Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Freonskip en ûntank

De freonskip

Wa iepent net syn hert foar freonskip’s sêfte hân,
dy’t libben’s balsem biedt,
it is freonskip dy’t de tiid werom ropt mei ferstân
en tsjin it ûngelok stiet,
dy’t boppe kwea en drift syn holle stekt omheech,
’t bliid hert fernoecht, ferhurdt,
de leafde wurdt swak, har tiis-jern is as reach
as hja gjin freonskip wurdt.
De wollust’s grûn is glêd, mei weelde komt tsjerkhôf’s dong,
mei rykdom de smoarge streek:
se fleane wei as tsjêf, fergeane yn kûgelsgong
of as in swevelreek.
De rom fertsjustert rêd, en nei de jierren’s hicht’
telt ús gjin maatskippij.
As frjemden op ’e wrâld, sa wurdt elts út it gesicht,
mar freonskip dy bliuwt by.
Wurge iensumheid dy’t hjir de geast mei drôfheid fiedt
as it selskip ús ûntwynt,
dêr stapt de freonskip hinne, meilibjend mei it fertriet
dat libben’s bliidskip slynt.
Hy nimt de dwersstien wei dy’t foar ús fuotten leit,
struit roazen foar yn pleats,
en sjoch, ús lok wint oan, it wurdt rûnom freonlikheid.
Ja, al syn wurk is greats!
Syn ljocht rikt fierder fuort as de ierdske hoarisûn,
nea wurdt er yn it woldwaan lêf.
Hy wiist in better paad as dizze ûnsljochte grûn
oan de ich fan it gjirrich grêf.

De ûntankberheid

Der is in frjemd gedrocht ta himels flok hjir smiten,
natoer wurdt kâld derfan, har is gjin skuld te witen.
It stoart nea in sâlt trien om freons need -, sa’t men seit,
it ferriedlik selsbelang, mei oermoeds sûne oerlêstige,
bestjoert syn dwaan, en hat syn hert, syn mage trochmestige.
Wa is dit ûndier, sis: it hjit ûntankberheid.

Dizze gedichten sprekke fierhinne foar harsels. Wol aardich is dat Linige de freonskip eins boppe de leafde steld:

de leafde wurdt swak, har tiis-jern is as reach
as hja gjin freonskip wurdt.

Wat de ûntankberens oangiet, ik ha nea in filosofy fan ’e tankberens lêzen, útsein miskien dy fan Xenophon yn ’e Cyropaedia. Freonskip en tankberens binne gjin organisearjende prinsipes fan ús maatskippij, noch fan ús godstsjinst noch fan ’e filosofy. Jim sille sizze, dat sprekt fansels. Dochs net. Ik lêsde by Jan de Vries (dy’t heldesagen bestudearre) dat yn heroyske tiidrekken freonskip en tankberens dy funksje al ha. De comitatus, de rûnte fan in kening mei syn eallju, is yn in anargistysk-heroysk tiidrek ferbûn troch freonskip en tankberens. Yn ús tiid soe men sa’n groep in strjitbinde neame. Nettsjinsteande is de maatskippij yn ie tiid fan Homeros organisearre om in lieder hinne dy’t troch geskinken en freonskip syn mannen oan him bynt. Itselde wie it gefal yn de foarkristlike Germaanske wrâld, sa’t blykt út it helde-epos Beowulf. En yn de kristlike tiid yn ’e iere midsieuwen wie it ek sa, sjoch mar nei it Roelantsliet, en sjoch mar nei oarders lykas de tempeliers dy’t yn Da Vinci in rol spile. Yn ús tiid is der gjin sprake fan persoanlike loyaliteit fan in wurknimmer oan syn baas.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op