Jaap Krol

Krollum | Normaal

logo.ensafh

Bennie Jolink is sjonger, skilder en motorkrosser. Dat is net ienfâldich. Sa sjogge je nei Picasso, sa skriuwe je ferskes mei as titels Ik bun moar een eenvoudige boerenlul en Politiek.

Yn Amsterdam is it foar Jolink allegear begûn, om’t er tusken tusken al dy hippe fûgels útlake waard om syn Achterhoekse aksint. Hy wol der leaver net oer prate, sa traumatysk wie it.

Mar Jolink wie mar wat bliid dat er útlake is om syn tongfal. No koe er syn rol as nasjonale provinsjaal ferdjippe en oant de dei fan hjoed sizze dat er yndie mar in ienfâldige boerelul is en al dy tiid hiel gewoan bleaun is. Sa sweeft om Normaal it rotsfêste imago fan de stim fan it plattelân hinne.

Muzikaal is de Normaal-sound net spesifyk plattelannerich. It is oars net as hiele konvinsjonele bluesrock, fan it slach tolve maten yn in doaske. Heechút kin der sein wurde dat der in bepaalde pose yn sit. It plattelân stiet ommers foar earlikheid, autintisiteit, gewoanheid; foar net-stedsichheid. De rock-en-humor dy’t Normaal etalearret, docht in berop op de solidariteit tusken de plattelanners. ‘Lykas do bin ek ik in enoarme grutte boerelul,’ roppe de gitaren.

Dat er ek skilder is, dat stekt my. In skilder skaaft oan syn technyk. In keunstner skaaft altyd oan syn technyk, wit in skilder. Dat kin fan Normaal net sein wurde. Krekt yn it humoristyske fan harren lûd, sit wat ûnbeweegliks, wat koppigs.

Artysten wurde adorearre of belachlik makke, dat is no ienris it gefolch fan harren fak. Slim is it dêrom dat der in taboe sit op it belachlik meitsjen fan Normaal. Safolle autentisiteit, dêr kin gjin mins tsjinop, fynt elkenien – sosjologen en (pop)sjoernalisten foarop. Boppedat folget der oars de hún fan de boer oer safolle diskriminaasje. En dat yn in tiid dy’t gjin respekt hat foar de autintike stedsmins – de mins dy’t libje moat sûnder grutte tún, frisse loft en Hummer.

Bin ik mis? Nee.

Noch net sa lang lyn sei Bennie Jolink dat er nei Amsterdam moast om de Edison-oeuvrepriis op te heljen. In gala yn ’e haadstêd, dat is fansels neat foar ús nasjonale provinsjaal. Jolink ferklearre letter dat it freeslik wie en dat er it byldsje krekt sa goed yn de feart smiten kind hie.

As dat sa is, wêrom hat er dat dan net dien? En wêrom is er eins nei Amsterdam gien? Prizen sizze neat, wit in skaver. Hie er no in echte fint west, dan wie er thúsbleaun – om te skaven oan syn skildertechnyk.
 

Mar Jolink en Normaal hawwe Amsterdam nedich. Sûnder de snelle, drokke Rânestêd gjin klompen, strie en blues. Sûnder stedske hippies gjin roppige boereknul. Sûnder de Rânestêd kin de regio net bestean. Mar dat hear ik no noait.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op