Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 26. Gysbert Japicx

logo.ensafh
De kristlike Gysbert II

De tsiende psalm

1.
Wêrom, ús God, wêrom steane Jo sa fier?
Wêrom ferskûle, yn ’e tiid fan need en bea?
Och! It godleas skom, fjoer-hjit, as wreed ûndier,
oermoedsk, ferfolget it earm from folk ta d’ dea.
De earmoedige achtsje se lyts, ja min as neat.
Lit har eigen oanslach eigen holle oangripe,
lit har eigen tins har kwea hert sels trochknipe.

2.
De ferdoarne, O, en yn it ferdjer behurd’,
dy jout slim op fan it fûl’ troch him ferrjocht’,
giet godleas op syn smjuntich misdie grut
hy spilet, graai en klau wat rint of fljocht,
hy priizget winstb’jach, slokt yn wat er sjocht,
hy âlet, hy mâlet, hy râlet smaad, skande, ûneare,
o himel-spyt, hy lasteret de Heare.

3.
Hy stekt syn noas omheech, yn heechmoed dol,
hy ûndertaast noch ûndersykt syn dwaan.
Te faak triuwt hy syn beurs en bûse fol,
hy sil om frommens net in fiter jaan.
Hy tinkt: der is gjin God yn ús oanslaan.
Syn wei bringt smert: Jo dwaan ûntflecht syn mjitte;
hy blaast as moud’ dy’t oars is oer de strjitte.

4.
Hy praat himsels de moed yn it hert: ‘Nea, nea
ferwrikje sil ik, ninter tiid of stûn,
fan bern ta bern sil ’k trochgean, sûnder skea.’
Syn mûle flokt en swart, oan it fûl oerjûn.
Hy bilet muoite en ûnrjocht as in hûn.
Hy leech-loert te skûl, ûnskuldige lju te deien,
syn eachmerk: om de earmen fan ’e wrâld te feien.

5.
Allyk in liuwe, yn ’e kûle, te skûl, luorket
as holle honger yn syn termen kryt,
en ljept op kwea net wache skiep: sa gluorket
hy op de sloof dy’t hy it net oer stjit.
Hy dûk-bûgt lyk ien dy’t wyld fûgelt sjit,
of as de liuw fan niis mei deadlik hapjen
komt hy ’t earm folk mei wrede poat fertraapjen.

6.
Hy seit yn it hert (o bistich bot) hy seit,
‘God ferjit om sljocht-folks pleach him oan te tsjen,
Hy sjocht net nei harren om yn ’e ivichheid.’
Hy holledraait, it is him net wurdich te sjen.
Stean op Hear God, lit har net mear betsjen,
lit langer net jo hân yn ‘e bûsen sitte,
stek se út, Hear, wol de earme net ferjitte.

7.
Wêrom lasteret dy godleaz’ smoarchbek God?
Sizzende: ‘Jo straffe misse setten net.’
Jo sjogg’ lykwols djip troch syn tsjok herts slot
en skôgje ta, wa’t er, troch fertriet, ferplet’:
opdat men it opjout, Jo, dy’t it wraakswurd fet’,
dêr’t de earme him op ferlit, yn need en frezen:
Jo helpe en bliuwe de needhelp foar de wezen.

8.
Brek, brui en bûts dy godsleaz’ earm midstwa,
straf al har dwaan, ha! Gryp-knyp se yn it gemoed.
Fine Jo se net? En gryp se net? Wis jonge ja!
Hja stowe as moal, tetrape fan jo foet,
de Heare is kening, dy’t ús ivich hoedt,
en hoedzje sil, en de heiden, Hy, te skande,
de wrâld út stjit, en driuwt se út al syn lannen.

9.
O ljeave Heare! Hoe goed, hoe myld, hoe swiet
ha jo it sêftmoedich hert syn winsk ferheard.
Jo sille him it hert sterkje as mei himelsk wiet,
Jo ear sil myld behearre wat hy begeart.
Om de wees, bedold yn druk dat hy hast stjert,
rjocht te dwaan: dat in minske, hoe’t hy mocht kliuwe,
net fuort fart en mear wandie sil bedriuwe.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op