Truus de Vries

Genôch fan tefolle

logo.ensafh
Filosoof libbet wike yn tonne om te fjochtsjen tsjin ferslavingen maatskippij

Febr. 2007: Hoekstra yn ‘e tonne dêr’t er begjin april in wike yn wenje sil.
Foto: Boekhannel Van der Velde

Dr. E. Hoekstra, filosoof en taalkundige, fjochtet tsjin ‘e konsumpsjemaatskippij. Hy hat in sobere libbensstyl en sil begjin april in wike yn in tonne wenje om sjen te litten dat je mar in bytsje nedich hawwe om lokkich wêze te kinnen.

Hawwe jo wolris genôch fan al dy lúkse? Fan it altyd-mar-mear-wollen? Eric Hoekstra (46) wol; hy wennet fan 30 maart oant 7 april yn Ljouwert yn in tonne fan rom twa by twa meter om sjen te litten dat in minske lokkich wêze kin mei mar in bytsje. Dat docht er yn neifolging fan Diogenes (404 – 323 f. Kr.), in Aldgrykske filosoof, dy’t in tonne as fêste wenromte hie.
Hoekstra is yn 1960 yn It Hearrenfean berne. Syn âlders wennen op it Fryske plattelân, dat dêr is er mei syn jongere broer en sus opgroeid. Nei de middelbere skoalle hat er oan de Ryksuniversiteit Grins Ingelske Taal en Kultuer en Algemiene Taalwittenskippen studearre en tsjintwurdich is er as taalkundige ferbûn oan dy universiteit. Nêst wittenskipper is er keunstner en politikus.

‘Minsken binne ferslave oan ‘e lúkse fan dizze maatskippij’
Hoekstra hat yn it deistige libben in sobere libbensstyl: Hy hat gjin auto, hat de kachel yn ‘e winter net heger as 12 graden Celsius en sjocht hast gjin tillevyzje. Op de fraach wêrom’t er foar dy libbensstyl kiest, antwurdet er: ‘Minsken binne ferslave oan ‘e lúkse fan dizze maatskippij, sûnder dat se harren der sels bewust fan binne. Nim de tillevyzje en de auto, men brûkt se al gau ûnnedich faak.’ Hoekstra beskriuwt se as kollektive ferslavingen dêr’t je tsjin fjochtsje moatte. Dy libbensstyl is net in foarm fan gjirrichheid, want neffens Henk Wolf, in goede freon fan Hoekstra, docht er mei syn jild graach moaie dingen foar in oar. Hoekstra jout oan dat er net tefreden wie mei de libbensstyl fan it te soad konsumearjen. Hy wol him dan ek tsjin de ferslavingen keare. ‘It kostet my wol in protte muoite en dissipline, mar as it matigjen slagget, jout dat in hiel foldien gefoel,’ seit Hoekstra.

Soe it net ienfâldiger wêze om lúkse as tillevyzje en auto te ferbieden? Hoekstra jout oan dat dat foar him te fier giet. Sawol auto as tillevyzje hawwe neffens him harren foardielen, mar minsken moatte wer beseffe dat it lúkse is dêr’t se fan genietsje moatte. Hoekstra fergeliket it libben mei in itensmiel: ‘Wannear’t men it itensmiel folsmyt mei piper, sâlt, basilikum, ensafuorthinne, ferdwynt de smaak dêr’t it eins om giet.’ De neidruk leit neffens him yn it libben tefolle op net-essinsjele dingen, wylst minsken harren wer realisearje moatte soenen wat de wiere bedoeling fan it libben is.
 

‘De iennichste libbensdoelen binne wurkje en jild fertsjinje’
De wiere bedoeling fan it libben omskriuwt Hoekstra as ‘persoanlike ûntjouwing’. Dizze ûntjouwing kin neffens him allinne plakfine as je gjin slaaf fan je ferplichtingen binne en je net skamje foar wa’t je binne en wat je dogge. Hoekstra neamt syn tonne-aksje in foarbyld fan dat lêste. Hy wol reklame meitsje foar syn ideeën, al hat er net de yllúzje dat de minsken om him hinne hjirtroch feroarje.

Neffens Wolf is it lang gjin minnichheid om dagenlang yn in tonne te bivakkearjen, foaral net foar immen dy’t sa op syn privacy steld is. Hoekstra siket dúdlik nei aventoer en útdagingen yn it libben. It libben is neffens him nammentlik tige saai: ‘Men libbet yn in fêst patroan en de iennichste libbensdoelen binne wurkje en jild fertsjinje.’ It aventoer is ek itjinge dat Hoekstra it meast oansprekt yn ‘e wittenskip. Op ‘e fraach oft er himsels it meast as keunstner, wittenskipper of politikus sjocht, antwurdet er dan ek: ‘Ik sjoch mysels it measte as in wittenskipper. Men wurket dan om it ûnbekende begryplik te meitsjen en dat beskôgje ik alle kearen wer as in grut aventoer.’ Nêst wittenskipper is Hoekstra keunstner. Hy hat ferskate publikaasjes op syn namme stean, sa as gedichtebondels, romans en koarte ferhalen.

De rol fan politikus yn Hoekstra is it minst grut. Dochs is er al in oantal jierren aktyf yn ‘e polityk: yn ‘e jierren njoggentich wie er lid fan ‘e SP en sûnt 2001 is er lid fan ‘e Fryske Nasjonale Partij (FNP). Dy politike omslach ferklearret er troch syn leafde foar Fryslân en om’t de doelen dy’t de SP neistribbet Hoekstra te ûnwerklik lykje. Hoekstra bliuwt lykwols polityk links oriïntearre.
 

‘Yn ‘e Aldgrykske tiid hienen minsken noch idealen’
Troch de wittenskip is Hoekstra hieltyd mear begûn te lêzen oer de Aldgrykske tiid en krych er grutte bewûndering foar dy kultuer. ‘Yn dy tiid hienen minsken noch idealen en wienen se dwaande mei selsûntjouwing. Men koe it libben sels bepale en siet net yn it fêste skema dêr’t wy no yn sitte. Minsken fan no hawwe faak gjin idealen en as se dy al hawwe, binne se faak tydlik,’ ferklearret er. It is dan ek gjin wûnder dat Hoekstra de Aldgrykske filosoof Diogenes as syn foarbyld sjocht. Diogenes ferachte de maatskippij dêr’t er yn libbe en ûndernaam, lykas Hoekstra, ludike aksjes om syn idealen út te strielen.
 

‘Letter wol ik miskien in kleaster stichtsje’
Nêst Diogenes hat Hoekstra sympaty foar de filosoof Friedrich Nietzsche (1844-1900); hy hat dan ek ferskate wurken fan dy filosoof nei it Frysk oerset. Lykas Diogenes wie Nietzsche kritysk foar de maatskippij oer en hechte in soad wearde oan ‘e ûntwikkeling fan it yndividu. Nietzsche pleatste fraachtekens by it leauwe, lykas Hoekstra no docht, al is er net antyreligieus. Hoekstra wol dat der in religy komt ‘dy’t de wrâld moai makket en dy’t it net allinne oer in moai libben neì de dea hat’. Yn syn weblog beskriuwt er dat er op lettere leeftiid miskien in kleaster stichtsje wol. De reden dy’t er hjirfoar oanjout, is: ‘Der soe in plak komme moatte dêr’t minsken oare libbensidealen neistribje kinne as wurkje en jild fertsjinje.’

De foarkar foar oare libbensidealen komt dúdlik nei foarren yn it boadskip dêr’t Hoekstra syn weblogberjochten altyd mei ôfslút, nammentlik mei: ‘libje goed’. Hy ljochtet dy útspraak ta mei de wurden: ‘Minsken moatte harren bewust wurde fan harren libbensstyl en harsels ûntwikkelje troch mei eigen ideeën te kommen en net oare minsken samar nei te praten en te dwaan.’ De tonne-aksje is in ludike manier om dy idealen ûnder de oandacht te bringen en minsken oan te spoaren om dêroer nei te tinken.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *