Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 28. Gysbert Japicx

logo.ensafh
De kluchtige Gysbert II

Sjolle Kreamer en Tetsje

Jout men oeral de kreamers nei
dat se loai lizze oan ‘e wei
om te skoaskjen yn ‘e sinne
at se fjouwer huzen rinne
mei in bargehok foarby?
Mar it is wier, foar it earst, foar my.
Ik wurd wurch en it soe my lêste
dat ik hjir in bytsje rêste.
Leit it lok noch foar de stjûn,
dan berin ‘k it fan ‘e jûn.
Kreamerkoer, ik lit dy sljurkje.
Ik moat ris boartlik sjonge en ljurkje,
ik moat ris fan in oars fertriet
lillepypkje in noflik liet
en it sil myn gea-feints sear net reitsje.
Lit ik dêr my mei fermeitsje.

 

(Wize: cette Anne si belle)

1
Tiete siet allinne oan de griene wei
te skoaskjen yn ‘e sinne op in simmerdei.

2
Tiete kaarde de holle, fol fan grutte smert,
och hy litte sa folle om syn Roaits yn it hert.

3
‘Roaitske leave herte, op Sint Lammerts merk
siesto op myn skerte: huning-swiet werk!

4
Ik hearde dy dêr sjongen; hey, wat wie it in nocht,
al myn lea dy sprongen as ik der oan tocht.

5
Swietert! Yn-leaf skiep! No’t ik fan dij bin,
skilderest yn myn sliep, binnen en bûten myn sin.

6
It drôgjen is myn bejearen, om’t it myn libben is,
it weitsjen is myn stjerren, om’t ik dy dan mis.

7
Mocht ik by dy bliuwe! Moaie, ei, wêrom net?
Ik sil dyn lamkes driuwe, mei myn skiep te sleat.

8
En ik sil se fuorje, moarns ier en jûns let.
Bout, dan mochste gluorje, op myn bout, op bêd.

9
Tutel, dan meist sliepe, oant ik tsjin dy sprek.
Hey, dan sil ik piipje op myn lillesek.

10
‘Swiet fan laits en rede’, wie myn lof fan dij,
Dodde en swierrichheden fleagen by dy wei.

11
Wat ik koe betinke, wat myn tutel woe,
soe ik dy dan skinke, ja al wat ik koe.

12
Harr’! Myn lea dy trilje, Roaitske rinste wei?
Ik kin my net bestilje, ik rin dy efternei.

13
Soe dyn Tiete it stean dat Eable dy krijt?
Lit him net begean wannear’t er om dy frijt.

14
Tiete sil dy tsjinje, al syn libben troch,
him mei dij ferienje. Hark myn kjirmjen doch.

15
Mieri! Mei it net wêze? Sis, wêrom is dat?
Kin ik dy net belêze, Roits myn gouden skat?

16
Eartiids, o do swiete, raaiste oan Eabeles hân.
Werom net by Tiete, do myn leafste pân?

Sa myn pipe, dat gie swiet

Tetsje
Leist en floitest hjir dyn liet?
Litst it op ‘e riemen driuwe?
Wolste al den dei hjir bliuwe,
slûgje liddich, sleau en loi?
It hat gjin skik en it set gjin roai.

Sjolle
Wiest dêr al, myn frou des huzes?
De hynst yt hjouwer en rêst te uzes.
Tetsje, soe ik net sitte, sei?
Ik sil wat ite, mem, yt mei.
Sit, lit ús tegearre ûntbite.

Tetsje
Wa’t net wurket, sil net ite.
Dat is in sprekwurd, dat rint fier.
Dyn seis berntsjes, silich-wier,
rinne gûlend om ‘e stûken,
bleat, mei honger-holle bûken.
Dos sa litste my begean
en do loikest yn in lean.

Sjolle
Mem, ik spar’ gjin dôve stokken.

Tetsje
Ofst dat dochst! Kleare, pokken!
En wat deale mienst dermei?
Nim dyn koer en gean op wei.

Sjolle
Mem, fuortdaalks; ik sil noch rinne
as koe ik jûn in stoer noch winne.

Tetsje
Fangt de fleanende krie earne eat,
ien dy’t sit, dy kriget neat.

Sjolle
Mem, al mochtste no sa kibje,
jûn, jûn silste blider libje,
as ik mei in tsjokke pong
fan kâld jild nei hûs ta gong.
Sjoch dit haw ik hjoed al strutsen
en do hast kwea fan my sprutsen
oft ik nea de sinten krij,
hâld de mûle, skamje dy.

Tetsje
As de bern yn it ear my krite:
mem, mem, ite, ite, ite
en ik jild noch iten fyn
yn myn pong noch yn ús spin’
dan tinkt my, myn hert moat brekke.
Soe ‘k dan net in gleon wurd sprekke
asto, sa, yn it sinnefjoer
leist en winste net in stoer?

Sjolle
Mem ….

Tetsje
Ja mem! Wêr wol dit hinne?

Sjolle
Mem, hoe kin de tiid ferrinne.
Tetsje, wat wieste myld en blier,
Tetsje wat wiest in frjeonlik dier
yn dyn flugge frijsterjierren.
It heucht my noch doe’t wy ús tieren
as wy, yn ‘e tsjustere jûn
mei in feint- en fammebûn
lâns de lean nei hûs ta gongen,
hoe’t wy laken, tûlken, sprongen;
as dan Fokel, Foek en Fij
thús wiene, sloep ik nei dy.
As dan Bijke of Nopke bile,
‘sêft, sêft (stiesto efter ‘e stile
fan ‘e bût-doar) stil, leaf, stil,
heite wekket: gouden, ik sil
dij ús skuordoar yngean litte.’
Heale nachten koene wy sitte.
Tsjong! Ik wie sa graach by dy,
en do wiest ek net bang fan my!
Ik bekipe dy fan foarren
as in krie in lekkere knoarre.
O do lakest och sa blyd,
ik wie yn dy mysels al kwyt.
Beide ús âlden woen’ it net lije;
lykwols, moaie, koe ik dy krije.
It heucht my, krekt as barde it hjoed,
it knotjild grypte dy yn it moed.

Tetsje
Wolst dat ‘k nochris pine lij?
Hie ik mar folge wat heite sei.
O dat boaskjen bûten rie!
Derten wie ik doe ‘k it die.
Net in faam sa knap as Tetsje,
no bin ik in smoarch sletsje.
Dy’t my no seach, oan oaren die
‘k ‘m earder tinken as oan dy ‘k wie.
Al myn moed is my ûntsonken,
al myn goed hast my ferdronken
en ferspile, snein op snein.
Moard! Myn lijen hat gjin ein.

Sjolle
No, no sêftkes, mem, hoe bearste,
haw ik skuld, leaf, ik bin de earste,
net dy gokt, hear; leau dat fêst:
better ier gokt as op it lêst.
Ik wurd mei de tiid wol wizer;
dat earst moai skynt, blykt faak grizer.
Dy’t him jong yn it wyld oanstelt
bettert him lykwols yn ‘e jeld.
Aansen sil ús lok begjinne,
do nei hûs, ik sil wer rinne.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op