Folkert Verbeek

trajekt Drylts — Sleat

logo.ensafh
alvestêdetocht

yn de iere moarn blaubekjend stean te mykjen
de Ie bylâns, de tsjustere poalnacht yn,
tamtearre fan in glûpend kâlde wyn,
trieneagjend waarmte by elkoarren sykje.
en Sleat baait yn in wûnder lampeljocht;
’t is alvestêdetocht.

dan, út de kjeldgrot fan de mar, de earsten
in oerskreau barst út tûzen kielen los.
hastich rêchrjuchtsjend by de stimpelpost
leareppend wer, Sleat om, oer ’t Djip en flitsend
sjitte de skimen yn har kleurich guod
amper iisroerend fuort.

spanning ûntlaadt him en fanfares klinke.
om ’t Djip kloftsje optein de rigen gear.
in machtich feest, der komt noch folle mear.
it diskefolk biedt koeke, woarst en drinken,
kastlein hat foar dy’t kâld is oant yn ’t murch
krûdige bearenburch.

de lemsterpoarte lit se yn, de ploegen
toerriders, no yn Sleat noch aardich fris,
oanpoend fan jûgjend wâlfolk, sûnder mis
fiele sy har nei d’ oare poarte droegen;
dy lit se fleane, hy stiet stiif en strak
al ieuwen op syn plak.

ferliezers wurde leafdefol ûnthelle.
wa’t útteld opjout, strampelskonkich falt,
fertriet ferwurkjend op in kontkâld stalt,
kin thús nea fan syn helderol fertelle.
hy draacht in krús, wit djip yn ’t pynlik hert,
in sulveren is ’t net.

de tûke strekers, hecht fan lea en skonken
boargje net lang, in lêste groet oan Sleat,
in stedsje sûnder wjergea ha se leard,
mar no foarút, want fier is noch de Bonke.
har bliuwt de woldied, útstoart gol en rij,
fan Sleat’mer sipels by.
 
 
 

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op