Jaap Krol

Krollum | Krezip

logo.ensafh

Spesjaal foar dizze kollum ha ik in dvd fan Krezip hierd. Krezip is in band dy’t op de popakademy yn Tilburg foarme is. De dvd bestie út selsmakke filmkes fan in toernee en in registraasje fan in konsert. Dat konsert wie in barren yn it unplugged-sjenre. De fans sieten dan ek ticht om de band hinne en hiene alle kâns harren idoalen as gekken te bestoarmjen.

Unplugged, dat is foar in band dochs ek in soart ‘proeve van bekwaamheid’. Se litte hearre of se no wol of net spylje kinne. Krezip moast dus ‘het geleerde in praktijk brengen’.

Foar’t se it toaniel op soene, hiene se in meditatyf momint, lykas volleyballers altyd dogge as se de earste set ferlern hawwe. Of wûn hawwe. Of noch begjinne moatte. Doe’t se opkamen en de fans klappen giene, sei de sjongeres: ‘Wij zijn heel zenuwachtig hoor!’

Huh?

Idoalen binne miskien wol senuwachtich, mar dat meie se fansels noait tajaan. Harren gedrach bestiet dêrom út it oan ’e mûle setten fan in flesse whiskey, it dragen fan in learen broek of it rinnen mei in baarnende sigaret yn ’e bek. ‘Ik ha eins gjin tiid foar jim,’ seit it idoal. ‘Gadferdamme, alwer in stadionkonsert,’ tinkt de drummer. ‘Wa pak ik hjoed op ’e bek?’ fantasearret de gitarist.

Allinnich fans binne sichtber senuwachtich. Sy sjogge ommers harren idoalen yn it echt. Sy kinne net leauwe dat hjir harren favorite artyst stiet. Guon begjinne te razen. Guon moatte gûle. Guon dogge it yn ’e broek. De band giet dêrnei los troch hurd, falsk of fol patos te begjinnen.

Mar Krezip gie net los. Krezip sette yn. Nei oardel nûmer koe ik it net mear oansjen. Ik tocht: ik sjoch ris nei de film fan de toernee. Opnij joech ik se in kâns om sjen te litten of se de djoere, troch belestingbetellers betelle oplieding wurdich binne.

De toerbus ried troch Dútslân. De band meditearre en spile. De bus ried wer fierder. Underwylst hieltyd dat ynteraktive laitsjen yn de kamera. Hieltyd dat stikeme filmshot fan in sliepend persoan. Hieltyd dat gelurk oan in fleske Spa. Nei in kertierke begûn ik mei dizze kollum.

In artyst is gjin buorman of -frou. Hy sjongt om’t er tinkt dat er wat te fertellen hat. Hy kikt op oandacht. Wa’t artyst wêze wol, moat útdaagje. Gleon wêze. Seks útstriele. Boppe it bêd hingje. Dit statement ha ik wolris earder makke, mar no sis ik it yn in oare kontekst. Want ik wol Krezip helpe.

Britney Spears bygelyks is it paad hielendal kwyt. Doe’t se ‘Hit me baby one more time’ song, doe wist gjin mins dat se fantasearre dat se in pony wie dy’t ferkearing woe mei in hynder. No liket se har doel foarby te draven troch nuvere fratsen út te heljen, fratsen dy’t har fans net mear begripe. Fierstente jong is se it slachtoffer wurden fan allegear belangen en likefolle gefoelens. Se kin har lot net mear spylje, se ferliest har tragyk. Dit klinkt paradoksaal, mar tragyk is miskien wol it meast wat in artyst ta in artyst makket. Dy ivige, net te beneamen ûndertoan, dy geheime x-faktor, dat is wat al dy gûlende fans graach witte wolle.

Dit net hawwe, dit clean wêze, dat mei Krezip net oerkomme. Dêrom soe it goed wêze as se op de popakademy ek it fak ‘drank & drugs’ joegen – mei hiel folle praktika fansels. Want Krezip is in berneband, fol Spa en kaaiboskhingers. Ik krige der in bytsje it Gouden Stuiver-idee fan, de priis dy’t ien krige as er de finale fan Snuif-es… eh, Stuif-es-in wûn. No, witte jo de nijste poppriis foar de bêste junkie ek wer (‘Gouden Snuiver’).

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op