Jehannes Boorsma

Generaasjespalt

logo.ensafh

Myn omkesizzer soe it wykein útfanhûs komme. Dêr hienen wy suver nocht oan, want wy hienen him yn wol seis jier net mear sjoen. Froeger gienen wy wol gauris te fiskjen, it wie in echt natuerminske. As er it rêde koe wie hy nachts te poeren en de houdowen wienen ek net feilich foar him. Hy wie doe noch mar sa’n fjirtjin jier.

In dei as wat lyn krigen wy in kaartsje. Hy frege oft it wol skikte foar it wykein en oft syn partner wol meikomme mocht. Dat, hy sil wol hokje, as ‘samenwonen’, as noch slimmer, ‘voordeurdeler’ wêze. Sa’t ik al sei, wy fûnen it goed. Hja soenen sneontemiddeis komme en sneintemiddeis wer nei hûs. Net te lang en net te koart.

De bel gie en ik derhinne. Dêr stienen hja en se fleagen my tegearre fuort om ‘e hals, twa grouwe tuten. Man as frou, frjemd as net, it makket hjoed de dei neat mear út, se begjinne fuort op inoar om te flybjen.

‘Wolkom,‘ sei ik. ‘Wêr ha jim de auto stean ?’

It frommes makke my dúdlik dat se gjin auto hienen en wiisde dêrby nei boppen. ‘Ozongat, hè.‘

‘’t sil wol, mar hoe binne jim hjir dan kommen?‘ woe ik witte.

‘Op ‘e tomme,‘ sei myn omkesizzer.

No ja, tocht ik, bin dit no hypokriten as parasiten, mar út goederbêstens liet ik it dêr mar by. Net fuortdaliks oardielje, it sil wol wat tafalle. Sa’t hja deryn kamen, stroffelen se hast oer de losse fiters fan de fierstente grutte kistjes en nei’t se alle twa in pûdsje sjek út de binnenbûse fan harren learen jassen klaud en yn ‘e kontbûse fan harren útraffele spikerbroek proppe hienen, koenen wy de keamer yn.

‘Jullie wonen hier mooi,‘ sei se wylst se foar de glêzen stie, ‘mid­den in de natuur.‘

No ha wy mar fiif beammen om hûs hinne en fierder wat rûchte, dat as ien soks ‘midden in in de natuur’ neamt, dan moat se wol tusken beton útbret wêze.

‘Wij willen hier ook niet weg,‘ sei ik yn myn bêste Haarlimmerdyks, want as it in bytsje kin moat se gjin aksint hearre. Net ien hie my frege oft wy hjir wei woenen, mar jo moatte wol ris wat sizze, temear om’t myn omkesizzer de snút ek net iepen die. Se sieten neist mekoar op ‘e bank, suterich yn ‘e klean dy’t hja nei alle gedachten yn in winkel mei healsliten spul fûn hienen. Oeral raffels en gatten en dan ek noch fierstente lyts. Har bûnt breiden jakje kaam mar krekt oer de boarsten, de nâle gappe dryst en útnoegjend de frije natuer yn. It like wol op flea­nen en dan ek noch in liif as in wynhûn. Wy sille it mar net oer it hier hawwe, mar dêr wie nuver yn omfret­ten en yn ombarge.

Om wat praat te hâlden woe ik witte as hja tegearre yn Amsterdam wennen, want it koenen dan wol partners wêze, mar dat hoecht tsjintwurdich net te betsjutten dat jo ek by mekoar wenje. Ik hie it sketten, se wennen beide in Amsterdam en ek noch wol yn itselde hûs.

‘In een kraakpand,‘ ferdúdlike sy, ‘want wij vinden dat wij bij zoveel leegstand recht hebben op woonruimte.‘

‘Zo, dat is niet mis,‘ sei ik en ik seach nei myn omkesizzer, mar dy wie drok oan it neilhimmeljen. Hja fertelde ek noch dat se hjir meikoarten wol útset wurde soenen troch de M.E. en doe’t ik sei dat wy dat úteinlik betelje moasten, fûn se dat soks ús plicht wie. Ik tink, net tsjin yngean, wy moatte it hiele wykein noch, mar myn bloed waard sûpe.

Mar ris oars besykje, tocht ik en ik frege har hoe’t se troch de tiid kamen.

‘Uitkering,‘ sei dat frommes sûnder te ferblikken.

Hoe kinne sokke omkoalen sa nuver omgrieme mei har rjochten en plichten, frege ik my yn alle ûnrêst ôf. Dit sil de generaasjespjalt wol wêze. Mar ik koe my yn ‘e stringen hâlde. Doe’t de tee en de sprits op wie, frege hja wêr’t yn Drachten in kofjeshop wie. Ik sei dat wy mei de kofje op harren rekkene hienen en dat de frou noch spesjaal in bûterkoeke bakt hie. No, dat hie ‘k dus finaal ferkeard begrepen.

‘Wy blowe,‘ sei myn omkesizzer.

‘Wy hienen der ek op rekkene dat jim bliuwe soenen,‘ sei ik, mar hy makke my dúdlik dat se nederwiet keapje woenen en dat it brûken fan softdrugs neat om ‘e hakken hie en dat it alhielendal net fer­slaavjend wurke en dat hja er bêst sûnder koenen. Myn omkesizzer hie yn ien kear de rem derôf, mar soks dom praat kinst better foar dysels hâlde.

‘As jim der sa goed sûnder kinne, dan hoege jim ek net nei sa’n kofje­shop,‘ sei ik en dy slach wie foar my. De kisten kamen út, de fuotten ûnder it gat en it frommes begûn in sjekje te draaien.

Se begjint har no in bytsje thús te fielen, tocht ik en it die my goed. Sa’n minnen ien is it no ek wer net, mar wol oars as myn omke­sizzer. Dy sûch siet er mar wat by en hja die it wurd. Hy wie wol slim feroare. Eartiids hie er de hannen yn beide fûsten en wie it in fjoerfretter. Wat hie dat frommes dy jonge skansearre en in koar­te tiid yn in kloatsek feroare. Mar net yn omreagje. Krekt as fielde er dat ik oan him siet te tinken. Ynienen frege hy my wat wy ite soenen.

‘Rikke skinke,‘ sei ik grutsk. Jo moatte witte, dat wy as wy eartiids tegearre út it fjild kamen faaks in pikele skinke yn ‘e rikkerstonne hongen. Dêrnei de soad der efkes oer en dan ieten wy ús suver blastich. No hie ik spesjaal foar dit wykein in skinke beret, dat myn omkesiz­zer soe syn fingers der wol by opfrette.

‘Wij zijn vegetariers,‘ sei it frommes grimmitich.

Ik wie ferbjustere. Binne dit wol guon fan dizze wrâld, frege ik my yn alle ûnmoed ôf.

‘Dan kinne wy jim bliid meitsje mei geraniums, kaapse fioeltsjes en beltsjeblommen. En wy hawwe it leafst dat jim by it finsterbank ite.’ It wie der út foar‘t ik der erch yn hie en hja tochten grif dat it humor wie, want se moasten gnize.

Wylst de frou nei de winkel wie om fjouwer beferzen fegetaryske pizza’s, frege ik oft hja foar iten ek in slokje ha woenen. Jim wolle it net leauwe, mar se namen gjin alkohol. Slecht voor lijf en leden, fûnen se. En mar blowe, jonges! Doe wie it foar my wol helder, dizze minsken wienen sa knoeid troch de maatskippij – te min tiid nimme om nei te tinken en tefolle tiid nimme om sûnder neitinken fan alles út te spookjen.

‘Dan mar oan de ranja, as prikkeltsjebier, wat wolle jim ha?‘

It waard reade Spa.

Ûndertusken wie de frou mei de griente thúskommen en it guod waard waarm makke. In foech healoere letter koenen wy yn ‘e keuken oan tafel en moas­ten wy, mei respekt foar alles wat libbet, ús tosken yn sa’n grien­tekoeke sette. Mar sa fier wie it noch net. Om de miggen te pleagjen ha wy al sûnt jierren fan dy kliberi­ge brune miggefangers boppe de tafel oan ‘e souder hingjen. Mei ôfgriis siet dat frommes no nei in mich te sjen dy’t oan ‘e flerken fêstplakt siet en nuver spinpoatet.
 

‘Gadverderrie,‘ sei se, ‘dat is nu wat je noemt dieronvriendelijk.‘ Hja waard kwea, wat sis ik, se waard poerrazend en woe op slach fuort. Hoe’t dy omkesizzer, dy sâltsek, my doe oanseach, jim wolle it net witte. Sûnder fierder wat te sizzen ha se de kisten ûnderbûn, de learen jakken oandien en sa binne se ôfsetten. De hûn hat de fjouwer pizza’s opfretten en wy de skinke. Mar it is my al nuver yn ‘e wei, ik moat him noch mar ris belje om mei te snoekjen. It begruttet my sa om dy jonge, dy kinst doch net omkomme litte?

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op