Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 27. Gysbert Japicx

logo.ensafh
De kluchtige Gysbert I

Fryske Tsjerne
of
In Fryske brulloftspraat
fan hûsman Tsjerne-maat

Ik winskje Lânhear lok, mei ús nije Lânfrou,
mei leafde jim bine, en it nimmer net bejouw’.
Lok moat’ jo hawwe, man, lânfrou en jo tegearre
troch ierdske en ivige seine, al fan ús leave Heare.
Doe ‘k yn ‘e koken kaam, ho, dêr wie sok in rid
fan feinten, fammen, bern: ‘k tocht, dit reitsje ik yn it lid
as it wiif de woartel die, dit soe my ek wol flije.
Tsjocht men sa de himel yn? Frjeonen, lit my ek sa lije!
Ik siet mei oan, ik iet in tige rûn swiet liif.
O wylde sarle! Hie ik de bûk mei fan myn wiif,
fan Bouwe, Bints en Roits, fan ús heal-woeksen jonge,
ik proppe se sa fol as lille-pypkers-bonge.
Dat jildt; war dy, myn bûk! Is de bûk-laper dea?
Gear iten tynt net út. Goed bier is ek net kwea.
Blikstienders! Allyk is it brulloftsjen as it kûpen,
earen doe ús grytman stoar, hoe gie it op in sûpen
en op in iten sneons? Al dêr’t ik rûn of woe,
der wie fuort de ien of de oar, dy rôp fan fier al ‘sjoe’.
En trape ik troch de stêd, by elke strjitte-herne
wie it: hûsman, frjeon, kom yn: “hark, hark ris Tsjerne,
in wurdsje, broer, in wurd, jo rinne ommers te rêd
en brekke in skonk, de strjitte is hurd en wiet en glêd,
hjir is bier, ham en tabak.” Dêr moast ik dan oan it iten,
en dat aloan en oan; ik hie my hast … bemoddere.
Lânhear, ik wie hjir kommen om jo wat hier te jaan,
sa’t ik dit spul besjoch, kin jild it jo wol dwaan.
Ik kyk! Ik loits! Ik sjoch! Is it himelryk te finen
op ‘e ierde, ik ha it hjir fûn. It is neat as sinneskinen,
dy’t bleakerje yn myn eagen, sulver, stiennen, goud.
O betink wat d’ yngoei’ God de ûnweardige minske jout!
Lânfeest, ljeave lju! Hjir kinne se iten meitsje
as beammen, plant en dieren: en kin dat jit smeitsje?
O derten lietsje! Mieri! Wat is hjir in nocht!
De wrâld is op ‘e rin, hoe wurdt it sa betocht?
De muorren: tekkenwurk, bebeamd, bebyld’ mei side.
Ho! Sil ús himelsk haad hjir yn Jerusalem ride?
Of gean de breugeman en breid nei Bed-lehem?
De spyllju fidelje yn pleats fan ‘e âld Hosanna-stem.
Doe’k boaske, eartiids, oan ús Ynts (wat wie ik noch in Jobbe
en hja wie earm dier, jong) ik lille, ik boarte, ik sobbe;
Ynts knûkfoarske my wer, sa lodderich en sa swiet:
o jeugd o swiete jeugd! Ik makke in sjongsum liet
fan ús eigen boaskerij, hark: elk syn bar is rime,
ik sil sjonge frjeonen, it hat de toan fan Mâle Sime.
 

1.

Tsjerne
Hilla! Wat famke sjoch ik dêr
Is it Ynskje Widmers? Swiete ljeave dear!
Ynskje, ljeaf, wêr hinne? Do leaf allinne?
Ik hâld dy selskip, bout, is it dyn begear.

Ynskje
Nee, Tsjerne, dat komt nearne foar,
sêft, gean werom do, witste wol in oar.
Linkert, sjoch, dêr jinsen stiet dyn leafste Rinske
yn it bûtehûs te gluorkjen oer de doar.

Tsjerne
It is om dij dat ik lij
santich tûzen deaden.

Ynskje
Net om my. Wat mient hy?
Klei Rins dyn neden!

Tsjerne
Ynskje ljeafde, do hast myn hert.

Ynskje
Toe ju! Skammesto dy net!

Tsjerne
Ik lij om dij sa grutte smert.

Ynskje
Feint, wat is it dan dat dy deart?

Tsjerne
Gouden, wat soe it wêze? Ik kin net genêze
as yn ‘e himel fan dyn ljeave skert’.
 

2.

Ik bin fereale op dij op dij,
myn huning-swiet tutelke, leau my,
it libben, en myn stjerren, stiet ta dyn begearen,
ferlitste my, komt kâlde dea, ik lij.

Ynskje
Kin ik dy it libben nimme of jaan?
Frjeon, hoe wie it mooglik foar my om dat te dwaan?
Gek, hoe kinst kleie? Wêrmei soe ik dy deie?
Gjin sprake fan. Wat! Soe ik dy ferjaan?

Tsjerne
Ljeaf, ik bin troch dyn min
as yn fjoer ûntstutsen.

Ynskje
Tipelsin, yn it begjin:
hâldt it fjoer berutsen.

Tsjerne
Ljeave byld, dat is te let.

Ynskje
Wêrom? It fjoer kin wetter bett’.

Tsjerne
Minnefjoer ûntstekt te rêd.

Ynskje
Tsjerne, doch ik dat? Nee doch net?

Tsjerne
Om dij, en oars nearne moast myn hert yn brân fleane.
Ik bin wis, fan in oar komt dat brânen net.
 

3.

Skat, as ik by dij wêze mei,
dan is it myn hert sa noflik alle dei;
alle swiere fleagen tsjogge út myn drôve eagen
dy’t balstiennen trienje, leafste, rinsto wei.

Ynskje
Ja tsjerl! Wat woeste dat ik die?
My eanget rju foar it rabjen fan ‘e lju;
soe ik by dy bliuwe en dyn pleach ferdriuwe?
De lju seine dat ‘k wat mei dy hie.

Tsjerne
Swiete laam, as it sa kaam,
it hert wie my fernoege.

Ynskje
As ik dy naam as sljochte faam
wieste dêrmei foege?

Tsjerne
Ljeaf, oerfloedich. Is it dan sa?

Ynskje
Ik gek dermei: ha dos! Ha ha!

Tsjerne
Sjoch dêr moaie, pi … pi-ba!

Ynskje
De houliksknotte! Ik taast ta!

Tsjerne
Swiet, oer-swiete famke, ljeaf, ynleaf lamke,
it is keap, it is keap: kom patsje my, sa, sa, sa!
Lânhear, jo hawwe it hjir sa moai, sa wrâldsk, sa wyld,
jo breid is oars noch oars, as in albasten byld,
hja is oermjitte moai mei side en goud behinge,
in kantwurk kraach hat se om, fan tin doek, dy omslinge
mei spjeldwurk, hânbree lang: ja al dat ik hjir sjoch,
dat is sa moai sa fraai. sa leaflik is it doch.
En lykwols leau ik net, jo drôgje en sliepe en weitsje
dat mear as ik mei Ynsk, jo jo mei har fermeitsje.
Mar tsjirl, ik gun it jo wol, ja tûzen kear sa goed,
jo hiene alhiel jo winsk, as ik it jo jaan koe.
Jo wille op ‘e wrâld is, nei my tinkt, folmakke.
Hiene jo in hert as ik, doe’t ik dit boaskliet makke!
Doe wie ik yn myn skik, ja feinten, ik wie sa ryk,
Ik tocht, yn ‘e wide wrâld is nimmen my allyk:
myn Ynts, hja wie it al, myn Ynts se wie myn wille,
myn hert dat wie sa licht, in guozzeplom koe it tille.
O swiet gouden earste jier! Hoe rêd rûnsto nei de ein!
Wy silen mei de pream, wy jotsken mei de wein,
nei oare-heite no, dan nei ús Ynskje har migen
of nei myn omke en muoits, dêr’t wy dan hûsrie krigen.
Dos gearren wy it goed tegearre, mei ús twaen;
ho! Foar graaf Hendriks steat woene wy ús lok net jaan.
O njoggen-dûbeld swiet! As ik myn ingel, myn tút
jûns yn myn earmen naam, … stil, wat flapte ik der hast út!
It neitinken is sa swiet, ja swieter is it my
as piip-kaniel en sûker oer rizenbrij;
der wie gjin saksearjen, goud soe ik derút poerearje,
en hja woe as ik woe, dat koe noch mocht mislearje.
O hjouwer en groat! Wêr bliuwt myn tiid? Ik bin yn ‘e bean’.
Ho? Praat ik rûn yn it bûn? Dan is it heech tiid dat ‘k gean.
O deale, koe ik mar gean! Wat is der mei myn skonken?
De holle rint my om. Ik bin, dat is wis, dronken.
Ik ha myn bûk sa swiet fol, dat it net skolperje mei.
Ik tank jo frjeonlik, faar, lânhear en sis goedei.

Taheakke

Tsjerne sjongt lâns ‘e wei,
geande yn ‘e sûs, nei hûs.
(Stem: Rosemondje lag gedoken.)

1.
Swiet ja swiet is it, oer de mjitte,
it boaskjen foar de jonge lju,
krêftich swiet is it, sis ik jitte
as it giet mei âlders’ rie.
Mar oars wurdt it ta in pleach,
sa’t ik oan myn gea-feint seach.

2.
‘Leave Swobkje, lit ús pearje’,
bea hy har mei mylde stem.
‘Ofke’, sei se, ‘hoe soe ik it klearje,
witsto rie by heite en mem?
‘Ljeaf, dat nim ik ta myn lêst.’
Sa wie de houliksknotte fêst.

3.
Doe’t dit pear tegearre soe ite
en hja hiene gjin gewin,
seach de heit as woe hy bite,
mem wie stoersk en stymsk fan sin;
‘Ofke’, sei se, ‘elk jier in bern,
en as faam woe ik it sa jern.’

4.
Hoite en Hoatske, sneins te keamer
makken it mei mekander klear.
Tetsje krige Sjolle Kreamer
te Sint Eal, by wyn en bier.
No rint elk om as in slet
en bekleie har, mar te let.

5.
Oeds die better, nei’t ik achtsje
doe’t hy Syts syn trou ta sei,
hy liet de âlden even plachtsje
wat se oan elke kant joegen mei.
Gâns besit hy, hûs en stoer,
en syn bern fleane alleman oer.

6.
Oark, myn soan, wolsto bedije,
rin net om allyk in mol.
Jild en rie moat’ mei dy frije,
bern, dan geane dyn saken wol.
Dan sil de himel oer dyn dwaan
lok en mylde seiniging jaan.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op