André Looijenga

Foaropwurd 74: oer literêre prizen en publike wurdearring

logo.ensafh

Wy binne healwei de Moanne fan it Fryske Boek, dêr’t de útrikking fan trije grutte Fryske literêre prizen ûnderdiel fan makke is. Noch twa wike, dan wurde se feestlik útrikt: de Obe Postmapriis foar bêste oersetting út of nei it Frysk (2008-2010), de Fedde Schurerpriis foar it iene bêste literêre debút (2008-2010) en de Fedde Schurerpublykspriis foar it oare bêste literêre debút (2008-2010).

De winner fan de Obe Postma waard okkerwyks alfêst bekendmakke.*) Anne Tjerk Popkema wolle wy jitris fan herte lokwinskje mei dy priis! Yn dit nûmer fan ensafh lêze jo in petear mei de lauwere oersetter fan De Hobbit fan Tolkien. Skielk ferskynt der boppedat in wiidweidich duo-besprek fan syn en Liuwe Westra’s Tolkien-oersettings, yn papieren ensafh 6.

Wy binne hiel benijd wa’t dit kear de Fedde Schurer winne sil. En wa’t de winner wurdt fan de oare Fedde Schurerpriis, dêr’t jó ek foar yn de sjuery sitte. Hawwe jo jo stim al útbrocht op jo favoryt? As wy de tuskenstân leauwe meie, wurdt it wikkerdewik: Thys Wadman syn jongereinboek leit in heal tsjil foar op Elske Kampen har earste dichtbondel. Spanning en sensaasje, it lykje suver de keamerferkiezings… Jo stim kin de trochslach jaan (at jo tenminsten foar Kampen of Wadman binne). Moat neffens jo dochs Hidde, Eeltsje of Abe dizze priis krije, hawwe jo noch in put wurk oan it oanmeitsjen fan ekstra nije mailadressen om jo as stimmer mannichfâldich registrearje te litten, – mar lit my jo fansels net ta ferkiezingsfraude oantrune…

12 oktober 2012 is it noch ien kear feest mei Obe Postma en de beide Fedde Schurers. Jo hiene it faaks al fernommen fia de almeugende sosjale media, mar de Provinsje Fryslân wol dien wurk meitsje mei it literêre prizesirkus. Lês hjir wat de Haadlinen yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis 2013-2016 deroer sizze (punt 1.3, op side 5):

“Mei it ynstrumint prizen sette wy yn op de aktive dielname fan Friezen op it mêd fan kultuer, taal en ûnderwiis. Tagelyk stimulearje wy mei ús prizen op it mêd fan keunst, toaniel, literatuer, muzyk, foarmjouwing en arsjitektuer by útstek de talintûntwikkeling dy’t nedich is foar kreativiteit as produksjefaktor. Wy sette de kommende perioade yn op minder prizen: foar elk (boppeneamd) kultuermêd ien. Wy kinne de middels op dy wize effektiver ynsette, it prizejild ferheegje en mear omtinken jaan oan organisaasje en útrikking fan prizen.”

It is in wat dizenich stikje proaza. Foar hoefolle prizen hat de Provinsje noch jild oer? Trije? Foar ‘kultuer’ (wat dat ek wêze mei), foar (Fryske?) taal, en foar ûnderwiis? Seis? Foar (byldzjende?) keunst, foar toaniel, foar literatuer, foar muzyk, foar (yndustriële?) foarmjouwing, en foar arsjitektuer? Tagelyk wol de Provinsje minder prizen fuortjaan, mar wurdt der net by sein oft it om jierlikse of minder frekwinte prizen giet.

De teneur is lykwols dúdlik en klear. De Provinsje fynt de Fryske literatuer net mear sa hiele wichtich. En kulturele prizen binne ynstrumintalisearre ta befoardering fan produksje yn de kreative ekonomyske sektor.

Ik soe nea ûntstride wolle dat kreativiteit en ynnovaasje essinsjeel binne foar in fleurige takomst foar Fryslân. Ik freegje my al ôf, hoe’t de Provinsje it boppesteande tocht hie. Sa’n priis foar arsjitektuer bygelyks. Giet it dêrby om gebouwen yn Fryslân, – ynklusyf ûntwerpen fan net-Friezen? Ik wit net oft dát it Fryske talint stimulearret. Of giet it om it wurk fan Fryske arsjitekten, – ek as it bûten Fryslân stiet? En hoe bot Fries moat in ûntwerper wêze om yn oanmerking te kommen foar in Fryske priis? Boppedat: wurdt it in arsjitektuerpriis foar realisearre projekten (en dêrmei foar it bouwende establishment), of ek foar net-útfierd wurk en foar wider fiemjende fizy’s?

Yn de ‘kultuersektor’ dogge prizen derta. Kulturele prizen heare ta it lyts tal middels dat der is om publyk wurdearring te toanen foar útsûnderlike prestaasjes dy’t net daalks mei grut materieel gewin beleanne wurde. Wurdearring foar de ymmateriële heechfleanders dy’t de minskewrâld (in casu Fryslân) wat moaier en wat better meitsje is enorm wichtich, seker yn ús delgeande tiid fan boppemjittige fiksaasje op beurskoertsen, steatsskulden en besunigings.

De Provinsje Fryslân hat sûnt de oarloch hiel wat kulturele prizen jûn, – in moaie tradysje en eat om grutsk op te wêzen. Sintraal dêryn binne de prizen foar boeken, meastentiids yn de Fryske taal: de Gysbert Japicxpriis (dy’t mei de jierren wat metamorfoazes trochmakke), de niisneamde Obe Postma- en Fedde Schurerprizen, en de Joast Halbertsmapriis foar wittenskiplik wurk oer Fryslân. Soks liket weelderich, mar dit espeltsje binne wol op ien nei alle literêre prizen dy’t der überhaupt bestean foar Frysktalige auteurs.

Wannear’t de Provinsje Fryslân alle provinsjale literêre prizen op ien bulte reagje soe ta ien grouwe Gysbert-superjackpot, lykas no driget, bliuwe der op de wrâld amper prizen oer foar literatuer yn it Frysk en de Fryske streektalen! Wis, it is sûn om de kultuer yn Fryslân wider te sjen as it Frysk allinne, mar keunstuterings yn de Fryske taal (en talen) binne it meast unyk en bysûnder. As Fryslân dy literatuer net op wearde skat, wa moat se dan op wearde skatte?

Fryske literatuer is ommers wiere kreative ynnovaasje. Taalûntwikkeling troch grinzen te ferlizzen. Oersetters eksperimintearje, as it slagget, mei de taal as ynstrumint, fernije it Frysk lâns frjemde paden; oaren sette de finsters iepen om minsken fan bûten ús Fryske literêre kreativiteit sjen te litten. Har wurk fertsjinnet de wurdearring fan in Obe Postmapriis. Nije skriuwers bringe nije lûden en nije ferhalen yn in âlde taal, letterlike ynnovaasje dêr’t de bêste debutanten de wurdearring fan in Fedde Schurerpriis foar krije moatte. Nije lêzers hâlde it Frysk as kultuertaal libben; dêrom is der júst ferlet fan mear wurdearring foar Frysktalige literatuer foar bern en jongerein – lit dêr bygelyks in ‘Diet Huberpriis’ foar wêze.

André Looijenga

*) Piter Boersma neamde it lêsten ‘goedkeap’ om de bekendmakking fan de Obe Postma-winner te ‘bombardearjen ta ûnderdiel fan it Boekefeest’. Dat de winner oan ’e begjin fan ’e Moanne fan it Fryske Boek iepenbier makke wurde soe, wie in idee fan de advyskommisje. Dy waard troch de nije organisatoaren (Tresoar) konfrontearre mei in útrikking oan ’e ein fan dy Moanne, – moannen letter as oarspronklik de bedoeling wie. Wy wiene dêrom fan betinken dat ‘ús’ priiswinner net ûndersnije moast ûnder twa Fedde Schurer-winners.