Jaap Krol

Krollum | René Froger

logo.ensafh

It moaie fan it fak fan artyste-ûndersiker is dat je, as it goed is, alle frijheid ha om je ûndersyk te dwaan. Mar as je de wierheid sizze oer artysten, hawwe je in dreech libben. Sa bin ik as ûndersiker net wolkom op Lee Towers Gala of the Year. No giet it dit jier net troch, mar hie dat al it gefal west, dan wie ik negearre. Ek Pinkpop en Lowlands binne deadsbenaud foar my. Op myn fersyk om fjildwurk te dwaan, ha ík yn elts gefal neat heard.

Dus spesjaal foar dizze kollum ha ik nei befrijingspop west. Oeral stiene suppoosten en bewakers senuweftich om harren hinne te sjen, drok mobilofonend en walkie-talkie’end. Lykwols hawwe se my folslein oer de holle sjoen.

Frjemd. Sa dreech is it net om my der út te pikken. Ik bin werkenber oan myn effen, wat saaie klean. Gjin T-shirt-mei-band foar my. Fans binne grutte oandachtlûkers, dy’t net altyd witte wat se dogge. De meast ekstreme moatte dan ek tsjin ús en harren sels beskerme wurde. Ik hie dan ek myn PopPom mei (de PunkOpsporingsMethode). Dit apparaatsje scant punkers en stjoert se de oare deis in akseptgiro mei dêrop in te beteljen bedrach. Ek krije harren heit en mem in foto, mei as ûnderskrift: ‘Wilt u dit?’

Ik doch net oan selektyf ekshibisjonisme. My fassinearret de fraach oft artysten ek sinnebrillen drage, oft se it publyk ek beledigje, oft se ek sitte te sûpen. De wiere artyst is hy dy’t de ôfstân bewarret mei izeren fûst. Je binne bang fan him: fan syn wylde hier, tattoes, smoarge klean, geweldadige akt. Telt ien dit byinoar op, dan wurdt der sprutsen fan ‘garisma’. Jerry Lee Lewis hie in surplus oan garisma. Elke punker soe fuort yn ’e broek skite as er dy middei Jerry Lee Lewis sjoen hie te batsen op de piano.

Bands as Di-rect en Kane, sjongers as Lee Towers en Harry Muskee hawwe it net. Yn elk lân, foaral Amearika, rinne wol tachtich Di-rects, Kanes, Towers en Muskees rûn. Unbegryplik is it dan ek dat Muskee foar oardel plaat oerladen is mei allegear prizen, earetitels en stânbylden.

De iennige Nederlânske artyst mei garisma is René Froger. Hy is in krusing tusken Dean Martin en Frank Sinatra, mar is as polderjonge net te benaud om him te affisjearjen as harren opfolger. Hy sjongt LOI-ingelsk, mar hat in izeren laits, switkrollen en drinkerseagen. Froger is in sjoman yn hert en nieren, dy’t bodyguards nedich hat. As er de eagen slút, draacht er de lêsten fan syn faam. Achter him steane The Frogettes.

Alle bands dy’t ik dy middei sjoen ha, fûn ik in steltsje suters. Guon gitaristen besochten it noch om nuver hinne en wer te springen, mar dêr waard ik no net bepaald kjel fan. Guon bands brûkten in akkordeon en songen dan yn ien of oare ôfsichtlike taal in ferske dat foar ‘folkpunk’ trochgean moast. Ik hie myn eardoppen net iens nedich! Godferdomme. Gelokkich kin myn PomPom fia ien druk op de knop feroare wurde yn in NaomNaom (NepArtiestenOpsporingsMethode). Dat apparaatsje scant nep-artysten en stjoert se de oare deis in akseptgiro mei dêrop in te beteljen bedrach. Ek krije harren heit en mem in foto, mei as ûnderskrift: ‘Wilt u dit?’

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op