Hedwig Terpstra

Eric Hoekstra en de Bhagavad Gita

logo.ensafh

Eric Hoekstra (It Hearrenfean, 1960) is taalkundige, oersetter, skriuwer en dichter. Dit jier kaam syn oersetting fan de Bhagavad Gita (It liet fan God) út by útjouwerij Elikser. De Bhagavad Gita is in 2300 jier âld hillich skrift, oarspronklik skreaun yn it Sanskryt, dat in grutte rol spilet yn it Hindoeïsme. It is it bekendste diel út it grutte Yndiaaske epyske gedicht de Mahabharata, skreaun troch de wize Vyasadeva. It boek is troch Eric oerset yn it Frysk en it Nederlânsk, kombinearre yn ien boek. Eric hat Ingelsk en dêrnei algemiene taalwittenskippen studearre yn Grins. Foar it Meertens Ynstitút yn Amsterdam die er ûndersyk nei dialekten. Hy wurket no as taalkundige by de Fryske Akademy yn Ljouwert. Hy hat twa dichtbondels skreaun (ien tegearre mei Eeltsje Hettinga), twa romans en der binne ferskate oersettings fan him útkaam. Yn 2002 krige er de Obe Postmapriis foar de Nietzsche-oersetting Dat sei Zarathustra: in boek foar alleman en gjinien.

Koarte ynhâld fan de Bhagavad Gita:
De Gita is in dialooch yn lietfoarm tusken God yn it stal fan Krishna en syn freon yn it stal fan de Vedyske prins Arjuna. Arjuna komt yn dit boek op it slachfjild fan Kurukshetra tsjin syn famylje en freonen oer te stean. Hy moat mei de iene helte fan syn famylje tsjin de oare helte stride om de hearskippij oer it lân werom te krijen. Hy ferlear dy macht doe’t er mei syn bruorren bedondere waard yn in dobbelspul. As er sjocht dat er tsjin syn dierberen fjochtsje moat, makket him dat wanhopich. Krishna makket him dúdlik dat er net syn plicht as kriichsfeint ûntrinne kin. Arjuna kin Krishna yn syn universele stal sjen. Dizze manifestaasje foarmet in omslach yn Arjuna’s tinken. De Gita einiget mei in kalmearre Arjuna dy’t behearske de striid oangiet. Yn de Bhagavad Gita draait it om de fraach wat in minske dwaan en litte moat om goed te libjen en sa God en de ivige siel (ãtma) te finen.

Wat is de achtergrûn en filosofy fan de Gita?
Eric: ‘It boek hat syn oarsprong yn it ortodoks Hindoeïsme. De wichtichste ynfloed fan it boek is te finen yn de ortodokse Bhakti-beweging yn Yndia. Lettere ynterpretaasjes fan de Gita binne minder ortodoks. It moaiste fan de Hindoeïstyske godstsjinst fyn ik dat it fan it inerlik útgiet. God wurdt net boppe de minske pleatst, mar is yn de minske en is te finen troch goed te hanneljen yn it libben. Yn de Gita jout Krishna útlis oer de joga, in Hindoeïstyske filosofy dy’t leart de geast, it gefoel en it lichem te behearskjen. Fia jogatechniken kin men better yn balâns komme, en sels ek godliker wurde. De boargeroarloch yn it boek kin ek opfette wurde as de striid tusken goed en kwea yn de yndividuele minske. In dualiteit dy’t úteinlik wer liedt ta ienheid, tusken de minske en God. De Gita preket gjin absolute geweldleazens. Krishna ropt Arjuna wol op om te fjochtsjen, omdat stride syn berop is. De Gita preket wol tsjin hate, de emoasje fan fijânskip.

Ik woe dit boek graach oersette om sels hielendal yn de filosofy dûke te kinnen en my dy eigen te meitsjen. De Gita presintearret himsels as in korreksje op de Veda’s, dy’t men beskôgje kin as it Alde Testamint fan de Hindoes. De Gita kin men sjen as it Nije Testamint fan de Hindoes. De Veda’s datearje út it begjin fan it earste milennium foar Kristus. Nei de Veda’s binne de Upanisjaden skreaun, dy’t in ûnpersoanlik godsbegryp ûntwikkelje, dat meast de namme fan Brahman hat. Yn de Gita wurdt Brahman presintearre as ferskiningsfoarm fan Krishna. Yn it Hindoeïsme wurdt God mei ferskate gesichten oanbean, mar al dy goaden kinne as ferskiningsfoarm fan de Iene God beskôge wurde. It kristlik tinken is yn myn eagen fan binnen hielendal útholle. De bibel is hiel tsjinstridich, der binne in soad dingen skrast en feroare en dêrtroch út har kontekst helle. By de Gita is dat minder, it oarspronklik boadskip fan de ienwurding mei God troch leafde en selsferbettering stiet yn alle ynterpretaasjes sintraal. De tsjerken yn Europa rinne leech. Nettsjinsteande bliuwt it ferlet oan godstsjinst bestean. In soad minsken binne sykjende en fine dat yn de spiritualiteit. Sjochst it wol yn de boekhannel. De skappen stean fol mei boeken oer spirituele ûnderwerpen, selshelp, meditaasje ensfh. Oer it generaal hat religy in heilsume ynfloed op de minske, eksessen bûten beskôging littende.’

Wat kinst fertelle oer dyn oersetting fan de Gita?
Eric: ‘It Sanskryt is in hiele âlde taal, dy’t net mear praat wurdt, mar wol besibbe is oan ús taal. Sa is it wurd foar fjoer ‘agni’. Dêr is ferbân mei it Latynske wurd ‘ignis’ dat ek fjoer betsjut. En de god fan de wyn is yn it Sanskryt Waju, dêr’t wer ús wurd ‘waaie’ yn sit. Foar it oersetten út it Sanskryt ha ik gebrûk makke fan de útjefte fan de Gita fan A.C. Bhaktivedanta Swami Prabhupada en de wittenskiplike oersetting fan Prof. Franklin Edgerton. Ik fûn it moai om dy lêste derby te hawwen, as tsjinhinger fan de hiele ortodokse útlis. De oersetting fan Edgerton lêst net noflik en dêrom ha ik myn bêst dien om in linige dichterlike oersetting te meitsjen, dy’t wol wittenskiplik ferantwurde is. Ik ha ek in tal oersettings lêzen dy’t ûnder de maat binne of te folle oanpast oan it kristlik tinken. Ik wol graach dat de ideeën út de Gita sa goed mooglik oerkomme. Dêrom hâld ik by begripen leaver de oarspronklike ynterpretaasje oan as dat ik sels wat nijs betink. Hjir en dêr by minder essinsjele punten ha ik wol in moderne oersetting brûkt. Sa skriuw ik op guon plakken ‘skriften’ of ‘hillige skriften’ yn plak fan Veda’s.’

Hoe pasto sels it spirituele ta yn dyn libben?
Eric: ‘Sa’n tsien jier lyn begûn ik ynteresse te krijen yn New Age, Taoïsme, Hindoeïsme en Zen-boeddisme. Ik ha doe ûnder oaren in boek lêzen oer joga en rekke tige ynteressearre. Ik bin sels op joga gien en fernaam dat dat my holp om myn gedachten stil te setten. Ik siet doe tsjin in burn-out oan en koe nachts min sliepe. Joga hat my holpen om mear inerlike rêst te finen. Ik doch kundalini-joga by Saskia van der Wal op de Skrâns. Kundalini is in libbenskrêft dy’t yn je lichem oanwêzich is en by dizze foarm fan joga learst dizze krêft los te meitsjen en mear harmony yn dysels te berikken. Ik fyn it foaral ek moai om dat mei oare minsken te dwaan. Sa stean wy wol yn in kring en hâlde dan inoars hannen fêst. Dan fielst datst inoar enerzjy joust. Fan alkohol en kofje krijst mear enerzjy, mar it kin dy ek ûnrêstich meitsje. Dêrom bin ik begûn te minderjen en dat hie in goed effekt op myn wolwêzen. Ek bin ik sûner en minder iten gong. Ik yt wol fleis. Sûnt in skoftsje ha ik wer in freondinne en sy makket altyd wol fleis klear. Ik ha dêr ek gjin problemen mei. It is ek net sa dat ik folslein biologysk yt. Ik sit by LETS (in ruilhannelsysteem sûnder jild yn Ljouwert) en dêr kom ik wol yn oanrekking mei biologyske produkten dy’t minsken sels meitsje of ferbouwe. Myn idee is dat goede dingen net ferslaavjend binne, lykas griente, fruit en wetter, mar ferkearde dingen namste mear, lykas alkohol, drugs en fet iten.

Ik gean nei missen en lês hillige teksten. Troch myn âlden bin ik net leauwich grutbrocht, sels in bytsje anty-tsjerks. Us heit is net tsjerks grutbrocht. Dat wie yn de sechtiger jierren en doe makken minsken har der al wat los fan. Us mem is grutbrocht troch in pleechtante en gong as bern nei de grifformearde tsjerke, mar hat dat letter as folwoeksene hielendal loslitten. Ik fyn tsjerken hiele moaie gebouwen en mei se graach fan binnen besjen, mar ha net in hiel soad mei it kristlik leauwen. Fansels hat it kristendom ek goede dingen, lykas it soargjen foar de siken, eat dat de Romeinen noch net sa bot diene. En yn de bibel stean ek nijsgjirrige dingen, lykas yn it bibelstik Prediker dat myn favoryt is. Dêryn stiet bygelyks dat twa better binne as ien, want twa kinne inoar waarm hâlde. Teosofy hat ek myn grutte ynteresse. Yn de fyftiger jierren is bygelyks troch Madame Blavatsky, de oprjochtster fan the Theosophical Society yn New York, in soad goed wurk dien op spiritueel mêd.

It liket my noch wol ’s moai om in skoftsje of langer skoft yn in ashram yn Yndia te ferbliuwen. Ik bin net sa reislustich, wol binnen Nederlân, mar ik gean net graach nei it bûtenlân. Dus miskien fyn ik it ek wol hielendal net leuk dêr, mar ik soe it wol besykje wolle. Yn Nederlân binne net sa folle geskikte ashram’s, dêrfoar moatte je dochs nei Yndia ta. Eins hat in ferbliuw yn in ashram foar my de status fan in dream, in idee dat ik achter de hân hâlde wol. Yn Yndia fungearret in ashram ek as in soart âldereinferbliuw dêr’t minsken oan allerhanne aktiviteiten meidwaan kinne, lykas joga beoefenje en lêzings bywenje. Dat liket my in stik leuker as hjir yn ien of oar âldereinhûs te sitten dêr’t neat te dwaan is. Yn de sechtiger jierren wie der al in soad belangstelling foar ashrams, mei troch de Beatles dy’t ek in skoft yn in ashram ferbleaunen.’

Foar dyn boek Libje goed: op nei de tonne hasto in wike yn in houten tonne ferbleaun.
Eric: ‘Ja, kloppet. Dat wie eins ek in utering fan spiritualiteit en fan myn leafde foar de âlde Grykske filosoof Diogenes, dy’t 2500 jier earder ek yn in tonne tahold. De tonne stie foar boekhannel Van der Velde op de Nijstêd. Doe’t myn boek krekt út wie ha ik dêr as fyt in wike yn sitten, hiel minimalistysk en sober. Ik fêste ek doe’t ik deryn siet, dronk allinnich sopkes. Ik wie der allinnich oerdei, ik sliepte der net. Yn de tonne hie ik kontakt mei minsken dy’t foarby rûnen, ik ha ek hiele leuke reaksjes krigen. Sa wie der in timmerman dy’t op de tonne kloppe en sei ‘Ikehout’. Dat wie wol grappich. It fêstjen hie in lotterjend effekt op my, it joech my in goed gefoel en myn dreamen waarden helderder.’

Wat dochst krekt by de Fryske Akademy en wat hast earder dien op it Meertens Ynstitút?
Eric: ‘Ik hâld my no dwaande mei de grammatika fan it Frysk. Op it momint bin ik dwaande mei in grut projekt wêrby’t de Fryske grammatika fêstlein wurdt yn in Ingelsktalich boek. Wy hawwe dêr in NWO Groot subsydzje foar krigen, dat is spesjaal foar grutte projekten. Yn it boek geane wy yn op de foarmlear, lûdlear, wurdlear en sinslear fan it Frysk. Dêrby wurde ek ferlikings makke mei oare talen, lykas it Nederlânsk en Ingelsk. Op it Meertens ûndersocht ik de ferskillen tusken dialekten fan Grinslân, Drinte en Noard-Hollân. Dêr dogge se gjin ûndersyk nei it Frysk, dat litte se oan de Akademy oer. Ik ha ûntdutsen dat der in soad oerienkomsten binne tusken it Noard-Hollânsk dialekt en it Frysk. Dat is net ferwûnderlik fansels omdat de Friezen dêr yn it ferline ek wennen, yn it part dat no West-Fryslân hjit. Sa hat it Westfrysk krekt as it Frysk twa ynfinitiven, lykas ‘Ik sil wurkje’ of ‘Ik sjoch him wurkjen’. Oant de fyftjinde ieu waard yn Grinslân ek Frysk sprutsen. De stêd Grins wie earder al oerstapt op it Nederlânsk, wylst de ommelannen fêstholden oan har Fryske oarsprong. Der hat wol striid west eartiids.’

Wat hast earder noch mear skreaun en dien?
Eric: ‘Mei Eeltsje Hettinga ha ik de dichtbondel Yn ‘e fal fan ‘e jûn skreaun, in pseudo-oersetting fan in net besteand Sinees boek. Dy gedichten skreaunen wy sels. Fierder ha ik Kening fan de junks skreaun, in skelmeroman. En ik ha in oersetting makke fan Also sprach Zarathustra fan Friedrich Nietzsche. Ik bin in grut leafhawwer fan Nietzsche. Foardat ik my begûn te ynteressearjen foar it spirituele socht ik mear myn antwurden yn de filosofy. Ik fûn it hiel ynspirearjend om my yn Nietzsche syn tinkwize te ferdjipjen. In tsien jier ferlyn ha ik oersettings fan klassike boeken útjûn of op ynternet set, fan Klaas Bruinsma en Pieter Brouwer. Mei help fan Bornmeer ha wy subsydzje regele en de boeken útjûn. Al dy oersettings stean no ek as pdf op ynternet. (Sjoch hjir: http://members.chello.nl/e.hoekstra8/elf.htm) En ik ha fan 1998 oant 2000, sis mar myn wylde tiid, it tydskrift M3 útjûn. Ik skreau ûnder fjouwer pseudonimen sels it hiele tydskrift fol, dat op papier en op ynternet ferskynde. Ik stensile it blêd sels en hie sa’n tritich abonnees. Ik ha ek in skoftlang kollums skreaun foar it tydskrift Liwwadders fan Andries Veldman. Ik gong wol nei kulturele en politike barrens en skreau dêr in ferslach fan. Dat ha ik mei in soad wille dien en der wie ek wol in bepaald publyk foar. Ik skreau dan bygelyks dat Aukje de Vries fan de VVD har wol wat better klaaie mocht hie foar in bepaalde gelegenheid. Dat luts se har dan wol oan, de oare kear hie se dan wer wat kreas oan. Wat dat oangiet jout soks wol in bepaalde macht. Op it momint ha ik net in soad aktiviteiten njonken it wurk. Ik fyn it leuk dat ik nei in skoft allinnich west te hawwen wer in freondinne ha en genietsje derfan om dingen mei har te ûndernimmen, lykas tegearre ite of in ein fytse.’

Wat soest noch mear skriuwe wolle? Hast plannen foar in nij boek?
Eric: ‘Echt konkrete plannen ha ik noch net, mar ik soe hiel graach wat skriuwe wolle oer seksualiteit yn kombinaasje mei spiritualiteit, bygelyks oer tantra. En dan op sa’n manier dat it publikabel is en ynteressant foar oare minsken om te lêzen. Ik soe dat dan yn romanfoarm dwaan wolle, sadat ik it bûten mysels ôfspylje litte kin. In oare ambysje fan my is om in utopy te skriuwen, want ik ha in soad argewaasje fan hoe’t it no giet yn de wrâld op sosjaal en ekonomysk flak. De iepen grinzen fan Europa ha mear earmoed brocht en makke dat mear minsken by de Voedselbank oanklopje moatte. Tagelyk sjochst in oplibbing fan de spiritualiteit en dat minsken op syk binne nei antwurden of nei in oare manier fan libjen. Ik fyn it moai om myn ideeën en ieuwenâlde filosofyen lykas út de Bhagavad Gita te dielen mei oare minsken.’