurz mal pinkeln,’ sei Ludwig. Mei ûnfêste fuotten skeanbille er in eintsje fierderop. De flesse wie hast leech. Gerrit seach him slûch nei en krôke.

Wat in drokte, tocht er. Ik hear no alwer in motor. As dy frekte oarloch foarby is, gean ik sa gau mooglik werom nei Fryslân.

Allegeduerigen dy fleanmasinen. Ho ris, fleanmasinen? Hy krabbele oerein en betocht doe dat er al yn ‘e sleatswâl lei en dat der nergens yn ‘e omkriten mear ferdek te finen wie as hjir. Doe sette er de flesse oan ‘e lippen om it lêste flutske derút te nimmen. It swiere pak mei iterij drukte him de hals fan ‘e jeneverflesse yn ien kear de strôt yn. It slagge Ludwig net om Gerrit allinnich ûnder it swiere pak wei te krijen.
 

‘Operaasje Mannen,’ sei Eabeltsje Reitsma. ‘Wie dat mei dy oanslach op dy iene mei dat snorke? Jo moatte my der ris wat mear oer fertelle.’

Gerrit Durksen junior beseach it frommeske neist him ris oandachtich en knikte doe.
‘Ik ha thús noch in fleske jenever te stean,’ seid er.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op