Andries Miedema

Willem Kloos: ‘Ik wijd aan U dees verzen, zwaar geslagen,’

logo.ensafh

VII.

Ik wijd aan U dees verzen, zwaar geslagen,
Van Passie, en Verdoemenis, en Trots,
In doodsbleek marmer of dooraderd rots,
Al naar mijn kunstnaars-wil en welbehagen.

Zij zijn doorleefd: ‘k heb daarin neêrgedragen,
Rijkhandig, al wat, in den loop des Lots,
Aan menschenliefde of hooge Liefde Gods,
Dit doodarm Wezen heeft te voelen wagen.

Ik, die mijn Leven uit-te-zeggen zoek,
Heb al mijn lieve voelen, zoeken, tasten
En weten in dit somber boek gevat.

En ‘k bied, met dit mijn eerste en laatste boek,
Een laatsten groet aan U, die met uw vasten
Stap naast mijn àl te wankle schreden tradt.

Willem Kloos

 
 

VII.

Dizze fersen wij ik jo, swier snien,
fan Passy en fan Doem en Libbensfragen,
yn deableek moarmer en beïere stien,
al nei myn keunstnerswil en wolbehagen.

Se binn’ trochlibbe: fan my is dêryn delgien,
rykhandich, ál s’ oan Lot en Libben drage,
der is oan minsk’- en Goadeleafde dien,
wat dit dea-earm Wêzen fielde en skrage.

Sykjend in wei myn libben út te lizzen,
ha ‘k al myn leave fielen, taasten , sizzen
en witten yn dit somber’ boek gearfette.

Ik bied, mei dit myn earste boek en ‘t lêste,
in lêste groet oan jo, dy’t ferm jo fêste
stap neist myn té wankele trêden setten.

Oersetting: Andries Miedema

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op