Hedwig Terpstra

Ferdinand de Jong: ‘We moatte grutsk op it Frysk wêze!’

logo.ensafh

Ferdinand de Jong (1969) is berne yn Oranjewâld en wennet no mei frou en twa dochters yn Boarnburgum. Hy hat de Middelbere Lânbouskoalle dien en wurket as zzp-er. Yn 2010 skreau er de spionaazjeroman Guozzeflecht. Yn 2011 ferskynde de roman It dak fan de wrâld en dit jier krige er dêr de Rink van der Velde-priis foar. Yn de maityd fan dit jier ferskynde de plysjeroman De lêste trúk.


Wêr giet De lêste trúk oer en hoe is it boek ta stân kaam?
Ferdinand: ‘It boek giet oer resjersjeur Evert Jaarsma, dy’t de hannen fol hat oan syn plysjewurk. Mei syn kollega moat er twa mysterieuze stjergefallen oplosse. Syn maat, de autistyske Henkie, hat in Tommy Cooperact en Evert giet nei al syn optredens. Sa ferjit Evert even it fertriet om de dea fan syn moaie jonge frou. Dan komt Evert syn âldere suster mei har rassistyske man út Súd-Afrika op besite. Der wurdt in moard pleegd yn it doarp. Henkie wol in boek skriuwe oer Evert’s plysjewurk en graach ynformaasje fan him ha. En dan komt Evert yn de kunde mei de nije, kreaze snackbareigneres… (Lês hjir it besprek fan Tryntsje van der Steege.)

Ik ha it konsept-boek skreaun yn it arkje fan Rink by De Feanhoop. Ofrûne hjerst ha ik dêr in wike ferbleaun. De earste twa dagen kaam my neat út de fingers. Ik moast noch hielendal de holle leechmeitsje. Komst dêr fan de drokte yn de rêst en dat moast even wenne. Yn de rest fan de wike ha ik it ramt foar it ferhaal skreaun en letter thús ha ik it hielendal útwurke. Uteinlik ha ik gjin twa moanne oer it boek dien. Ik besykje foar in sa breed mooglik publyk te skriuwen; it is dêrom gjin dreech boek om te lêzen. Fan de útjouwer ha ik begrepen dat der wol fraach is nei dit sjenre en ik bin der sels ek in grutte leafhawwer fan. Ik skriuw eins allinnich winters; simmers tink ik der wol oer nei wat ik skriuwe wol. Ik ha no trije boeken yn trije jier útjûn, mar ik wyt noch net oft ik dat de kommende jierren sa folhâld. Ik bin pas op myn fjirtichste begûn mei skriuwen. As zzp-er bin ik behearder fan ferskate begraafplakken yn Fryslân. Ik moat op dy begraafplakken alles ûnderhâlde, it grien, de stiennen, neam mar op. Yn dy tiid betink ik ek ferhalen. Ik skriuw allinnich proaza. Gjin gedichten.’

Wat kinst fertelle oer dyn eardere boeken?
‘Myn earste boek Guozzeflecht is eins ûntstien út it neat. Ik skreau al stikjes foar de doarpskrante ûnder pseudonym. Dat wienen ferhalen oer allerhanne brike figueren, yn de trant fan Bokwert. Ik fûn dat hiel leuk om te dwaan. Op in bepaald momint bin ik mei it manuskript begûn. Doe’t ik it klear hie, ha ik it lêze litten troch Klaas Bruinsma, oersetter fan Grykske en oare klassike talen yn it Frysk. Nei syn oanwizings ha ik besletten om mei te dwaan oan it projekt Skriuw fan it Skriuwersboun. Fia ynternet ha ik kontakt mei harren socht. It wie earst in brij fan wurden, sûnder lêstekens. Elske en Marja Schotanus ha it neisjoen en my allerhanne tips jûn en oanpassings dien. Sa is de tekst op nivo brocht. Foar begjinnende skriuwers is soks echt hiel goed en nuttich. Je leare der in soad fan en by it twadde boek ha je dêr profyt fan. Doe’t it klear wie ha ik kontakt hân mei ferskate útjouwerijen en De Friese Pers Boekerij seach it sitten om it út te jaan. It boek is in spionaazjeferhaal en detektive. It earste diel beskriuwt in spionaazjemissy fan haadpersoan Jan yn de Sovjet-Uny, yn de let-Stalinistyske tiid, om 1953 hinne. Hy moat foar de NAVO in kearnfysikus út in Goelachkamp helje en tagelyk it kamp yn kaart bringe. Yn it twadde part is Jan werom yn Fryslân en wurket er as privee-detektive.

Myn twadde boek It dak fan de wrâld wie samar klear. Ik rûn al hiel lang mei it ferhaal om en ha it doe úteinliks op papier set. Haadpersoan Redmar Ozinga krijt as jonge fan achttjin jier tsien proeflessen berchbeklimmen kado. De learaar berchbeklimmen, Marcel de Ruiter, is in tige ynspirearjende en spannende keardel. Dat fynt ek Hiske, de nije freondinne fan Redmar, dat ta grutte argewaasje liedt. Nei de earste klimaventoeren yn de Skotske heechlannen, wolle Marcel, Hiske en Redmar de Mount Everest betwinge. De machtige berch yn Nepal wurdt ek wol it dak fan de wrâld neamd. Marcel blykt wol in hiel apart man te wêzen, ien dy’t him mei fan alles en noch wat dwaande hâldt, ek minder frisse saken.’

Soest dyn boeken ek oersette wolle?
‘As ik der tiid foar ha soe ik dat wol wolle. Dat soe ik dan mei in útjouwer oerlizze moatte. Mei myn foarige boek ha ik der wol oan tocht om ek in Nederlânske ferzje te meitsjen. Ik bin wol benijd hoe’t myn boeken it yn it Nederlânsk dwaan soenen. Myn boeken soenen ek minsken bûten de provinsjegrinzen oansprekke kinne.’

Do hast de Rink van der Velde-priis wûn foar It dak fan de wrâld. Hoe is dat gong?
‘De priisútrikking wie fan it maityd yn it gemeentehûs yn Drachten. Rink’s widdo wie der ek by oanwêzich. Ut in shortlist fan fiif skriuwers bin ik útkeazen troch de sjuery, dy’t dit jier bestie út Karen Bies, Symen Schoustra en Geertrui Visser. Ik ha as priis in byld krigen, makke troch keunstner Anne Woudwijk – dat stiet hjir no yn de finsterbank – en in jildbedrach. Neffens de sjuery ha ik in Frysk boek skreaun dat geskikt is foar in breed publyk en yn de geast fan Rink van der Velde. It is in provinsjale priis, ynsteld troch de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân. Nei de priisútrikking ha we noch mei in ploech minsken út iten west en dat wie fansels hiel gesellich.’

Wat binne dyn hobbys?
‘Ik bin sportferslaafd, yn passive sin dan. Ik meitsje ek muzyk. Ik ha in gitaar en sit sûnt koart op les. Ik ken no sawat twa akkoarden. Ik fyn it hiel leuk om muzyk te meitsjen en it liket my ek moai om skielk mei oaren te spyljen. Ik hâld fan ferskate sjenres: Fryske rock, klassyk, eins alles wol. Ik lês in hiel soad, ha in kast fol mei allegear ferskillende boeken en ek in soad Fryske boeken. Ik hâld fan Rink van der Velde, Durk van der Ploeg en Hylke Speerstra en ik keapje ek nije boeken. Ik lês ek boeken yn oare talen en berneboeken, lykas fan Thea Beckman. Doe’t ik lyts wie wie ik dêr al gek op. Ik bin pas op lettere leeftyd begûn mei Frysk lêzen. Ik sjoch in soad detektives op televyzje, lykas Varg Veum, in hiele goeie Noarske detektive. It giet oer in priveedetektive dy’t foaral oan de selskant fan de maatskippij stiet. Fierder sjoch ik alle Ingelske en Skandinavyske detektives. Ik hâld net fan Amerikaanske detektives, dy fyn ik te glêd. Lykas NCI, dat is my fierste plat. Ik sjoch wol nei de searjes Lynley en Rebus.’

Do hâldst in bloch by: http://stikelstekker.blogspot.com. Hoe lang dochst dat al?
‘Ik doch dat no twa jier. It is in soart deiboek, ik besykje om alle dagen der wat op te setten. Ik jou myn miening oer dingen en krij dêr in soad reaksjes op. Dêrnjonken stean ik op Twitter en Facebook. Op myn bloch skriuw ik in detektiveroman yn fúljetonfoarm. It is in soart eksperimint. It ferhaal spilet yn in stêd yn Noard-Ruslân. Ik ha no sân parten skreaun, de rest moat it noch oer neitinke. It ferhaal foarmet him dus wylst ik dermei dwaande bin. Myn webloch lûkt hieltyd mear besikers. Doe’t ik de priis wûn fleach it besikerstal yn ien kear in hiel stik omheech.’

Hoe sjochsto de takomst fan it Frysk en de Fryske literatuer?
Ferdinand: ‘Dat hinget hiel bot ôf fan hoe’t âlden de bern grutbringe en wat skoallen deroan dogge. Ik bin in grut foarstanner fan trijetalich ûnderwiis: yn it Ingelsk, Nederlânsk en Frysk. As mear talen oanbean wurde op skoalle dan ûntwikkelje bern in better taalgefoel en sjogge se mear ferbannen tusken de talen. Alden moatte mear oertsjûge wurde fan it belang fan goed taalûnderwiis. It is spitich dat minsken yn Fryslân har der net sa bewust fan binne dat de taal stadichoan ferdwynt as der neat oan dien wurdt. As je wol grutsk binne op it Frysk wurde je fuort bestimpele as Frysk beweger of oansjoen foar ekstremist. It is goed dat op skoallen omtinken jûn wurdt oan Fryske les. Fryske lessen moatte ynteressant en spannend makke wurde foar de bern. Tsjintwurdich wurdt gebrûk makke fan de Tsjekmetoade fan Studio F. Learkrêften moatte it Frysk lykwols ek goed behearskje, oars kinne se it net goed oerbringe op de bern. Dêr is dus ek omtinken foar nedich. De ûntlêzing is tsjintwurdich grut. It is allegear hapsnap ynformaasje op ynternet, in soad minsken ha gjin nocht mear om hiele boeken te lêzen. Ek Nederlânske boeken wurde minder lêzen. Alles feringelsket, as we net oppasse bliuwt der úteinlik mar ien taal oer. Ik twitterje altyd yn it Frysk en bliuw dat ek stûf dwaan. Ik ha lykwols noch gjin hûndert folgers. Frysk soe hipper wurde moatte. De Fryske twitteraksje fan de Afûk hat wol in soad belangstelling krigen. Minsken twitteren dy dei omraak yn it Frysk, mar dat soe eins altyd wol kinne.

Op it mêd fan taalbefoardering leit der in wichtige taak foar Omrop Fryslân, mar se dogge dêr hast neat oan. It Frysk op de webside fan de omrop is striemin. En se ha hast gjin omtinken foar de Fryske literatuer. It is krekt oft se der in hekel oan ha. De presintaasje fan myn lêste boek wie yn it paleis fan justysje yn Ljouwert. Ik hie de omrop ek útnoege, mar se binne net kaam. It soe moai wêze as der in programma komme soe by de omrop spesjaal oer de Fryske literatuer. Dat soe op de radio kinne, mar ek op televyzje. En dan alle wurkdagen, jûns tusken sân en acht. Jonge Fryske skriuwers soenen yn sa’n programma moai oan bar komme kinne. En dan kinne se ynhâldlik mear op de boeken yngean. Se moatte ris in oar publyk oansprekke en net allinnich dat platte amusemint bringe. K-Rûte komt wol alle wiken, mar dêryn is net folle omtinken foar it skreaune Frysk. Ik fyn dat hiel spitich, se soenen dêr echt mear oan dwaan moatte. De provinsje soe dêr ek mear boppe-op sitte moatte.

Ik fyn it nijsgjirrich dat Willem Schoorstra derfoar keazen hat om ôfstân te dwaan fan de Nederlânske nasjonaliteit en de Fryske nasjonaliteit oan te nimmen. Ik folgje de ûntjouwings op de foet. Ik soe sels ek wol ôfstân dwaan wolle. Sa kinne we sjen litte dat we wiis binne op ús Frysk-wêzen. En hoe komme je ta mear kulturele autonomy yn Fryslân? Dat moat dochs fan ûnderen op komme. Mar hoe meitsje je minsken, it Fryske folk, mear bewust fan de wearde fan har eigen taal? Friezen litte fierstefolle gewurde. Je moatte se earst goed lilk meitsje liket it wol, foardat se har earne fan bewust wurde.

Sjochst ek dat Friezen om utens faak grutsker binne op de taal as Friezen hjir. Se hingje mear oan har memmetaal. Wy binne hjir altyd hiel fatsoenlik en passe ús altyd mar wer oan. Dútsers bliuwe altyd mar Dútsk praten. As wy Frysk praten bliuwe tsjin net-Friezen binne we ûnbeskofte hufters, of we fiele ús sa. By de supermerk wurdt Nederlânsk praat oan de kassa, sels hjir yn it doarp. Ik tink dat dat oplein wurdt troch de lieding. Dat is dochs nuver? Dat je yn je eigen doarp net iens mear Frysk mei-inoar prate kinne? Wylst it júst in hiele moaie taal is!’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail