Website Skriuwersboun fernijd

logo.ensafh

De website fan it Skriuwersboun is nei in oare provider ferhuze en wurdt mei WordPress byholden. In foardiel fan WordPress is dat, mocht it bestjoer dat (yn de takomst) wolle, ek oaren as de behearder berjochten pleatse en reaksjes moderearje kinne. Op dit stuit is de reaksjemooglikheid útskeakele.

Allinne de wichtichste nijs- en agindaberjochten fan 2012 binne op de nije site pleatst. Wa’t it ‘âldnijs’ mist, kin òf wachtsje op it jierferslach fan it bestjoer óf my in mail dwaan om in berjocht op te freegjen.

Tip: Bliuw op de hichte fan alle aktiviteiten fan it Skriuwersboun troch jo te abonnearjen op de side.

Elske Schotanus

http://skriuwersboun.nl