Tryntsje van der Steege

Fiksje en feiten oer Harmen Sytstra

logo.ensafh

As jo net in soad witte fan Harmen Sytstra en jo wolle dêr feroaring yn bringe, dan liket Kom oer it wetter fan Piter Terpstra in aardich begjin, mar hiel ferhelderjend is it úteinlik net. Mocht it jo lykwols om lânferhuzers healwei de njoggentjinde ieu gean – dêr’t fansels de titel ek op slacht –, dan jout it boek dochs in aardich begjin. Fia Tsjibbe Gearts van der Meulen dy’t as emigraasje-agint optreedt fernimme jo hoe’t it de minsken fergiet dy’t nei Amearika ta wolle en hoe’t it harren dy’t it weage hawwe fergong is. It ferhaal fan Hjerre Folkertsma dy’t alles op alles set om nei Amearika te reizgjen, mar op it lêste momint belies jaan moat om’t syn frou net mei wol en by it skip wei flechtet, is hertferskuorrend – benammen as er in pear jier letter genôch jild fan de rederij weromkriget om it nochris te besykjen: ‘It wie oft er noch wraksele mei syn lêste twivel doe’t er wjerhelle [sic]: “It is te let.” (s. 145).

Yn in pear sinnen wit Terpstra de ferhâldings tusken Hjerre, syn nije frou Annechien (dy’t wat sloarderich ek in pear kear as ‘Jannechien’ oantsjut wurdt) en Tsjibbe Gearts hierskerp te tekenjen:

“Annechien is wer thús,” sei de man. “Jo sille mei har yn de kunde komme.” Der wie waarmens yn syn lûd.

– In blom fan in frommes, hie Hjerre sein. Se wie wat grouliddich, mar de froulikens striele har ta de eagen út, Har boarsten dinen as se rûn. Har folle mûle, de lippen justjes út elkoar, wie útdaagjend. Se seach Tsjibbe ferbaasd oan. “In ûnferwachte oanrinner?” frege se. “Ik sjoch oan dy dat er wolkom is.”

“It is Tsjibbe Gearts van der Meulen út Burgum,” sei Hjerre.

“Dy namme is my bekend,” sei se. Har eachopslach fertsjustere even. “Do hast in soad mei him belibbe.”

“Hy hat foar my dien wat er koe.” Hjerre sei it mei oertsjûging, as woe er alles wat syn frou op him tsjin hawwe koe, útslute. (s. 142)

Ek it personaazje en de rol fan Tsjibbe Gearts van der Meulen binne nijsgjirrich genôch om de lêzer yn de besnijing te hâlden. De man dêr’t jo as earste mei yn ’e kunde komme. Dat er wekker makke wurdt troch de postrinner “doe’t er yn de deakiste syn middeissliepke die” (51) lûkt fuort de oandacht, en hâldt dy ek fêst mei syn aparte fratsen en syn mearsidigens as ûndernimmer. Boppedat is Van der Meulen as emigraasje-agint de ferbining tusken de lânferhuzersferhalen en it ferhaal fan Harmen Sytstra – de man dêr’t it lêzen fan dit boek jo eins om begûn wie. Utsein de freonskip tusken Sytstra en Van der Meulen is der oars gjin oerienkomst tusken dy ferhalen as Reinou Borgman, de jongfaam dêr’t Sytstra syn muze Regina yn werkent en smoarfereale op wurdt, mar dy’t him ferlit om har mem te stypjen op de reis nei Amearika dy’t har ûnfersetlike heit syn húshâlding opleit. Yn de beskriuwing fan it ôfskie fan Reinou en Harmen leit de ynbannichheid en faaks passiviteit besletten dy’t it jin behinderet sympaty foar de man op te bringen: “Se namen weardich ôfskie fan elkoar yn de iere moarn. Hoewol’t er inerlik jammere, behearske er him folslein en hy bewûndere har omdat se dat ek koe. Se sei noch: “Ik hâld sa ûntsettend, sa ûntsettend folle fan dy.”” (s. 137).

Sytstra is like dimmen en ûntagonklik yn syn affêre mei Alberta Kloosterman, en ek wat syn wurk yn en foar it Frysk en Fryslân oangiet komt allinnich yn de petearen mei Tsjibbe Gearts de hertstocht wat nei boppe. It is net genôch dat Terpstra Sytstra tinke lit; “ik fiel my in strider foar idealen, ik dream fan in Fryslân dat noch net bestiet en dat in hiel soad minsken kâld lit” (s. 108), hy moat ek sjen litte dat er it mient, mar dat wol net rjocht slagje. As lêzer bliuwe jo it gefoel hâlden dat Sytstra wat oan de sydline stiet, benammen wat it Selskip en Iduna oangiet – in byld dat net strookt mei it byld dat yn oare boarnen fan Sytstra oproppen wurdt – boarnen dy’t jo as belangstellende lêzer yntusken al neist Kom oer it wetterlein hiene om te sjen oft de wat suterich beskreaune dichter en skoalmaster wier de ‘fûle strider’ is dy’t op it omkaft oankundige wurdt.

Feiten en fiksje

Terpstra meldt oan it begjin fan syn boek dat ‘de fantasij fan de auteur […] net altyd mei de bekendsteande feiten oerien [komt]. De lêzers hawwe net in skiednisboek, mar in roman yn hannen’. Frjemdernôch ferwurdzje de skiednisboeken de feiten oer Harmen Sytstra hiel wat blomriker as dat Terpstra docht yn syn roman.

Klaes Dykstra skriuwt yn it Lyts hânboek fan de Fryske literatuer “… Harmen Sytstra […] yn wa’t (‘benei da siêl fon th’ selskip’) de Romantyk yn Fryslân by eintsjebeslút it alderheechst oplôgje soe. Sels wie hy besiele fan it romantysk ideaal om oer steatsgrinzen hinne it Fryslân fan it ferline grut en frij op ’en nij as it Magna Frisia ferrize te litten. Syn profetearjen fan dy takomst waard yn ’e praktyk tragyskernôch tefolle it restaurearje wollen fan dat ferline” (s. 43). Dat tragyske en ek de ‘stymske iensumens’ (Dykstra s. 46) binne wol werom te finen yn Kom oer it wetter, de leafhawwende toan wêrmei’t Dykstra dy oan de oarder stelt lykwols net.

Ek Tineke Steenmeijer-Wielenga hat it yn Zolang de wind van de wolken waait oer in “hartstochtelijk verlangen om de oude glorie van Fryslân te herstellen” en jout oan dat Sytstra “meer een strijder dan een dichter” wie, dy’t “in taalgebruik, spelling en stijlmiddelen […] naar het verleden keek, terwijl hij op maatschappelijk gebied vooruitstrevend was. Hij was een idealist die streed tegen drankmisbruik en actief was voor de verbetering van het onderwijs en de positie van onderwijzers” (s. 71/73). Dy striidberens en de ûnderwerpen dêrfan hie Terpstra bêst wat mear beljochtsje kind, Harmen Sytstra komt no oer as in net bot besiele skoalmaster mei in wat muoisume relaasje mei drank.

It folsleine en wiere ferhaal is dus foaral folle nijsgjirriger as it mozayk dat Terpstra byinoar fandele hat. Wat it wurk fan Harmen Sytstra (en dat fan Tsjibbe Gearts van der Meulen likegoed) no wier betsjutten hat wurdt net goed dúdlik yn Kom oer it wetter, wat jin ôffreegjen docht wat dan eins it doel wie fan dit boek. As der al eat fan it belang fan it wurk fan Harmen Sytstra ta de lêzer trochkrongen is, dan wurdt dat folslein teneate dien troch it fernederjende en neatsizzende ein dat Piter Terpstra foar syn haadpersoan betocht hat:

Harmen syn yngewanden begûnen ferheftich te ratteljen. Tsjibbe Gearts hearde him ôfblazen en de stank wie net te fernearen. Hy gie it keammerke út en warskôge de frou. “It sille foar jo noch minne dagen wurde,” sei er.

Se wie al ûnderweis nei har man.

Sa ferliet er it hûs fan syn freon.

Hy rûn it tsjerkhôfspaad del en gie op it bankje oan de achterkant fan de tsjerke sitten. It waard al wat tsjuster. (s. 192)

Peaske-Blommen-proaza

De poëzij fan Harmen Sytstra wurdt regelmjittich oanhelle en sitearre yn Kom oer it wetter, dat er ek proaza skreau wurdt eins gjin omtinken oan jûn. No binne de measte ferhalen fan Sytstra – alteast dy yn de troch syn soan gearstalde bondeling Peaske-Blommen – like koart troch de bocht en mei in hast krekt sa flau ein as Kom oer it wetter, mar der kin teminsten om lake wurde as jo je der wat yn ynlibje! In ferhaal as ‘De Deadsfij’nen’ oer Jalke en Barre dy’t elkoar nei it libben stean en Barre syn twillingbroer Egge dy’t de boel noch mear yn de betizing bringt, is nochal foarsisber en giet krekt wat te lang troch mei it deameitsjen fan de ferkearden en it ferslepen fan de liken. Ek de sterke ferhalen fan ‘De Reedriders’ binne net alhiel orizjineel, mar wurde wol mei in soad oertsjûging brocht: “Ei! dat is net wirdich om der oer te jeuzeljen. Do ik noch jong wier; ik wenne by de boer – Hospes, taepje myn glês yetris fol! – ik klune fen myn libben oer gjin daem ef tille; mar it gyng der altyd mei sa’n wipke oer hinne, faek mei in pear heale breaën ûnder de earm; hwent ik moast meastal nei de bakker ta” (s. 11). Wat mear drank, wat sterker de ferhalen, hawar, jo kinne se hjir sels lêze fan’t winter.

Yn de ‘Brief fen Krine Lokke oan Blijke Gjalts’ (s. 26-8) giet Krine frijwat tekear oer Sijke, “Dat is sa’n nuver fromminske, as ik yet myn libben net met ha”. Se jout neat om har klean, is tige tipelsinnich yn har hâlden en dragen; “Se kin skrieme en laitsje yn ien sike, en sims is se sa pizich, det der gjin hûs mei to hâlden is”, it is har ien en it selde as se priizge wurdt of lekke, en lêstendeis prúste se sels de Dokter lyk yn it gesicht. “’k Hab hoop, ’t scil mei Sijke hwet beterje, as se hwet âlder wirdt: hja is noch mar in hjeljier, ’t sloof – en och! ’t is myn bern; ik ha se sa ljeaf dou witst it net.” No ja, faaks komt it troch it âldere Frysk dat ik net fuort fet ha op sa’n ferhaaltsje, mar ik moast dochs wat gnyskje om dy aardige twist oan de ein!

Moai is ek ‘Fen stille Hessel en syn broer Liebe’. Beide jonges ferskille dei en nacht fan elkoar en har karakters wurde troch Sytstra skerp en helder delset – alles yn tsjinst fan de moraal ‘Stille wetters habbe djippe grounen’, mar hawar. Liebe is warber en fyf, in echt bern fan syn heit, wylst Hessel mear memmes jonkje is, like warber en tûk, mar dan binnendoar. Heit en mem ha der net folle fertrouwen yn dat Hessel ea oan de frou komt, wylst Liebe neffens har al hast troud is. Sytstra hat hjir in moaie plot betocht as Hessel nei in diskusje oer froulju syn âlden foar de fuotten smyt dat hy earder in frou ha sil as dat sy tinke doarre, wylst Liebe ferklaaid as swerver ûnderdak freget omdat it famke him ôfwiisd hat en hy dat thús net tajaan of fertelle wol. Fansels hat Hessel it troch, nimt er Liebe te fiter en blykt dat der al lang wat spilet tusken Hessel en harren buorfamke, dat syn trouwerij is yndie samar foarinoar. Ofsjoen fan dy relatyf goed trochtochte en útwurke plot, fiert Sytstra noch in nijsgjirrich personaazje op mei Bijke de hûn. Hiel grut is syn rol net, mar ik fûn it wol hiel aardich dat Sytstra him meispylje lit by wat der bart; “Iebeltsje (=mem) seach sa forheard, as hie se it to Keulen tongerjen heard, Britze (=heit) lake der om, en bijke like dat al hwet raer yn ’e earen to lieden, hwent hy waerd der wekker fen, en riek him ris út”. En letter, as Liebe thúskomt: “Doch Hessel en Bijke hiene him yn ’e kikert. Bijke tocht der net folle oer nei, mar Hessel skien dy ek gjin byt blike liet, seach al aenstonds Liebe syn hiele plan troch.”

It meie net de meast ferheffende ferhalen wêze, mar har ljochte toan en folkloristyske humor skine in wat helderder ljochtsje op it sombere byld fan Harmen Sytstra yn Kom oer it wetter.

Boarnen

Dykstra, Klaes, en Bouke Oldenhof. Lyts hânboek fan de Fryske literatuer. Ljouwert: Afûk,

1997.

Steenmeijer-Wielenga, Tineke. ‘Meer literatuur voor meer mensen. Van 1822 tot 1915’. In:

Oppewal, Teake, et al., red. Zolang de wind van de wolken waait – Geschiedenis van de Friese literatuur. Amsterdam: Bert Bakker, 2006.

Sytstra, H.S. Peaske-Blommen – Stikken út de foarste rige fen Iduna. Samle troch O.H.

Sytstra. Ljouwert: R. van der Velde, 1906.

Terpstra, Piter. Kom oer it wetter. Dokkum: KFFB, 2000.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail