Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 15. J.J. Starter

logo.ensafh
‘Dertel en ontuchtig’

Jan Janszoon Starter wie in wylde bruier dy’t yn 1621 in bestseller skoarde mei de sangbondel ‘Friese Lusthof’. Wy lêze dat no as in gedichtebondel mar de hiele santjinde ieu troch waard by gedichten de melody oanjûn dy’t der by hearde: wat wy no as gedichten sjogge, wiene dus eins lietsjes dy’t songen waarden. Fansels, der wie gjin tillevyzje. It sjongen wie in algemiene ferdivedaasje, sawol by it folk as yn hegere rûnten lykas by de rederikerskeamers, dêr’t in mjuks fan bohemien en hegerein oan keunst die. Starter rjochte te Ljouwert de rederikerskeamer ‘mocht het rijsen!’ op. (Sjoch oer Starter ek).

De ‘Friese Lusthof’ is in opfallend flotte bondel dy’t lêst as in trein. Ik weage my ek oan in brulloftsdicht (side 240 yn de edysje fan Brouwer), skreaun foar it houlik fan Gualtherus Henricus Gualtheri en Catharina Hagen. Ik tocht, it sil wol saai wêze mar nee! Dat bliek in dealske fermaaklik, flot, bretaal en ûnderhâldend stikje te wêzen. Starter kiest Venus as persona en brûkt dy persona om brutale opmerkingen te meitsjen lykas:

En heeft, naar zijn gewoonte, mij weer omhoog gehaald,
tot in de hemel toe, de hemel vol van weelden
de hemel, die niet meer beduidt als zinnebeelden.

Ik priuw dêrút de belidenis fan Starter syn ateïsme, op syn minst ûnkristlikens, mar gjinien koe him wat meitsje want Venus sei it, en boppedat, it koe op de heidenske himel slaan. Tusken twa heakjes, de Friese Lusthof stiet yntegraal op it net.

Yn de ‘Friese Lusthof’ komme tusken de macht oan Hollânske sangen twa Frysken foar: ‘Frysk Pastorel’ (side 141) en in kouplet yn in sang dêr’t ferskate West-Europeeske folken elk foar oar in kouplet sjonge (side 260). Yn 1618 hie er al in klucht skreaun oer in abbekaat en in boer ‘Vermaaklike Zotte-klucht van een Advocaat en een Boer op ‘t plat Fries’. Dêryn praat de boer Frysk mei humoristysk ferbastere Latyn en de abbekaat in mjuks fan Latyn en Hollânsk. Starter hat ek Bredero’s ‘Angeniet’ ôfmakke. Hy waard lykwols swartmakke troch predikanten. It slagge de machtige faksje fan reli-fanaten ommers ek om it toaniel te ferbieden, yn Amsterdam, yn Ljouwert en de oare toanoanjouwende stêden fan de Republyk. Oars waard ek yn it bûtenlân, yn London bygelyks, it toaniel ferbean. Neffens it predikantefolk wie Starter ‘dertel en ontuchtig’. Hoe koart bloeide de Renaissance ear’t de Reformaasje de frijheid fan mieningsutering oeral wer de nekke omdraaide! Underwyls is it al sa dat Starter in wylde bruier wie dy syn finansjele sitewaasje net yn ‘e macht hie. Hy skreau him yn as studint te Frjentsjer mar al gau hie er grutte skulden makke foar bier en brandewyn … Hy moat in baan as histoarjeskriuwer oannimme, tsjocht mei it leger fan de graaf fan Mansfelt nei Bosnië en stjert dêr yn 1627.

Earje wy Starter de luchtichste! En ik meitsje my sterk, as ik aansen alles fan Bredero en fan Starter lêzen ha, dan soe it my net fernuverje as Starter en net Bredero de grutste fan de twa is. Syn gedichten binne sa sjongsum, sa licht, se tintelje, se flinterje en dogge jin tinken oan Gorter:

O Angenietje,
mijn honing-bietje
mijn vrolijkheid, mijn vreugd,
fontein van mijn geneugt!
Mijn zoetste zusje!
Mijn hoogste lusje!
Mijn alderwaardste goed!
O vrouw van mijn gemoed!
Hoe lang zult gij
U veinzen noch voor mij
daar ik niet meer
zoek of begeer
als uw vermaak en eer?

Starter is in lyrikus pur sang. Syn Frysk is lykwols net geweldich, mar betink dat it foar him in twadde taal is. Wol aardich is dat de muzyk by Starter syn sangen faak fersoarge waard troch … Jacques Vredeman de Vries, deselde fan dy frijmoedige eroatyske stikjes dêr’t wy de Midfryske rige mei iepenen. Wat opfallend is oan Starter syn Euro-liet is dat it hieltyd út it perspektyf fan soldaten skreaun is dy’t wolris lekker te rôven en boerepleagjen sille op it plattelân. It is ûndúdlik wêr’t Starter syn romantyske fassinaasje foar it soldatelibben weikomt. In ferhoalen langst nei geweld en dea? Of hied er yn Fryslân sa’n grutte argewaasje fan boeren skipe?

Fryske Pastorel
Stim, La Dolphine

Hoe komt it Jetske, sis it my:
lykme allinne sjoch ik dy,
sûnder dy te jaan, te jaan.
Swiete skat, dit hat gjin flij
‘t Is better, om soks oars te dwaan.

Om jo leafde socht ik lang
mar skamte hold my yn betwang,
‘k moast swije, moast swije.
No tink ik jo mei myn sang
ris leaflik te befrijen.

Wolste mei my nei it waad,
dan lit ik dy op ús paad
myn hôf sjen, myn hôf sjen.
Der is gjin moaier op ‘e wrâld,
dêr kinne wy dan grou gean:

Peaen en patsjes al de dei,
safolle, leafste, as ik by
doar te bringen, doar te bringen,
sil ik dy jaan dus rin net wei
want dit binne swiete dingen.

Myn leafste, wolste mei my gean
dan jou ik dy kantwurk ta dyn lean
mei rantsjes, mei rantsjes,
sierlik sille mansjetsjes stean
om dyn sniewite hantsjes.

Ringen mei stientsjes ta gewin
sa’t myn leafste se, har nei it sin,
kin betinke, betinke,
sil ik dy jaan, dêrta myn min
en al myn libben skinke.

Dêrom, leaf, jou my dyn hân
want al wie ik hear fan it lân,
goadinne, goadinne,
wiswier, ik winskje oars gjin pân
foar myn trouwe minne.

Starter syn Euro-liet, mei dêryn in Frysk kûplet

Stim, Maaike mijn lief, wat zullen wij maken?

Spanjaarden

Beso los manos myn zoete schelmpje (tútsje de hannen)
Mijn lieve liefje como le va? (hoe is it mei dy)
Het is nu tijd dat ik mijn helmpje,
mijn kruid, mijn lood weer halen ga.
Alarm, alarm, tsa boeren tsa,
de kans is nu eens weer verkeerd,
Bevamos vino, laat druk verdwijnen, (lit ús wyn drinke)
Los espagnoles zijn weer begeerd.

Italianen

O bella figlia, o amor mia! (O moai bern, o myn leafde)
Mijn hoop, mijn troost, mijn koningin,
wilt u met mij, uw lief, verblijen
A poco poco, recht naar mijn zin, (net te fluch net te fluch)
neemt nu de krijg weer een begin.
Beviamo bene, koele vocht, (lit ús goed drinke)
laat ons bedrijven bij boerenwijven
de oude Italiaanse nocht.

Fransozen

Tire le vin, en spoel de glazen
Faites grand chere, laat droefheid staan
en laat ons tieren, roepen, razen,
Vive la guerre, de krijg gaat aan.
Tsa lustig tsa, laat het glas omgaan,
ik moet nu pooien: want ik zal weer
de boeren plagen, wat scheelt eraan
of ik een daaldertje meer verteer.

Engelsen

En gij O noble English soldiers
die gaarne ziet een pretty wench
O gentlemen wiens sterke schouders
Het Nederland dient voor een trench.
Set now your sweetheart upon a bench
and kiss her, kiss her
, vrij dag en nacht:
Laat nu jouw pieken niet slapjes wijken
want de krijg is op de jacht.

Hoogduitsers

Mein liebste Schätzlein, lass uns nicht trauren,
denn der Krieg fängt wieder an,
hole mich der Teufel, die lose Bauern
will ich insunderes vexieren tun
bis ich bekomm’ ein guten Lohn
denn die Fried hat jetzt ein Loch.
Nun lasst uns laufen, fressen und sauffen,
die Bauern müssen es bezahlen noch.

Nederlanders

Gij Nederlandse bootgezellen,
geboren krijgslui, te zee, ter land,
wilt u met ploegen niet langer kwellen
maar neemt de wapenen bij de hand.
Het vuur der krijg is in de brand,
dus raad ik dat gij lustig laat
de Spaanse vrijers uw handen voelen
en weert het heimelijk verraad.

Friezen

Myn leave Baukje, myn swiete famke,
wat bruit ús it jild, is sa ús sin!
Wat deale Gabbe, tjirgest sa jamke?
Is dy de holle alhiel op ‘e rin?
Ja Baukje leaf, ik sis, ik bin
sa bliid, ik makke in grutte sprong.
Blikstiender man, de kriich giet oan,
dat makket dat ik fan wille sjong.

Latinisten

Vos studiosi genaamd studenten:
die uw geld vlug hebt verteerd
met dansen, springen, in teatertenten
en niet een kruim daarvoor geleerd,
qui per plateas des nachts grasseert, (die ‘s nachts in de straten te keer gaat)
verkoopt uw boeken, koopt goed geweer
en wilt met anderen naar de oorlog reizen,
de boeren kwellen van boven neer.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op