Nyk de Vries

Motorman & 39 oare proazagedichten | 2

logo.ensafh

2. SEEMANSKERTIER

Hieltyd wer siet ik mei dy rothierren yn ‘e noas. Op it lêst besocht ik se mei in fjoeroanstekker út te baarnen, mar it mislearre. Ik krige in abses en foar’t ik it wist rûn ik om mei in grutte fettige smetlape yn ‘t gesicht. Op ‘e sneup nei wat ôflieding makke ik op in jûn in rûngong troch it seemanskertier. Yn in kafee makke ik in praatsje mei in blondine en it die bliken dat se model wie. Sy dronk mei in reidsje fan har Martini en redenearre mar troch oer de bibel. ‘Dy stiennen tafels,’ sei se, ‘dat wie eins net iens sa dom besjoen.’

(Foarpublikaasje 2 fan 3, út de bondel dy’t útkomme sil op 26 augustus 2007 op de Dag van de Uitmarkt, yn Paradiso, Amsterdam.)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op