Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 16. Johan fan Hichtum

logo.ensafh
Wouter en Tjalle I

‘Wouter en Tjalle’ en ‘Ank en Houk’ ha beide as ûnderdiel dat de de iene haadpersoan de oar fertelt fan in brulloft. ‘Wouter en Tjalle’, ek de helte koarter, hat in simpeler struktuer as ‘Ansk en Houk’. Yn ‘Ansk en Houk’ is de beskriuwing fan in brulloft net allinnich noflik op himsels mar hat ek in dramatyske funskje yn it stik. It wurdt brûkt as kontrapunt om dramatyske krêft te jaan oan Ansk har langst nei in man en oan har angst om allinnich te bliuwen. Yn ‘Wouter en Tjalle’ is dat net sa. Wouter wol net út bêd komme, en dat blykt te wêzen omdat er nei in brulloft west hat. Wouter en Tjalle binne min of te meer kluchtige stereotypen dy’t as funksje ha de beskriuwing fan de brulloft mooglik te meitsjen. Ansk en Houk binne dêrfoaroer persoanen fan fleis en bloed: de bân tusken mem en dochter wurdt hiel moai werjûn, de noed fan de mem om de angst fan it bern, en al sa.

Brulloftferzen wiene almeast foar de adel ornearre. It papier dêr in brulloftfers op ôfprinte is, is dan ek yn ferskaat oan kleur, en lykas Brouwer skriuwt ‘goud en sulver wurde net sparre’. Suver alle 17e ieuske auteurs ha wol brulloftferzen skreaun. Tsjintwurdich wurde ferzen almeast foar de subsydzjeburokrasy skreaun, net mear foar persoanen. Men is dus frijer wat it ûnderwerp oanbelanget tsjintwurdich, mar de priis dy’t de keunst dêrfoar betellet is dat keunstners fan de machthawwers ôfsnien binne: dat binne skieden sirkwy’s. Fan dat wie der eartiids wer minder ‘apartheid’ as no.

It is opfallend hoe flot as Van Hichtum syn ferzen klinke litte kin. Dêr kin Gysbert noch wat fan leare, en dat hat er faaks ek wol dien, want Van Hichtum skreau dit fers yn 1609, doe’t Gysbert dus noch mar 6 jier âld wie. Beiden kamen út deselde hoeke fan Fryslân, de kontrei te’n noarden fan Boalsert. Miskien ha se inoar wol kend. It is dreech om mear bysûnderheden oan de weet te kommen oer persoan fan Johan van Hichtum. It is al tige ûngewoan dat in predikant brulloftsferzen skreau, sa ûngewoan dat er it anonym dwaan moast. Ut it feit dat er soks as predikant doarde (want anonym is ek faaiernôch), meie wy ôfliede dat it wol wat in frije fûgel west hat.

Tjalle
Hey Wouter, kom derút, wa deale soe sa sliepe?
Stap handich yn ’e klean, doch fluks de doarren iepen,
toe avensearje wat, set de kont op ’e rân’,
wy moatte ús skiep en kei ferweidzj’ nei Doede’ lân.

Wouter
Wa komt sa ier op ‘e moarn, en steurt my? Tûzen pokken!
(Mei God it my ferjaan dat ik sa grou moat flokke.)
No lis ik yn myn fleur en ha sa’n swiete droom:
Ik stean noch net op, al kaam de paus fan Room.

Tjalle
Wel Wouter, gekst dermei? Bist fan sliepen dronken?
Of ha se yn ‘e stêd dy juster sa beskonken
datste no rûzich bist? Is it no ta gnoarjen kommen?
Dochs ha ik dy juster net by de bargen fernommen.
Mar skammeste dy net?

Wouter
Wêrom soe ik my skamje?
Leit der in dier yn ‘e sleat? Lit ús letter de dobbe damje.
It is noch betiid genôch, de dei leit foar de hân.

Tjalle
Wat bist in mâle gek, wêr haste dyn ferstân?
Skranderje dy ris op, wurd wekker, fris en tige!

Wouter
Ja, dat is ommers wier, ik hie de sliep wer krige:
Goemoarn Tjalle, gemoarn. Ik sjoch wol, ‘t is al dei.

Tjalle
Ja, no pas sjochst ris op, de moarn is al hast wei:
toe rep dy as in man, dan kinne wy nei it fjild.

Wouter
Wol no heite, kibje net, de bûter sil daalks jilde.
Mar Tjalle harkje ris, ‘k sil dy in teltsje dwaan.

Tjalle
Ja, doch earst de klean oan, wy moatte yn ‘e baan
en hâld it praat foar moarn, dan mei it ús tige wurde.

Wouter
Stil, stil, wês do tefree, de riem ha ik al omgurde,
sjesa, no bin ik ree. Mar Tjalle, sok in nocht
as ik te Frjentsjer hie: as dat nochris wêze mocht
dan woe ik myn nije hoed der wol om ferrinnewearje.

Tjalle
Mar Wouter sis ús ris, wat diene jimme allegearre?
Do bearst ommers tefolle. Wat wie der te Frjentsjer niis?

Wouter
Hark om ‘e niget ta, dan meitsje ik it dy gau wiis.
Do witst ommers wol, hoe dat ik mei myn lammen
en mei ús skieppetsiis, dêrby ús grutte hammen
juster nei Frjentsjer teach, omdat ik nei myn sin
dy dêr ferkeapje woe en doch sa myn gewin.
Ik wie krekt yn ‘e stêd, of dêr kaam al in minske.
Dy sei, “heite ‘k ha al langer sok in hûsman winske
as jo. Krekt op ‘e tiid. Jo binne krekt myn man,
en bringe it nedige mei. Hiene jo dochs noch in swan
dan wie it alhiel nei it sin: mar no al like folle.
Ik bin hjirmei tefree. As jo my skewiele wolle,
kom dan mei my nei hûs, dan reitsje jo je keapwaar kwyt.”
Ik wie dermei tefree, ik naam net lang respyt.
Ik kaam him efternei, hy brocht my yn ‘e koken.
Ik wist net hoe’t ik it hie, se sieten dêr te smoken.
Dat wie sa’n swiete rook: mar wat lei dêr in guod.
Ik sei te lêsten ris: “miskien is it al te bot
dat ik der sa nei freegje, hâld it my te’n bêste.
Wêrta sil al dit guod? Men koe in jier lang mêste.
Hoe dat? Sil hjir te gast de helske paus fan Room,
mei al syn skelmerij? Help my dochs út ‘e droom.”
Doe kaam der in âld wiif en joech my in stik iten
fan ham en ljirre, heite, dêr siet ik op te biten.
Ja, der kaam noch in oar, dy hie in guozzebonk’
en sei, ‘dat bonkekluien, dêrby smakket in dronk,
dan krije je in goed sin.’ Wat tinkt dy, buorman Tjalle,
wie it dêr net goed te dwaan? It mocht my altyd sa falle.
Doe joegen se my in kroes fan sulver wûndere great,
fol guod, hja neamden it bier, ik dronk de boaiem bleat.
It smakke my sa swiet, ik liet him wer fol skinke.
Doe brocht ik it deselde wei, it oare lit him tinke,
hoe’t ik it kielsgat smarre, mar it duorre net hiel lang.
De holle waard my licht, ik foel yn ‘e sang
en balte lûd en leelk: doe kaam in smite minsken
en hokte om my gear, sa machtich, en se winsken
dat se in bolle hiene, dy’t ek sa sjonge koe.
Doe waard ik wat ferbjustere en seach al wat tsjoed.
Dochs ik fette wer moed en ik song wer as in lyster.
Doe naam my by de hân, hea, sok in fraaie frijster.
Dy brocht my yn ‘e seal; dêr seach ik prachtich spul,
dêr dûnsen se sa swiet, mei de earm om ‘e mul.
Hja hiene de fraaiste klean, en rynsk fersierde lobben,
se niigden ek sa moai, se patten en se sobben.
Hja djoeiden wûndere moai. Ik koe my net sêd sjen.

Tjalle
Mar Wouter, liichste net?

(oare kear mear)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op