Hedwig Terpstra

Petear mei Anne Popkema

logo.ensafh

By it Boekefeest yn Tresoar op 14 septimber waard bekend makke dat Anne Tjerk Popkema (1975) de Obe Postmapriis 2012 wint foar syn Fryske oersetting út 2009 fan The Hobbit fan J.R.R. Tolkien. De priis wurdt op 12 oktober oan him útrikt yn Tresoar. In moaie oanlieding om in fraachpetear mei him te hâlden. Anne is opgroeid yn Burgum en hat Frysk studearre yn Grins, mei as spesjalisaasje midsieusk Frysk en taalskiednis. Foar syn einskripsje krige er de skripsjepriis fan de Fryske Akademy. Nei syn stúdzje wurke er twa jier by de Fryske Akademy. Yn 2004 gie er nei Dútslân, om oan de Christian-Albrechts-Universität yn Kiel it Altfriesisches Handwörterbuch dien te meitsjen. Hy hat ferskate wittenskiplike artikels skreaun oer it Aldfrysk, leksikografy en de skiednis fan de Fryske taal. Anne wennet no yn Grins mei syn frou en trije dochters (ien fan hast 5 jier en in twilling fan hast 3). Hy hat in taalburo (Taalburo Popkema) en wurket no oan in oersetting fan mearkes fan de bruorren Grimm.

Ynhâld De Hobbit:
Dit is it tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma, dy’t yn sân hasten mei trettjin dwergen en de tsjoender Gandalf op paad moat om in legindaryske dwergeskat by in grimmitige draak wei te stellen. Op de lange reis nei de berch fan de draak komt it selskip troch bergen en bosken, oer richels en rivieren. Hja befjochtsje trollen, ierdmannen, spinnen en wolven yn ’e mande mei elven, minsken, earnen en bearen. En fansels mei help fan de magyske ring, dêr’t Bilbo mei de lilkaardige Gollum in fûle striid om útfjochtet.

Wat wie foar dy de reden om De Hobbit oer te setten?
Anne: ‘As bern ha ik The Hobbit en The Lord of the Rings-boeken al lêzen. Yn 2001/2002, doe’t ik mei myn stúdzje Frysk dwaande wie, ha ik de boeken opnij lêzen. It binne fansels prachtige ferhalen en Tolkien hat sa’n moaie rike wurdskat. Foar jongerein fan 10 oant 18 jier wienen (en binne) net sa folle boeken yn it Frysk, dus it like my in goed idee om sels in Fryske ferzje fan The Hobbit te meitsjen. En tafallich wie Liuwe Westra krekt begûn mei syn oersetting fan it earste part fan The Lord of the Rings, al wisten wy dat net fan elkoar. It hat acht jier duorre ear’t De Hobbit klear wie. Ik ha stipe krigen fan it Feitsma Fûns en de Douwe Kalma-Stifting. The Hobbit wurdt de prolooch neamd fan The Lord of the Rings-trilogy, mar eins is it in op himsels steand ferhaal. Ik neam it net in berneboek, want it boek is ek hiel geskikt foar folwoeksenen. Ik ha besocht net al te âldfrinzich Frysk te brûken omdat ik wol dat it boek foar in sa breed mooglik lêzerspublyk geskikt is. Tolkien wie heechlearaar Aldingelsk en ik ha Aldfrysk studearre en dêr sitte wol in soad reitsflakken tusken, dus bepaalde taalgrapkes herkende ik wol en koe ik goed rekonstruearje.

De oersetting is útkaam by útjouwerij Elikser en der binne no hast 500 eksimplaren fan ferkocht, dat neffens my hiel aardich is foar in Frysk boek. Der is no in twadde edysje útkaam fan it boek, eins in unikum foar in oersetting. It winnen fan de Obe Postmapriis wie in moaie oanlieding dêrfoar. En boppedat wie it op 21 septimber 75 jier lyn dat it boek The Hobbit útkaam. It omslach fan de twadde edysje is nij. It is in foto fan in bosk, dat it Brimsterwâld út it boek foarstelle moat. Ik fyn it in moai en heimsinnich byld dat in bepaalde spanning opropt. Hiel oars as it fantasy-achtige plaatsje fan de draak op ’e omslach fan de earste edysje. Op 13 desimber giet de film The Hobbit yn premjêre yn de bioskoop en dêr kinne we mei de ferkeap fansels moai op oanheakje. Ik bin fansels hiel wiis mei de Obe Postmapriis. Foar my is dat in hiele moaie opstekker en seker ek in motivaasje om fierder te gean mei it oersetten fan moaie boeken. De útrikking is op 12 oktober by Tresoar, tagelyk mei de útrikking fan de Fedde Schurerpriis. Der is in aardich programma mei muzyk en de presintaasje fan de sjueryrapporten. As minsken derby wêze wolle, kinne se har opjaan by Tresoar. Dat sil oars ek de lêste kear wêze datst hjirby wêze kinst: de provinsje wol de Obe en ek de Fedde ôfskaffe. In freeslik min beslút en in lytse ramp foar it oersettersgilde. It moat ein novimber troch de Provinsjale Steaten, dat miskien is der noch ferwin op. Ik soe elts oproppe wolle om yn ‘e pinne te klimmen. Dit mei net trochgean. Lit Obe en Fedde net twa kear stjerre.’

Do bist op it stuit dwaande mei in oersetting fan mearkes fan Grimm.
‘Ja, kloppet. It giet om in seleksje fan fyftich mearkes fan de yn totaal twahûndert mearkes fan de bruorren. Dy seleksje ha se sels al makke, it binne de ferhalen dy’t stean yn de saneamde Kleine Ausgabe fan 1825. Peter Boersma en Hilda Groenesteyn meitsje yllustraasjes by alle ferhalen. Peter makket moaie kollaazjes fan de âlde teksten en plaatsjes út it boek fan Grimm en Hilda makket dêr in frisse en kleurige nije tekening oerhinne, dat in modern en spannend gehiel foarmet. Mei yllustraasjes derby komt it boek tink ik op sa’n 250 siden. Ein novimber komt it boek út by útjouwerij Bornmeer. Ik ha it ek by de Afûk oanbean, lykas earder ek De Hobbit, mar dy woe der net oan. Neffens har soe der gjin merk wêze foar sokke boeken. Skande, want it soe júst moai wêze as der in hiele rige fan dit soart klassikers beskikber komme soe yn it Frysk. Ik tink dan oan titels as Ivanhoe, Gulliver’s Travels ensfh. Dat soe moai wêze foar it ûnderwiis, mar ek foar âlden, sadat se mear te kiezen ha foar har bern. Sy kieze titels dêr’t se fan witte dat de ynhâld kwalitatyf goed is en dêr’t se sels ek aardichheid oan ha kinne soene. De Fryske oersetting fan Harry Potter troch Jetske Bilker is dêr ek in goed foarbyld fan. Ik fyn trouwens dat dy oersetting goed slagge is. It soe moai wêze as dy rige trochset waard.’

Do hast fan 2004 oant 2008 wenne en wurke yn Kiel yn Dútslân. Hoe wie dat?
‘Dat wie geweldich. Ik wurke op de universiteit oan it Altfriesisches Handwörterbuch dêr’t Dietrich Hofmann yn de jierren sechtich mei begûn is. Jarich Hoekstra wie dêr heechlearaar en dat wie in hiele noflike fint om mei te wurkjen. Ik hie myn eigen kantoarke dêr’t ik hurd wurkje koe en in appartemint njonken Jarich syn hûs. Ik wenne doe ek al yn Grins, en ik wie earst fjouwer en letter trije dagen yn ‘e wike yn Kiel. Ik gong der mei de auto hinne en harke dan ûnderweis nei nije cd’s. Langer hie ek net hoecht, it wie presys goed sa.’

Do hast hast trije jier dosint taalfeardigens west oan de oplieding Frysk op de universiteit yn Grins.
Anne: ‘Ja, dat wie oant septimber dit jier. De stúdzje Frysk is yn de praktyk opgien yn de stúdzje Europeeske talen en kultueren. De RuG wol foar de fakken Frysk ta op in stêf fan 0,9 fte en dy dêrneist ôfrekkenje op basis fan oanlutsen studinten. Dat byt inoar fansels freeslik en sil ta de dea fan de stúdzje liede. Der is in soad ferset tsjin de ynkrimping fan de stúdzje Frysk. Goffe Jensma docht lykwols syn bêst foar it omwurkjen fan de stúdzje nei in stúdzje meartaligens en minderheidstalen, mei Fryslân en it Frysk as trochrinnende ‘case study’. De provinsje Fryslân en ek it Kolleezje fan Bestjoer fan de Ryksuniversiteit Grins ha har no stiif achter Jensma syn plannen set. Je kinne fansels de teory fan de problematyk fan minderheden en meartaligens ek foar gruttere kloften studinten yllustrearje oan de hân fan it Fryske foarbyld. Problemen op de wurkflier fanwege de taal komme yn de hjoeddeistige maatskippij in hiel soad foar. Elkenien kin wol oerskeakelje op Ingelsk, mar it Europeesk regear is júst foar it brûken fan de eigen taal, njonken de steatstaal en in ynternasjonale taal. Sa’n stúdzje meartaligens soe dêr moai op oanheakje kinne. Op ’t heden jou ik in kursus Aldfrysk op de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert. Dat fyn ik ek moai om te dwaan.’

Bist ek thús yn de oare farianten fan it Frysk?
‘De moderne farianten fan it Noard- en Eastfrysk net, wol de âldere fazen fan it Eastfrysk. It Frysk dat sprutsen waard tusken it Fly en de Wezer is ek eastlik fan ’e Lauwers noch yn in lyts gebiet bewarre bleaun: Sealterlân, by Oldenburch. Fan it Noardfrysk en it Frysk dat yn de Kop fan Noard-Hollân sprutsen waard is út de midsieuwen neat oerlevere. Eilânfryske dialekten fyn ik ek nijsgjirrich. De Sweed Nils Århammar, earder heechlearaar Frysk yn Grins, hâldt him dwaande mei it Halunder, dat op Helgolân sprutsen wurdt. Hy hat him de ôfrûne tsien jier dwaande holden mei it fêstlizzen fan dy fariant fan it Frysk. De fraach is hoe’t je sa’n eilântaal libben hâlde. Eins soenen bern op it momint dat se fan it eilân ôfgean en har op de fêste wâl nei wenjen sette, de taal hielendal behearskje moatte. En minsken dy’t fan bûten komme en har op it eilân fêstigje wolle, soene ferplichte wurde moatte om de taal te learen. Dat is wol in grutte yngreep yn it priveelibben fan minsken, mar neffens my is dat de iennichste manier om in taal op sa’n eilân yn stân te hâlden. It jildt ek foar bygelyks Skiermûntseach, dat ek noch in eigen dialekt fan it Frysk hat. Dat wurdt neffens my eins allinnich noch mar troch âlderen sprutsen, de jeugd hâldt him dêr net mear mei dwaande. It bestjoer op it eilân soe dêr wat oan dwaan moatte, oars stjert sa’n taal út. Foar ús eigen Frysk bin ik flak foar ynstelling fan twatalige skoallen, dus dat der lesjûn wurdt yn it Frysk en Nederlânsk, heal om heal. Guon âlden stean dêr miskien net achter, mar ik fyn wol dat de provinsje dêr op ta moat. Sjochst ek dat trijetalige skoallen it hiel goed dogge, mei it Ingelsk der noch by. De oerheid moat noed stean foar kultureel erfgoed. Se knapt ommers ek fertutearze gebouwen en monuminten op en dan is der net ien dy’t der wat fan seit. As se de Fryske taal wichtich fine, dan moatte se dêr ek foar stean fyn ik. Us bern prate thús Frysk, we sitte dêr wol boppe-op. Bûten de doar is it hjir yn Grins allegear Nederlânsk, dat it is wol wichtich dat wy konsekwint Frysk praten bliuwe. By de âldste is it slagge. Us jongsten binne hast trije, mar sy begjinne dat ûnderskied ek al wat te meitsjen.’

Wat dochst noch mear? Wat binne dyn dreamen en ambysjes?
‘Ik doch in soad oersetwurk, dus net allinnich literêr wurk, mar ek teksten foar de oerheid, kommersjele teksten en websiden. Ik skriuw wittenskiplike resinsjes en artikels foar tydskriften, lykas Us Wurk fan de ôfdieling Frysk oan de RuG, en It Beaken fan de Fryske Akademy. Ik ha stikken skreaun oer ûnder oare de Aldfryske wurdskat, it âlde lânrjocht fan de Friezen en Aldfryske wei-oantsjuttings. Ik redigearje ek wittenskiplike boeken, lykas de midsieuske stúdzjes fan Dirk Jan Henstra en fan ’t maitiid de earebondel foar Oebele Vries. Ik skriuw fûnsen oan om dêr jild foar beskikber te krijen. Ik fyn it moai om dat wat út te sykjen. Op de Fryske Akademy hold ik my dwaande mei it earste boek dat yn de Fryske taal printe is: de Alde Druk út 1484-1486. Ik koe it projekt spitigernôch net ôfmeitsje. Myn dream is wol om dat wer ris op te pakken. Eins is myn grutste ambysje om lokkich te wêzen. Ik fyn it leuk om te ûndernimmen en as zzp-er myn brea te fertsjinjen. Ik bin net ien foar in fêst kontrakt, boppedat is myn ûnderfining dat it dochs altyd oars rint ast tinkst. Net ien kin my no dien jaan, want ik bin myn eigen baas. En nee ferkeapje doch ik eins net. Ik nim yn prinsipe alles oan en dan witte se dy ek altyd wol te finen. Ik doch sa folle mooglik ferskillende dingen. En krisis of gjin krisis, der binne altyd wol fûnsen, mar dan moatst wol mei in goed plan en in goed finansjeel ferhaal komme. Ik fyn dat wol in sport.’

Wat foar boeken lêst sels?
‘Ik lês net in protte Fryske boeken. Ik bin hielendal net sa thús yn de Fryske literatuer. It wie dit jier ek foar it earst dat ik op it Boekefeest wie. Ik lês net in soad fiksje, mar wol boeken oer midsieuske skiednis of histoaryske rekonstruksjes. Boeken dy’t ik krekt lêzen ha binne De Prooi oer de fal fan de ABN fan Jeroen Smit en Koggen, Kooplieden en Kantoren oer de Hanzegearwurking. En ik ha yn de fakânsje Das Parfüm fan Süskind lêzen. Dat fyn ik in hiel moai boek, dêr soe ik miskien wol ris in Fryske oersetting fan meitsje wolle.’

Sjoch foar mear ynformaasje op:
www.taalburopopkema.nl
www.facebook.com/annetjerk.popkema
De Grimm-oersetting op Facebook:

www.facebook.com/FryskeGrimm

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail