Jelma Knol

Eelkje Tuma skriuwt yn Noard-Sweden oer jonge froulju dy’t har eigen takomst bepale

logo.ensafh

De twadde roman fan Eelkje Tuma, Paadwizer, ferskynde yn juny yn de rige Fryske Modernen. As lid fan de kommisje dy’t de boeken yn dizze rige útjout, ha ik de ferskillende fersys fan dizze roman yn wurding lêzen. Piter Boersma wie de begelieder fan Eelkje. Omdat Eelkje sûnt 1992 mei har man, de skriuwer Mikael Niemi, yn Noard-Sweden wennet en se mar in inkelde kear yn it jier werom is yn Fryslân, socht ik har op foar in petear oer har wurk yn Ie.

eelkjetumadsc00782

Eelkje Tuma skreau har debútroman, Leafste lea (1996), doe’t se al yn Luleå wenne. Se kaam yn dy hoeke fan Noard-Sweden, ticht by de grins mei Finlân telâne doe’t se yn de einfaze fan har stúdzje kulturele antropology siet. ‘Ik koe dêr ûndersyk dwaan nei begraffenisrituelen, fanút it kultuer-histoaryske Norrbotten-museum. Sa kaam ik yn Övertorneå telâne, yn de delling fan de rivier de Torne en yn Pajala. Dêr koe ik foar in tal wiken in keamer hiere. Myn hospita wie de mem fan Mikael Niemi, in jonge skriuwer dy’t ik al earder troffen hie op in lêzing. Op de merk yn Pajala, ien fan de grutste eveneminten dêr, kaam ik him op ’e nij tsjin. Mikael hie twa dichtbondels skreaun en wurke oan it toanielstik oer it útsjongen fan in ferstoarne. By dat ritueel wurdt de ferstoarne op syn hiem yn de kiste lein mei dinnetûken om him hinne. De ferstoarne is dan foar it lêst thús en de minsken dy’t him kind hawwe sjonge him ta. Dêrnei giet de ferstoarne nei de kapel. It is in âld en moai ritueel dat ik krekt twa wike lyn wer meimakke haw. En it tafal woe dus dat myn ôfstudearskripje ek oer begraffenisrituelen gyng.’
‘Nei myn ôfstudearjen hâlde ik út Amsterdam wei kontakt mei Mikael. Wat letter makken wy tegearre in reis nei Yndia. Mikael kaam ek nei Fryslân en nei twa jier besocht ik om nei Luleå te kommen. Yn it begjin hâlde ik myn keamer yn Amsterdam noch oan, mar ik fielde my al frij gau thús yn Luleå en krige dêr in baantsje yn in restaurant. Letter ha’k ek administratyf wurk dien op in skoalle en ik jou yn ús wenplak Pajala noch altiten trompetles, in muzikale erfenis dy’t ik út Fryslân meinommen haw. Optheden folgje ik kursussen oan de universiteit om projektmanager te wurden. Yn de rin fan de jierren hawwe Mikael en ik trije bern krigen. Ik praat eins altiten Frysk mei de bern, ek wêr’t Mikael by is: dat jout my in fertroud gefoel. It Sweedsk krije se automatysk wol mei. Sikke, de âldste, kin him noch it bêste rêde mei it Frysk. As wy lykas no in pear wike yn Ie binne by ús heit en mem, fernim ik dat de jongsten de taal ek wer frij flot oppikke. Mar eins giet dat Fryskpraten yn Pajala frij muoisum. Der binne dochs te min minsken om har hinne mei wa’t se dy taal prate kinne. Us bern prate tsjintwurdich meastentiids Sweedsk mei my.’

It debút en it projekt Fryske Modernen

Yn Leafste lea docht Eelkje Tuma ferslach oer it libben fan in psychologystudinte, Riemkje, yn Amsterdam. Riemkje sit oanklaud mei in frij grutte poarsje selshate. As provinsjaaltsje kostet it har nochal wat muoite om har steande te hâlden yn it grutte stêdslibben. Mar fan har âlderlik hûs, benammen fan har mem, hat se ek drastysk ôfstân nommen. Minsken dêr’t se fan hâldt of fereale op is, stiet se hieltiten fan har ôf. Se is net by steat om har eigen kwetsberens sjen te litten.
‘Ik haw eins altiten skreaun, fan jongs ôf hie ik der ferlet fan om bepaalde ûnderfinings yn myn deiboeken op te skriuwen,’ seit Eelkje Tuma. ‘En ik skriuw altiten yn it Frysk, dat is dochs myn earste taal. Yn Amsterdam folge ik kolleezjes by Tony Feitsma en Trinus Riemersma en dêr haw ik in soad fan opstutsen. Yn Leafste lea woe ik graach de oergong fan in lyts doarp mei de grutte stêd en it folwoeksen wurden op papier sette. It wie ek in ferwurking fan myn stúdzjetiid.’
Fan Leafste lea binne destiids troch de KU 750 eksimplaren makke. It wie ien fan de earste Fryske romans oer in lesbyske leafde. Mar ôfsjoen fan de wenstige resinsjes en ynterviews is der spitigernôch net in soad omtinken oan it boek jûn.
Eelkje fertelt dat se oer it generaal wol aardige reaksjes op har roman krigen hat, mar yn dy tiid wie se eins mear dwaande mei har jonge húshâlding. Earst nei de berte fan de tredde, Tanja begûn se wer te skriuwen.

‘Mikael is fulltime skriuwer. Hy skriuwt poëzy, jongereinboeken, romans en toaniel. It is foar my in oantrún dat hy skriuwt. Net dat er oer syn ûnderwerpen praat: dat docht er earst as syn boek of stik klear is. Syn selsdissipline by it skriuwen is foar my in foarbyld. En ik koe mei him prate doe’tik fêstsiet mei Paadwizer. Hy jout dan technyske oanwizings.
Oan Piter Boersma syn begelieding haw ik ek in soad hân. As ik him in stik tekst stjoerde oer de mail, kaam hy mei hiele goede kommentaren en suggestjes. Hy stelde ek fragen lykas: Hokker kant woe ik eins út mei myn ferhaal? Koest echt fernimme dat er myn wurk goed lies. Tagelyk soarge it kontakt oer de mail foar in goede balâns tusken syn bemoeienis mei de roman yn wurding en myn ferlet om mei rêst litten te wurden.
Paadwizer gyng yn earste opset fral oer de reis fan de oersetster Marike nei Luleå wêr’t se de – fiktive – skriuwster Linn Matsson moetsje woe. Dêrnei betocht ik dat it wol aardich wie om it boek fan Linn Matsson, Tur, ek yn myn roman te ferwurkjen. Yn it ferhaal oer Linn en ‘har’ boek Tur koe ik in soad kwyt oer de kultuer fan it gebiet dêr’t wy wenje. Boppedat: as ik fêst siet mei de iene ferhaalline, koe ik fierder mei it oare part fan it boek. Tur betsjut trouwens gelok, mar it hat ek de betsjutting fan reis. In goeie tur, seit Jens yn it boek, oftewol: In goeie reis.’

eelkjetumadsc011261

Eelkje Tuma by de presintaasje fan Paadwizer yn it doarpshûs fan Ie

Laestadianen

Yn Paadwizer sit Marike opsletten yn har houlik mei Hylke en har komfortabele boargerlike bestean. Eins wol se fan Linn Matsson antwurd hawwe op har eigen libbensfragen. It boek giet ek oer de twifels oer en langstme nei it krijen fan bern en de ferhâlding tusken memmen en dochters.
Op yngenieuze wize ferflechtet Eelkje Tuma de syktocht nei harsels fan Marike mei de romanfragminten út Tur oer Lena, in frommeske út in tradisjoneel fermidden dat har ek losmakket fan de ferwachtingspatroanen fan har famylje. Tagelyk fertelt Paadwizer sa tusken de bedriuwen troch in soad oer it libben yn it moderne Noard-Sweden dêr’t de ynfloed fan dûmny Lars Levi Laestadius noch altiten grut is. It Laestadianisme is in otterdokse streaming yn de Lutherske steattsjerke. Laestadianen geane sneins gewoan nei de Lutherske tsjerke. Mar se ha wol saneamde ‘bönehus’, letterlik ‘gebedshûzen’, gebouwen dêŕt se byinoarkomme en dêŕt de eigen laestadiaanske predikanten preekje. Yn de njoggentjinde ieu wurke de dûmny en botanist Laestadius yn Noard-Sweden wêr’t doe noch benammen Lappen (Samen) en Finnen wennen. Laestadius spruts de talen fan de Lappen en learde ek Finsk en dat ferklearre mei syn populariteit. Ek kaam er yn it gewear tsjin it alkoholmisbrûk yn dizze omkriten.
Foar Laestadianen stiet de Bibel sintraal. Se fetsje it wurd fan God letterlik op. Sa wolle se gjin froulike foargongers yn tsjerke. De manlike foargongers binne gjin offisjele predikanten, mar geastlike lieders mei in ropping dy’t preekje moatte. Laestadianen binne konservatyf op it gebiet fan ûnder mear seks en se ha gauris grutte húshâldings. Froulju yn Sweden hawwe ornaris betelle banen, mar fierwei de measte Laestadiaanske froulju sitte thús by de bern.
Pajala, dêr’t Laestadius deken waard, is in plakje mei tsjintwurdich sa’n 2000 ynwenners. Frjemd genôch wie Laestadius krekt yn dit plak net wakker populêr en dat is noch altiten sa. ‘Yn Sattajärvi, fyftjin kilometer fierderop, is lykwols hast elkenien Laestidiaan. Dat doarp groeit dus hiel sterk, want elkenien hat in protte bern,’ seit Eelkje Tuma laitsjend. ‘Yn it deistich libben kinne wy goed opsjitte mei de Laestadianen. It binne gauris noflike minsken; se meitsje sels ek grapkes oer har grutte famyljes. Dêr komt fansels by dat ik in bûtensteander bin. De ynfloed fan sa’n beweging giet eins oan my foarby.’

Twa romans

Leafste lea en Paadwizer geane beide oer twa jonge froulju dy’t dwaande binne om folwoeksen te wurden. ‘It sykjen fan jins eigen wei dêryn is yn beide romans de reade tried,’ seit Eelkje Tuma. ‘Marike siket yn earste ynstânsje it antwurd op de fraach nei de wei dy’t se gean sil by de wat âldere Linn Matsson, mar leart úteinliks dat se it antwurd by harsels sykje moat.
Myn generaasje docht in soad dingen oars as de foarige. De generaasje fan ús âlden krige meastentiids al frij jong bern. De generaasje fan no studearret earst, giet it hûs út en krijt wurk en begjint dan eventueel oan in gesin. Dat makket dat wy oars yn it libben steane.
Ik seach ûnder it wurkjen oan Paadwizer Marike as in frij iensum persoan, ien dy’t har ôfsletten hat fan oaren. It kontakt mei har bêste freondinne Petra is kapot, de relaasje mei har man Hylke is frij ôfstandelik. Troch har reis nei Sweden besiket se los te kommen fan Hylke dy’t thús alles bepaalt. Mar hy wol syn kontrôle oer har hâlde en reizget har achternei. Yn it ramt fan de roman fûn ik it eins wol logysk dat Marike oer har libben prate woe mei immen as Linn, dy’t in bûtensteander is en fan wa’t se in objektyf oardiel oer har sitewaasje ferwachte.’
Linn Matsson lit har dêr lykwols net foar brûke. Se fynt dat Marike har eigen problemen mar oplosse moat. Oan de ein fan de roman docht lykwols bliken dat der dochs mear oerienkomsten tusken Marike en Linn binne as de lêzer yn it earstoan tocht hie.

‘No’t ik klear bin mei Paadwizer merk ik dat ik wer in soad nije ideeën foar myn literêre wurk krigen haw. Ik haw der wer echt nocht oan. Troch Hjir en no Ensafh en De Moanne hâld ik kontakt mei de Fryske literêre wrâld. It projekt Fryske Modernen smiet ek wat kontakten mei nije skriuwers op lykas Nyk de Vries en Janneke Spoelstra. Ik fyn it ek aardich om op ’e hichte te bliuwen fan inoars wurk. De Nederlânske moderne literatuer folgje ik ek, bygelyks it wurk fan immen as Conny Palmen. Mar ik lês tsjintwurdich benammen Sweedsk.’

eelkjtumadsc007322

Eelke Tuma fertelt dat se ek fernimt dat se hieltyd faker yn it Sweedsk tinkt. Sa njonkelytsen fielt se har ek hielendal thús yn Pajala. ‘Mar yn it begjin ûnderfûn ik Pajala en syn omkriten wol as in hiele iensume wrâld. Wy sitte dêr fier fan de gruttere wrâld, de stêden en teaters. Ast nei it folle gruttere Luleå wolst, wêr’t ek in universiteit is, bist in heale dei ûnderweis. De natoer yn Noard-Sweden is ek sa oars as hjir yn Fryslân. Yn it begjin miste ik fral de iepenheid fan it lânskip fan Noardeast-Fryslân en de see. It binne hjir fral bosken en omdat it sa lang kâld is, bliuwe de beammen frij leech. De Tornerivier is moai. Ut ús hûs wei sjogge wy dêr op út. Mar dan begjinne daliks de einleaze bosken al wer. It hat jierren duorre foardat ik my in bytsje yn de bosken oriïntearje koe.’

Mikael Niemi

Foar Mikael Niemi dy’t yn it begjin by it petear oanwêzich is, is de belibbing fan it lânskip fansels hiel oars, seit Eelkje. Mikael is hikke en tein yn Pajala. Syn beppe wie in Sami en syn mem is noch altiten aktyf yn de lokale polityk.

Doe’t Leafste lea ferskynde yn 1996 skreau LC-resinsint Jelle Krol dat de roman skreaun wie ‘yn hast fertocht geef Frysk’. Mar krekt de eigen taal en it fêsthâlden dêroan is in typyske konstante yn it libben en wurk fan Eelkje Tuma. Yn dat opsicht binne der ek grutte oerienkomsten mei de taalsitewaasje dêr’t Mikael yn grutbrocht is. Mikael syn heit learde de bern al net mear Meänkieli of Tornedalfinsk praten, mar Sweedsk, omdat er oprjocht miende dat soks yn edukatyf opsicht better wie. Achterôf fynt er dy kar lykwols spitich. Mikael hat himsels de taal bybringe moatten. Yn in ynformele kontektst, bygelyks as er mei de bern yn de sauna sit, besiket er de bern wolris wat Tornedalfinsk by te bringen.

De twa romans fan Mikael Niemi dy’t yn it Nederlânsk ferskynd binne, Popmuziek uit Vittula, (ferskynde yn 43 lannen en waard bekroand mei de wichtichste literêre ûnderskieding yn Sweden, de Augustpriis) en De man die stierf als een zalm, de thriller dy’t krekt dit jier ferskynde by De Geus, binne beide situearre yn it gebiet boppe de poalsirkel dêr’t Eelkje en Mikael wenje. It lânskip, de idintiteit fan de minsken, de taalsitewaasje en de skiednis fan dit grinsgebiet dat ieuwen Finsk wie oant de Russen hieltyd gruttere parten fan it lân anneksearren, binne inkelde fan de tema’s dy’t yn syn wurk oansnien wurde.

Mar wat dêr yn Pajala bart yn dizze romans is universeel. Sels minsken yn Beieren fertelden Mikael dat se deselde ûnderfinings hiene yn har jeugd as de haadrolspilers yn Popmuziek uit Vittula (dizze roman is no as pocket te keap ûnder de nije titel: Popmuziek uit Sexbierumerveen.) En De man die stierf als een zalm is mear as in spannende en sfearfolle thriller. Therese, de resjersjeur út de grutte stêd dy’t sa’n grutte foarsprong op har plattelânske kollega’s hat, is yn wêzen in oarenien as se

altiten tocht hat. Dêrmei is De zalm tagelyk in parody op de wenstige klisjees fan it sjenre.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op