Andries Miedema

Mandelstam: ‘Wêr gean ik dizze jannewarismoanne op ’e skûl?’

logo.ensafh

Wêr gean ik dizze jannewarismoanne op ‘e skûl?
Wyld hat de iepen stêd him skraachwurk oan my klonken…
Hoe hâld ik my steande, ik âlje, jou in gûl,
fan skoattels, paperclips en tichte doarren dronken.

Fan it blaffen galmje de túchguodstegen,
as rommelsouders eagje smoarch de skeinde strjitten,
djoeiend drave ynienen jonges allerwegen,
om dan yn hoeken en yn gatten wei te sjitten.

En yn in liuwekûle grôtfol wartich skimerljocht
glyd ik op nei in iisbedutsen wetterkraan,
al stroffeljende slok ik kâlde deade lucht
en krieën stowe nei de himel yn in koartswaan.

‘k Stoarje se nei, bûns op in heining dy’t dêr stiet
en skreau, as soe beferzen hout it hearre kinne:
in lêzer graach, in dokter, freon mei goede ried!
Ien dy’t syn hân rikt op dit paad fol stikelpinnen!

(1937)

Oersetting: Andries Miedema

Brûkte edysje: Spiegel der Russische Poëzie, útjouwerij Meulenhoff, 2000
Nederlânske oersetting ‘Waar berg ik mij deze januarimaand?’ – Peter Zeeman

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op