Koosje Melis

E-nûmers

logo.ensafh

Koartlyn ha ik oer it ynternet in boekje kocht mei de titel Wat zit er in uw eten? It giet oer de E-nûmers dy’t oan iten tafoegd wurde, en it leit út hokker ferskillende nûmers der besteane, hokker skealik foar de sûnens binne en hokker net. Al earder hie ik ris in list mei E-nûmers fan in freondin krigen. It wie in typt papierke dat der útseach as oft it yllegaal ferspraat wie yn de jierren fjirtich, ‘zegt het voort!!!’ Guon nûmers wiene streekrjocht kankerferwekkend, sa begriep ik nei ûntsifering fan it papier fol mei útroptekens en streepkes, oaren wiene ‘verdacht’, noch wer oaren ‘onschuldig’. Oan ijs waard neffens de anonime skriuwers in guodsje tafoegd dat ek brûkt wurdt foar it tinner meitsjen fan farve. En sa wiene der noch in pear gruwelfeitsjes dêr’t ik myn freonen doe mei skrikke liet. Aai yn bakprodukten kin ferfongen wurde troch it goedkeapere addityf E-450, dat ek yn bakpoeder sit. It is kankerferwekkend.

Myn syktocht hat sûnt stilstien, al learde ik fan myn freon noch ien feit dat noch djipper yndruk makke: oan sjips is hiel faak monosodiumglutamaat (of: mononatriumglutamaat) tafoegd. It is in smaakfersterker dy’t derfoar soarget dat je in heale sek sjips opite, ek at dy sjips net sa hiele lekker binne. Besykje it mar ris op feestjes te ferkundigjen: dit witten makket de boel faak net fleuriger.

Sûnt koart bin ik dus dwaande in ekspert te wurden op it gebied fan E-nûmers. Der binne trije kategoryen: grien (net gefaarlik), oranje (it mei wol, mar net tefolle: ‘beslist u zelf’) en read (‘echt vermijden!’). De dramatyske toan fan myn yllegale list is ek net frjemd oan dit boekje. Myn freon hat al drige it my ôf te pakken, want sûnt ik it ha, lês ik alle etiketten nei op de lytse letterkes mei yngrediïnten. Elke kear at ik in E-nûmer sjoch leef ik op. Ha ik dizze al hân? Jûn ûnder iten (tortilla’s mei it oranje E-nûmer 422 – read foar froulju dy’t swier binne) fertelde ik myn freon dat ik hjoed al twa kear de ferbeane E-nûmers 200 (Sorbinezuur) en 210 (Benzoeenzuur) hân ha: ien strepsil foar myn seare kiel en fjouwer stikjes bôle mei houmous foar middeisiten. Spitich, want dy houmous fûnen wy krekt sa lekker. Wer twa produkten dy’t net mear meie. Doe rôp myn freon dus foar de safolste kear: ‘ik smyt dat boekje fuort.’ Ik ha al tasein der ûnder iten net wer oer te begjinnen, al hielendal net yn it geselskip fan freonen.

Hy hat fansels wol gelyk, jo moatte it net oerdriuwe. At je dit boekje folgje, meie jo allinnich eigen ferboude griente ite en eigen bouillon siede: de meast skealike E-nûmers binne 951 (de skealike sûkerferfanger aspartaam) en 621, de monosodiumglutamaat fan de sjips en beide sitte yn it hiel soad produkten, paradoksaal genôch ek in hiel soad produkten mei it nije ‘ik kies bewust’ logo. Neffens Wat zit er in uw eten? binne der al Amerikaanse restaurants dy’t reklame meitsje mei: ‘No MSG here’ en hat in Britske supermerke it plan E 621 te ferbieden.

Myn freon wurdt wurch fan myn ferhalen. Ik kin my dat wol yntinke. In pear jier lyn woe ik in fûgeltsje rêde en belle de dierenambulânse. Dy kaam en naam de sneue fûgel mei, mar ik moast wol tasizze harren finansjeel te stypjen. Foartaan krige ik fjouwer kear per jier it blêd fan de frijwilligers fan de dierenambulânse út K. fol mei dramatyske ferhalen. Oer in ezel dy’t sa bot ferwaarleazge wie dat er ôfmakke wurde moast. Katten en hûnen yn har eigen poep. It bledsje wie striemin skreaun, en as at dat noch net slim genôch wie, lei it patos der trije tommen tsjûk boppe op. Nettsjinsteande de tryste wierheid waard ik der gibelich fan. Dat mei fansels net, want dy ezel (mei er yn frede rêste) koe der neat oan dwaan dat der sa oer him skreaun waard. De ferpakking late ôf fan de ynhâld. Ik ha frege at ik myn stipe ek jaan koe sûnder it blêd te krijen.

Wat zit er in uw eten? heart yn deselde kategory as it blêdsje fan de dierenambulânse yn K. De ûndertitel (‘de gids die ervoor zorgt dat u zich niet langer vergiftigt’) seit himsels, ek al soe it allegear wier wêze wat der yn stiet. Boppedat is it net wier, ûndanks myn nije evangeelje ha ik my hjoed ommers alwer ‘vergiftigd’, it ferskil is allinnich dat ik no wit dat ik it doch. De ynformaasje is de ezel, de ferpakking in tefolle oan reade flaggen en útroptekens. De Frânske skriuwster (it boekje is oerset) skriuwt yn it foarwurd dat har man har pleage mei har syktocht nei E-nûmers. Se is no fan him skieden.

At ik myn freon fertel dat ik in kollum skriuw oer E-nûmers ropt er: ‘get a life!’ en hy lûkt de doar achter him ticht. ‘Dêr bin ik no krekt mei dwaande!’ rop ik derachteroan. Mar hy heart it net mear. Jout niks. In tefolle oan drama is ommers funest.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op