Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 11. Petrus Baardt (1590- 1644)

logo.ensafh
Petrus Baardt: Fryske Boerepraktika

III. Fan de moanne

Dat wie it wat de sinne joech.
Nim ek de moanne by dyn ploech,
en, hûsman, hâld dit meast foar best,
wannear’t de moanne lit yn it west
syn earste nije hoarnen sjen,
klearspitsich troch de wolken tsjen,
en dat omtrint de fjirde dei,
dan komt moaiwaar der meastal nei
en sok in waar as dan begjint
stiet fêst sa lang’t de moanne rint;
mar lit er leadich, swart of grau
of poarper, pears en bûnt of blau
syn earste nije spitsen gean,
dan sille rein en wetter flean’
en al de swarte blauwe loft
is neat as wetter op dyn skoft.
Mar komt er dan, myn leave soan,
mei apelblossem-tsjeaken oan,
it is wier, dy kleur is moai en rea
mar dan is it seker like kwea.
Dan waait it katten fan ’e dyk,
dan fleane silen út it lyk
en biste, soan, net mâl of gek,
byn dan mar latten op it tek.
Bewarje dan dyn skeaven wol
of ’t sie-nôt rekket foar de mol,
dit sil dy nea net misse, faar,
de moanne rea is winich waar.

Baardt en de kristenen

Is Baardt fan it leauwe ôffallen en is er eins in frijtinker dy’t troch de tiid de mûle tichtbûn wie, en dy’t eins net sizze koe wat er woe? Sokke frijgeasten nimme dan gau de taflecht ta satire, want dan liket har krityk tenminste noch in moralistysk doel te hawwen. It liket der al op. Ommers, Baardt skriuwt him as jongfeint yn as studint teology te Frjentsjer, mar as er ôfstudearret, is it yn de medisinen. Spies sitearret yn har stik foar de feestbondel fan Breuker de neikommende regels (omstavere):

Dat doch ons lieve Nederland
Ontslagen was van deze brand,
Ik moet niet seggen van Calvyn,
Van Beza, Luther of Armyn
Van Uytenbogaert of Gomaer,
Bedieners van des Heeren schaar,
Van Bogerman of ander meer
Of iemand die is bij den Heer,

‘Ik moet niet seggen van …’, dat is in temûke oanwizing foar en oanklacht tsjin de sensuer dêr’t Baardt as frijtinkend satirikus yn kristlik Nederlân ûnder lijde. Foaral as wy it ferbine mei it Latynske foaropwurd by de Boerepraktika dêr’t Baardt klaget oer de sensuer fan de Cato’s, en wittende dat de synoaden war dienen om foar har ûnnoflike keunstuteringen lykas toaniel en satire te ferbieden. Wy lêze no de Boerepraktika mei oare eagen. It is net inkeld it wurk fan in breaskriuwer dy’t syn wurk goed dien hat. Der is no ek in minske oan it wurd dy’t efkes gjin problemen ha wol, en efkes bekomme kin fan de ivige striid om selsekspresje, de argewaasje fan it net sizze meien wat je tinke, en it sizze moatten wat oaren tinke.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op