Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 14. Titia Brongersma

logo.ensafh
De fjouwer gedichten út ‘De Bronswaan’.

Wa wie Titia Brongersma? Ien fan it beheinde hear fan skriuwende froulju yn ‘e santtjinde ieu (sjoch ek hjir). Nea troud, en se hat leafdesgedichten skreaun oan Elizabeth Joly; se wurdt dêrom wol yn de kontekst fan lesbyske literatuer bestudearre.

Ik wol wylst efkes wize op it feit dat harsenûndersyk ferskillen tussen homo’s en hetero’s oan it ljocht brocht hat, en fierder dat der ek wolris minsken (ja, minsken) berne wurde waans geslacht by berte net goed te sjen is. Soms klearret dat nei de pubertiid op, soms net. Yn dat ferbân wol ik derop wize dat yn it doopboek foar jonges te Dokkum foar it jier 1651 in Tiette neamd wurdt, sûnder dat de heit en de mem neamd wurde (Brongers 1996, It Beaken, noat 37). Brongers hat it oer in weisleept kladsje fan de koster om de breklike fermelding yn it doopboek te ferklearjen. Ha! By soksawat wichtichs as doop! By in rike famylje as de Brongersma’s! Yn in lytsskealich fermidden as Dokkum! Nee (no komt myn teory), de âlden skammen har, dus gjin efternamme derby, en de berte fan it tuskenbeiden man-frou bern waard stilholden.

Troch letter te besluten it bern as faam grut te bringen koe it better apart fan oare bern holden wurde. Dope moast fansels, oars soe it gjin kristen wêze. Miskien dat in stúdzje fan de gedichten fan Titia Brongersma útwizing jaan kin wat hy of sy krekt wie. Der binne oars ek noch manlju dy’t wol hetero binne, mar waans pearingsgedrach, om it sa mar te sizzen, froulik is, en oarsom binne der ek noch heteroseksuele froulju mei manlik pearingsgedrach; ik fetsje gear wat ik út harsenûndersykhânboeken opstutsen ha. As literatuerûndersyk, benammen homoseksuele stúdzjes, harsels serieus nimme wol, moatte se mei sok ûndersyk rekken hâlde. Niisneamd harsenûndersyk lit sjen dat njonken standert-hetero ek oare minsklike typen foarkomme kinne, dy’t har mei sukses hanthavenje. Dat se kwantitatyf minmachtiger binne, docht neat fan har suksessen as yndividuen ôf.

Enfin, it is mar in teory. Yn alle gefallen binne Brongersma har gedichten ferdivedearjend en humoristysk. De earste gearspraak hjirûnder makket gebrûk fan taalbetizing tusken in Hollânsktalige lânfrouwe en in Frysktalige boerinne. Yn de twadde narret in boer de faam mei har leafdeslibben. Yn de tredde, ‘Hotzemans vrijerij’, mislearret it hofmeitsjen It is oars in komysk hofmeitsjen. Hotzeman frijt allinnich omdat syn famylje him efter de broek sit, sa docht bliken, en as er ôfwiist wurdt, begjint er sels te skellen! It fjirde gedicht, ‘Sibrich sis, wêr fyn ik dy?’ is in monolooch, en dy kin sa op in boerderij optekene wêze.

Tesamenspraak: ‘Goeddei, goeddei, lânfrouwe’
(toan, La Princes)

Boerinne:
Goeddei, goeddei, lânfrouwe,
hjir bring ik jo wat aaien
en twa hinnen út ‘e kouwe.
Ik ha se trije wike mêst,
der om tocht; my wie it bêst
dat ik brocht dit tsjokke pear.
Yt se op mei ús lânhear.

Lânfrouwe:
Tryntie, wat is dit gezeid?
‘k Zie ‘t, dank u, gaat wat zitten.
Wel hoe vaart uw man en meid,
syn u kinders nog gesond?
Wijfje, is dit dus uw hond,
meidje geeft hem dan wat brood,
en ik u ter maaltijd noodt.

Boerinne:

Frege jo, lânfrouwe, nei myn kij?
Dy begjinne al te djoeien
en myn man mei noch wol brij,
mar myn faam hat pine yn it liif,
al har lea bin’ lam en stiif.
Juster foel se út it hea,
dat ik tocht, se bliuwt der dea.

Lânfrouwe:
Nee, ik vraag hoe dat het gaat
met uw kinders, Trijntie Jansen,
en uw huisgezondheid staat.
Gij verstaat mijn taal niet recht.
Zijn deze eiers vers gelegd?
Zeker, als men er goed op let,
zijn deze hoenders wonder vet.

Boerinne:
Ja, se hawwe goed spyn bespûn
en de aaien swiet as molke
meitsje jin de termen rûn.
Mar myn hûs soeit as in sou.
Dêrom is it sa, lânfrou,
dat ik jo neat mear tatink
en gjin tsiis of bûter skink.

Tesamenspraak: ‘Goejûn boerefaam, goejûn’
(toan, Belle Iris)

De boer:
Goejûn boerefaam, goejûn,
haste hjoed te keamer west?
Ja, ik tink ferskate kearen
mei it feintsje ek yn it rûn.
Ja, ik gis dat Sibrichs Loaskje
dy de knotte hat bestjoerd.
Tialle wol en moat ek boaskje.
Oars lis ik it op Hotze’ Sjoerd.

De faam:
Nee, ik wit dochs nearne fan.
Ik gis, jo miene Martens Jantsje.
Altyd sitte jo sa te krantsjen.
Sjoch, ik sloech wol op ‘e rin.
Ha je oars gjin nijs te snappen?
Hâld de toet dan nammers ta.
Altyd ha jo wat te gapjen
en ik sis, it is net sa.

De boer:
E, wat biste mâl en tsjoed, ju.
Men soe derom hinne rinne.
Ik leau dat fammen bazich binne
as men praat fan jonge lju,
dêr’t jim nacht en dei oan tinke.
Ik leau, do eangeste deroan,
mar soe ús Jan dy it jild oars skinke,
do betroudest him dyn persoan.

De faam:
Jimme Jan sjocht fierst te heech.
Hy kin it ljippeaai net fine
of hy moat de skoech derop bine.
Nee it wie mei him fierste dreech.
Sok in feint as jimme soantsje
wit ik nearne yn ús lân.
Rin rju hinne mei jo kroantsje:
ik nim Tsjalle by de hân.

Hotzemans vrijerij
(Toan, Lomerig Woud)

Wêrom wolste my net hawwe,
sis it my, sûkerswiet laam,
of is Lolkjemem har Tsjawwe
ta dyn leafde meast bekwaam?

Wolst my dea ha, moat ‘k stjerre?
Wêrom biste no sa tsjoed ju?
Of moat ik earst frijen leare
fan ús buormans jonge lju.

Sjochste wol dy tsjokke knoate?
Dy sil ik dy, myn gouden, jaan.
Justerjûn joech Sibbels Boate
my dit wûndere rinkelraan.

Jou do dit dyn leave Swobbel,
sei er, en ik rûn rju fuort,
mar de lytse rabbel-wobbel
die my yn myn dwaan tekoart:

Omke sei: ‘wol moatste boaskje,
Hotse, set dy ta it wurk.
Oars is flugger Teatse Loaskje
of oars Jan Miech, of Piers Dirk.’

Nim my dochs, myn swiete famke,
sikerwier, ik bin sa eang
dat dêrom ús beppe Janke
mei my kibbet, dat boaze ding.

Wolst it dwaan, dan silste lizze
moarns oant acht of njoggen oere.
Ik sil it iten, wol ‘k dy sizze
foar dy sette op it fjoer.

Wolste noch net, ik koe wol gûle.
Hast it hert, slach der dan yn:
sis ris ja, allyk as Tsjûle,
Tsjêbe’s breid, dy mâle Tryn.

Lit ús dwaan as oare minsken,
Swobbeltsje, kom jou my in pat.
Der is gjin grutter lok te winskjen,
wês sa goed, ik bid dy dat.

Wolste net, do meist it litte.
Ik freegje net mear, Koens Bauk wol wol,
Och wat bist in hûnekjitte,
fuort mei dy, do heksebol!

‘Sibrich sis, wêr fyn ik dy?’
(Toan, La Cardinal)

Sibrich sis, wêr fyn ik dy?
Bring ús de kij fan ‘e ikkers mei
mar lit de keallen rinne:
driuw de âlde rún
yn ‘e kamp by de tún
en de rierren yn ‘e finne.

Sjoch ris yn ‘e jarresleat
of dêr de tuolle leit of neat?
Do moaste fjouwer melke.
De oare seis of acht
nim ik dy wol te wacht
of setst dêroan ús Jelke?

Rop dat Dirk, dy swetsersman,
de brijpoat bringt en drinkelskan.
en rist foar dy twa weinen.
Farre jim hastich foart?
De tiid is oars te koart:
my eanget it foar reinen.

Hark ris ju, ik soe it oars ferjitte,
gjin mannen tsjin dy swetse litte,
en kenst de goede herne:
by de skuorredoar,
witst it ien en oar,
dêr heart te stean ús tsjerne.

Flij hjouwer yn ‘e hoek’,
do witst it wol, wês koart en kloek,
ik moat it iten koaitsje.
Rep jimme tel,
ús Bote komt snel,
no moat ik it flaaks earst ploaitsje.

*

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op