Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Twivel

De twivelder

Wat bin ik, en fan wêr, wêrhinne, wannear fersliten?
Wat seit de twivelder hjir, as hy syn hert los bynt,
“In spylwurk fan it tafal, by it tafal smiten,
in simpel bygefal, dat simpelwei ferdwynt.”
De godstsjinst sprekt: “hark ta, hy is it wurk des wize Wekker,
út goedens fuort teamd en ta it heechst gelok optreaun!
De freon, de soarch, it bern fan ’e algemiene Makker
dy’t oan syn fuottebank tûzene wrâlden reau!”
O wee him dy’t gjin treast sa himelsk wier wol hearre,
wa’t ljocht gjin ljocht, gjin sin jout op de ierdbol-rûn,
al wat er hjir ûntfangt, ûntslûpte it blyn Lot’s twirre,
al wat him driicht, oerstjelpt, fljocht stjoerleas sûnder grûn.
Dêr’t ik in Wêzen min, waans woldwaan my sa sillich
it hert yn tankbrens tine lit en it lok ûntbleat,
bliuwt hy ûnoandien en erkentleas, ûnferskillich,
grypt syn bekrompen diel en dûkt wer yn syn neat.

 

Ik wurd fl-a-a-u-w
(in Romein sint op selsmoard, Plato yn ’e iene hân en in swurd yn ’e oare)

Ja Plato, it moat sa wêze, dit stelt myn siel gerêst!
Wêr sit dy oandriuw ta de ivichheid oars fêst?
De swiete hoop om iens ûnstjerlik fuort te libjen,
wat riert hjir oars de siel om as fan eangst te bibjen, –
troch in ûnbidige skrik foar dea en foar fergean, –
en wifkje kjel tebek? Wêr komt ús dat wei fleanen?
It binne de goaden, dy’t dit yn ús op litte kliuwe!
Sa wiist de himel ús op it hjirneimels ferbliuwen
en toant de ivichheid sa iepentlik sa klear.
Fermaaklike ivichheid! Mar ek ferbjustrend near
troch dy ferskiedenheid fan ûnbepreaun befetsjen.
Troch hok toaniel mei nij kûliswurk foar ús setten
stean wy hjir te gean: ik ha it útsicht wiid mar fan fier,
hjir foar my, dêr’t in wolk ferbiedt my it iepenbier
te sjen troch skaden dy’t oan it each gjin iepening litte.
Hjir bliuw ik stean, dêr’t ik himelfêst kin witte
dat in alwize macht yn it heechste heech bestiet
dy’t it rjocht en ûnrjocht weacht en it goed fan it kweade skiedt.
Hy leaft de deugd en yn dy bliere leafde allinne
is it heechste lok, o wolgelokkich dy’t har kenne!
Dizze ierde heart Cezar ta, hja is foar my te leech.
Ik bin al dat gisjen wurch en stap mei moed omheech.
Ik ha dûbele wapens, dea en libben yn myn fûsten,
fergif en tsjingif, wa soe my myn treast ûntpûste?
It ien tilt my fan ’e wrâld, – triennêst tsjin myn sin –
en it oar berjocht my dat myn siel net stjerre kin.
Hoe laket hjir myn siel yn it ivich duorjend bliuwen.
Dit trúnt it swurd oan en myn hân om ta te triuwen.
De stjerren sille dôvje en it memmeljochtsfjoer fergean,
yntusken sil myn siele yn ivige jonkheid stean
en sjoch de wrakken oan fan wrâlden as fergruze
en Cezars twinglândij ta jiske en stof ferhuze.
Utsliept en wolberet jou ik it swurd de seine.
Dat giet troch it hert … ik wurd fl-a-a-u-w … mar stjer in frij Romein!

Ik fûn dat fl-a-a-a-u-w sa grappich, en it leart ús ek wer dat typografyske grapkes heus net mei Paul fan Ostaaien begûn binne of Hessel Miedema. Yn it gedicht De twivelder ferkent de dichter it ateïsme. It oanwinnende ljocht fan ’e wittenskip brocht ek de religy hieltyd mear ûnder de genedeleaze analyse fan ’e Rede. Hoewol’t Linige it ateïsme fansels ôfwiist, is it opfallend dat er der oantinken oan jout. It wie blykber in issue wurden yn ’e 18e ieu, en dat is in ferskil mei de tiid derfoar. Doe kaam ateïsme überhaupt net im Frage. Foar Linige stiet ateïsme gelyk mei it leagenjen fan oarder yn ’e kosmos. Syn argumint is dus eins: ateïsme is net wittenskiplik. De grutte monoteïstyske godstsjinsten haatsje inoar mei’t se inoars konkurrinten binne, mar se haatsje de ateïst it meast, want dy ûntkent it bestean fan lykfolhokker god.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op