Albertina Soepboer

In lytse betinking

logo.ensafh

Wat ik die op 4 maaie jûns om acht oere twa jier lyn, dat wit ik noch goed. De betinking sjen foar de deaden op de Dam. Bûten wie it deastil. Dêrnei kaam de gaos dy nacht. In brân mei in deade en in enoarme skea. Wat it libben wie, dat stie op de kop. Ik skreau in kollum foar Farsk. Dy’t ik net publisearre. Omdat it it idee joech oft der mei taal wat fan te sizzen wie. Dat wie net sa. Der wie neat fan te sizzen. De gewoane foarmen fan logika wienen op. In pear wiken letter stoar myn kat oan de gefolgen fan de brân. No dy kollum dy’t ik twa jier lyn skreau en noait publisearre. As lytse betinking hjoed op 4 maaie. Omdat in minske sa út en troch syn deaden betinke moat. Al is it mar mei taal.
 

Ik bin in hotel

De nije fan Moby is al in skoftsje út en ik ha him einlik, einlik kocht. Hy hjit fan Hotel. Fierder hie ik der neat fan sizze wollen. Moby syn muzyk is foaral bedoeld om fan te genietsjen. Ik ha twa wiken geniete fan de CD en doe waard ik sels in hotel. Ja, dat kin. En nee, dat is gjin Kafka. Dus skriuw ik dochs mar oer Hotel.

Hoe wurdt in minske in hotel? It begjint mei de tekst op it CD-hoeske: we enter a hotel room and it becomes our biological home for a while and then we leave. in some ways it’s similar to the human condition. Aardich, tocht ik doe’t ik dy tekst foar it earst lies. Hotels binne apart en dogge wat nuvers mei dyn wêzen. Foar ien of in pear nachten oare gerdinen, behang, flierbedekking, bêd en dûs. Dêr bist dan. Bist thús, teplak en joust dy del dêr. En dan wer op hûs oan. Tocht ik sa. Dat fan de human condition wie ek wol wier, mar lei der wat te dik boppe op fûn ik doe.

Twa wiken nei’t ik Hotel kocht hie, stie ik midden yn de nacht op strjitte foar ús pakhûs mei noch tweintich oare bewenners. Yn ’e rjochterhân bongele kat Jelle yn syn reiskuorke, yn ’e linkerhân in taske mei kaaien, bankpaskes en paspoart, en op ’e rêch in rêchsekje mei laptop. Amper thús wie ik út België en hast alle reisguod wie dêrom noch kreas ynpakt. In nuver lok by in grut ûngelok: brân. Mei safolle reek dat wy fuortendaliks it pân út moasten en hast de hele nacht op it plysjeburo sieten. Wannear’t wy werom koenen nei ús pakhûs, dat wist gjinien. En doe de klap: ien fan de bewenners hie it net oerlibbe.

Dêrnei kaam in rige dagen dy’t similar wienen oan dy human condition fan Moby: we leave. Sliepe op in kampearmatraske op in oar plak, dat net thús wurde woe, omdat dat der hielendal net mear wie, en kat Jelle reizge keurich mei yn syn reiskuorke. Mei allinne dit yn ’e kop: wy libje noch. It appartemint stonk ferskriklik. De boekeplanke mei westerke filosofy koe sa mei de jiskeman mei. In rige oan plysjemannen, fersekeringsmannen, putsjemannen en weningboumannen kaam del.

It is no twa wiken letter. Kat Jelle en ik libje tusken de boekekasten mei lekkens deroer tsjin de roet en de reek dy’t der noch altyd hinget. Jûns drink ik in pilske tusken wat ik tocht dat foar altyd wol gewoan myn eigen hûs wêze soe. Ik tink Ik bin in hotel en draai dan Moby noch in kear.

Maaie, 2005

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op