Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 10. Petrus Baardt (1590- 1644)

logo.ensafh
Petrus Baardt: Fryske Boerepraktika

II. Fan de sinne.

Hear no ris wat de sinne bringt
wannear’t er oer de lannen blinkt
en wat de moanne mei syn ljocht
fan waar en wyn oan ús berjocht.
Moarns as de sinne tsjocht omheech
en it lân begluorket mei syn each,
sjoch dan ris oft der net in skâns
fan tsjustere wolken tsjok syn krâns
belegeret, grau of roastich brún
of swart of poarper om syn krún,
of dêrom hinne de kleur fan lead:
al dizze tekens binne kwead,
se skuorre faak de balken bleat,
en meitsje wetter yn ’e sleat;
men seit: in iere sinneskyn,
gelearde froulju, bern by wyn,
hâldt, hûsman, dit yn it each en lear,
dy trije doge nimmermear.
As no de sinne giet te bêd,
en is fan it rinnen wurch en sêd,
sjoch dan foaral ris yn it west
hoe dat er dêr beskikt syn nest;
soms is er yn it blau betein,
en dat wol sizze, neat as rein,
mar as der wyn is op ’e wei
dan sjocht er fjurrich, glêd en glei,
en wurdt er bûnt en pears fan stâl
dan doocht it net, en giet it mâl,
bliuw dan wat yn ’e hûs, foarút,
en smyt de kat mei it anker út.
Mar is de sinne slûch of loai
en is er jûns allike moai,
fertrou dy dan frij op it fjild,
dan waakst dyn bûter, bern en jild,
dan groeit dyn ko, dan waakst dyn keal,
bepronket mem dyn binneseal,
dan sjongt de ljurk yn himels top
en fljocht de ljip dy om ’e kop:
nim dan foaral dyn tiid te wacht
en sis de Kroes-en-Piip goenacht,
it Grand Café, de Toarstige Man,
de Stêdsherberch, de Griene Kan
de Irish Pub en de Lange Nacht
(betelje al earst dyn gelach)
de Bilmans Pau, de Bokmans Raam
en gean nei hûs ta mei dyn faam.

Baardt en de sensuer

Yn it Latynske foaropwurd by de Boerepraktika klaget Baardt oer Cato’s, dy’t syn wurk feroardielje en besensuerearje wolle (Cato die de sensuer foar de Romeinen). Ik frege my ôf, hoe’t dat siet. Wolno, Baardt syn Boerepraktika is net satirysk. Mar syn Hollânske wurk al. Heechlearaar Marijke Spies fernijde my oer de email dat se Baardt eins de nijsgjirrichste út Fryslân ôfkomstige skriuwer fynt, fanwege syn foar dy tiid orizjinele irony en satire. Yn de feestbondel foar professor Breuker (Speculum Frisicum) sitearret se út Baardt syn almanakwurk, en dêryn hat er sels de gek mei almanaksfoarsizzingen. Nim syn foarsizzing foar de twadde wike fan febrewaris (oerset nei it Frysk): ‘dan sil it hiel moai waar wêze foar de berntsjes by in grut fjoer mei in folle panne op ’e skoat, mar by de waach en de merk, mei in simmerjaske en siden manteltsje, sil it net doge’. Wêrom skreau Baardt dan dy lullige almanakstikken? Ik tink, dat er dêr syn brea mei fertsjinne. Yn alle gefallen hat er mear as ienris de Heerenveense Almanak gearstald. Boppedat hie syn Nederlânske wurk wol aardich súkses.

*

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op