Reaksje FFU op yntegrale beliedsnoata kultuer, taal en ûnderwiis ‘Grinzen oer’

logo.ensafh

Skriuwerskip:

Drs. S.T. Hiemstra

G. Sondermanstrjitte 29

9203 PT DRACHTEN

Oan:

– it kolleezje fan Deputearre Steaten

– de leden fan Provinsjale Steaten

Provinsjehûs

Twibaksmerk 52

Postbus 20120

9800 HM LJOUWERT

Drachten, 5 jannewaris 2013

Underwerp: reaksje FFU op yntegrale beliedsnoata kultuer, taal en ûnderwiis Grinzen oer, sept. 2012

Risnabel kolleezje fan Deputearre Steaten, rju achtbere leden fan Provinsjale Steaten, Hjirby jouwe wy in stikmannich opmerkings en winsken by de yntegrale beliedsnoata ‘Grinzen oer’ dy’t ta doel hie om it nije belied foar kultuer, taal en ûnderwiis 2013-2016 stal te jaan en dy’t allinnich yn syn earste, foarriedige ferzje (sept. 2012) ta ús kommen is. Wy beheine ús benammen ta it ferbetterjen fan it plak fan de Fryske taal en skiednis yn it (hiele) ûnderwiis.

1. It yntegrale karakter fan de noata

De Feriening Frysk Underwiis (FFU) is wiis mei en hat wurdearring foar de yntegrale oanpak fan de noata.

Kultuer en ûnderwiis steane net los fan inoar. De skoalle is as ‘Kulturgestalt’ ynsteld om nije generaasjes ta te rissen foar in libben as folwoeksenen en om dy paadwiis te meitsjen yn de mienskip. De Fryske taal en kultuer kinne net goed bestean bliuwe en bloeie as de skoallen yn Fryslân de learlingen it Frysk net passyf en aktyf op in goed nivo bybringe. It gearstallen en publisearjen fan Frysktalige teksten (lykas learmiddels, boeken en literatuer) komt kwantitatyf en kwalitatyf slim yn ’e knipe as it lêzen en skriuwen yn it Frysk net foldwaande behearske wurdt.

Wy kinne it lykfine mei de stelling yn it Foaropwurd dat de eigen taal en kultuer fan Fryslân in ‘prachtbesit’

is (s. 3), mar moatte ek fêststelle dat it ûnderwiis yn ús provinsje dêr oer it generaal noch lang net syn needsaaklike bydrage oan leveret. Ynspeksjerapporten en koartlyn it fjirde rapport fan de Ried fan Europa hâlde ús noch altiten in tige negatyf byld foar en benammen it lêstneamde rapport stiet der by de (ryks)oerheid mei klam op oan om no einlings ris syn ferantwurdlikheid te nimmen.

2. Grinzen oer

De provinsje wol nije enerzjy helje út ynternasjonale gearwurking en oparbeidzje mei ûnderskate maatskiplike sektoaren. Soks liket ús ek needsaaklik yn in tiid fan globalisearring. Goed fjouwer jier lyn hawwe wy jimme ús Oanfalsplan Frysk (okt. 2008, 2de printinge) takomme litten mei it doel om de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen te fersterkjen (del te heljen fan ús webstek: www.ffu-frl.eu, û.o. by

‘Brieven 2008’; sj. ek noat 1). It plan is ek yn printe foarm op de provinsjale griffy oanwêzich. Wy konstatearje dêr ûnder mear yn dat yn ús provinsje de tige ûngelikense taalmachtsferhâldings (tusken it Hollânsk en it Frysk) de mooglikheden en kânsen foar de Fryske taal en kultuer slim beheine en begrinzgje ( Oanfalsplan, bgl. s. 11-15). Yn ús plan wurdt frij konkreet oanjûn wêrom en hoe’t dy grinzen oerstutsen wurde moatte om it Frysk as libbene taal goed funksjonearje te litten. It Stipepunt 2.0 (ferl. noata, s. 36-37) soe dêr neffens ús in wichtige bydrage oan leverje moatte (sj. ek de 11 taken neamd yn it Oanfalsplan, hdst.

IX, s. 45-48).

FFÛ – Oansletten by de Ried fan de Fryske Beweging

1

E-post: ffupost@hotmail.com Webstek: www.fryskebeweging.nl

Wy fernuverje ús der sadwaande nochal oer dat wy op side 7 fan Grinzen oer lêze moatte dat de skriuwers fan de noata it taalbelied sjogge as ‘it bewust brûken fan de Fryske taal as tafoege wearde’ (earste sin fan de lêste alinea; skeanprint fan ús). Wurdt dêrmei bedoeld dat it Frysk wat ekstra’s is boppe de Hollânsktalige status quo: it Hollânsk as noarm en standert en it Frysk as wat derop ta? Krekt as soe it Frysk as autochtoane taal yn it eigen taalgebiet net in fanselssprekkende wearde en rykdom yn himsels wêze (meie). En dat soks ek it gefal wêze soe mei it min ofte mear ûnbewust brûken fan ús taal. De rykdom fan it Frysk liket ús nét in ferriking fan wat oars (bgl. fan it Hollânsk; ferlykje de sin ‘ kin in tafoege wearde wêze’), as wie it in suertsje by de boadskippen. It bewust brûken fan ús taal soe ynhâlde moatte: it sûnder mear brûken fan it Frysk as basaal en wêzentlik elemint yn alle wichtige maatskiplike domeinen (taalkwantiteit) en it bewust brûken fan geef en noarmearre Frysk op in heech nivo (taalkwaliteit). It bygelyks stellen fan dúdlike beneamings- en funksje-easken op dat stik soe dêr tige ta bydrage (ferl. Oanfalsplan, s. 9 en 14).

De noata soe neffens ús folle mear en folle konkreter omtinken jaan moatte oan it yn de tiid stap foar stap ferdwine litten fan de foar it Frysk tige bedriigjende ûngelikense taalmachtsferhâldings en oan hoe’t de swetten (grinzen) fandatoangeande ferlein wurde sille.

2. Steatsnasjonale wetjouwing en it hanthavenjen dêrfan

It Hollânsk is yn 1801 as Nederduitsche taal ek ferplichte wurden op de legere skoallen yn Fryslân. Hoewol’t it Frysk doe net eksplisyt ferbean waard, hat ek ‘de’ ûnderwiisynspeksje der no al hast mear as twa ieuwen alles oan dien om de ‘opfieding en beskaving’ fan de bern yn de geast fan dy wet te stimulearjen en te propagearjen en dêr hearde it Frysk perfoarst net by (wy kenne in pear útsûnderings, mar dy binne op de fingers fan ien hân te tellen; sjoch ek ús Oanfalsplan, s. 12).

De yn de 80’er en 90’er jierren fan de foarige ieu ferplichte posysje fan it Frysk (allinnich noch mar as fak en nét as fiertaal!) yn it basis- en fuortset ûnderwiis hat mei alle aksjes dêromhinne de dominante Hollânske tradysje yn it ûnderwiis (noch lang) net trochbrekke kinnen. De yn de lêste jierren útbrochte ynspeksjerapporten oer it Frysk meitsje dat skrinend dúdlik. It saneamde rapport-Hoekstra brocht ek net de ferhope desintralisaasje fan it foech oer it Frysk yn it ûnderwiis nei de provinsje.

De fraach kin steld wurde hokfoar stratezjyen oft gaadlik binne om te kommen ta mear of echt lykweardige taalferhâldings yn de skoallen. Bewustwurding by âlden, learkrêften is in kwestje fan lange azem lykas de noata ( Grinzen oer, s. 15) ek oanjout en is fan belang, mar lang net tarikkend. Dêr is in goede en dekkende

wet- en regeljouwing foar nedich yn it hiele ûnderwiis foar it Frysk as fak en as fiertaal. En út soarte in goed en effektyf tafersjoch op de útfiering dêrfan. Us probleem mei it ûnderwiis is dat by de kwaliteitsbeoardieling fan de skoallen it Frysk der noch altiten net ta docht. De ryksynspeksje rekkenet yn it basisûnderwiis de skoallen suver allinnich ôf op rekkenjen en taal (sec!) en mei it begryp ‘taal’ wurdt altiten iensidich it Hollânsk bedoeld. ‘Taal’-yndoktrinaasje fan it boppeste buordsje dus.

Sadwaande wurkje de skoallen mei alle macht ta op dy fakken en litte se mar al te gau it Frysk falle om foar te kommen dat se op ynternet as swak of hiel swak oanmurken wurde. Der wurde feitlik allinnich sanksjes tapast as it om it nivo fan it Hollânsk giet. It oant no ta ûntbrekken fan in ‘normaal’ tafersjoch op de útfiering fan in (relatyf nij) fak as it Frysk ferklearret foar it grutste part de minne posysje fan dat fak en de resultaten dêrfan.

Ek al erkenne wy dat der in lyts tal goede skoallen en learkrêften is dat yn dy steatsnasjonale stream op besiket te roeien. Dêrby komt de legitime fraach op hoe goed oft alle ynspekteurs dy’t Fryslân as har wurkterrein hawwe, sels it Frysk behearskje en hoe posityf oft se nei twa hûndert jier efterstelling hjoed-de-dei foar ús taal oer steane? In goede mûnlinge en skriftlike taalbehearsking en positive attitude liket ús in betingst dêr’t de noata neffens ús better op yngean moat.

3. De stratezjy fan de ferlieding

It kiezen fan effektive en tagelyk (polityk) akseptabele stratezjyen om de Fryske taal en kultuer der boppe-op te helpen is net maklik. Yn de noata Grinzen oer wurdt keazen foar in soad oerlis (op himsels net ferkeard) en foar ferlieding (bgl. op s. 15 en 49). Ferlieding skynt te wurkjen neffens in evaluaasje fan de kampanje Praat 2

mar Frysk (s. 15). Dat soe moai wêze, mar wy soene dochs oanstean wolle op in slutende definiearring en goede operasjonalisearring fan it begryp. En op in ‘echt’ wittenskiplik ûndersyk nei de fertuten op de koarte en op de langer(re) termyn fan ferliedingsstratezjyen yn it algemien en dizze yn it bysûnder. Wy binne perfoarst noch net oertsjûge fan signifikante strukturele en bliuwende effekten. Wie der wol in nulmjitting? Is in positivere hâlding (s. 15) wol objektyf en falide fêst te stellen? Dy soe benammen ôf te lieden wêze moatte út it taalhanneljen (as in fûnemintele taalgedrachsferoaring) fan minsken. Dêr is mear foar nedich. Bygelyks in wêzentlike feroaring fan de omjouwing dêr’t minsken yn ferkeare. It is de omjouwing dy’t winsklike gedrachspatroanen opropt, ynklusyf de ferwachte wearden (sj. ek noat 2). Politike maatregels kinne tige bydrage ta in foar it Frysk geunstige(r) omjouwing.

Yn ús Oanfalsplan (bgl. op s. 9, 13) hawwe wy de beheinings oanjûn fan ferlieding. Bygelyks as it oer it ûnderwiisdomein giet. En soe it yn oare domeinen (bgl. media, kulturele organisaasjes, bestjoer, rjocht, soarch) hiel oars en folle better wêze?

Hoe effektyf is in ferliedingsstratezjy as bygelyks in Ryksoerheid syn eigen wetlike maatregels foar it Frysk yn it ûnderwiis net neikomt of neikomme wol en dyselde stratezjy (bgl. it hawwen fan in soad oerlis mei de skoallen en dy bewust(er) meitsje wolle) perfoarst net tapasse wol as it om doelen foar rekkenjen en ‘taal’ (=

Hollânsk) giet. Foar it tafersjoch op de kwaliteit fan it Hollânsk (en in pear oare fakken) wurdt der net oer prakkesearre om sa’n wurkwize bottom-up (bgl. ‘it beneamen fan de foardielen fan meartaligens’, ferl. s. 49) ta te passen, omdat de stelde (kearn-)doelen hoe dan ek helle wurde moatte en toetsen en eksamens dy’t dy doelen – dy’t ek noch tige opskroeve binne of wurde – hifkje, foar alle learlingen ferplichte binne. De opleine maatregels wurde troch it Ryk top-down ôftwongen. Elts yn it ûnderwiis skynt soks as ‘normaal’ te beskôgjen en tinkt amper oan ferset. Kin it Frysk dan wol ta mei in ferliedingsstratezjy om sa út in efterstelde posysje wei de fuotten op alle skoallen ûnder it gat krijen? De praktyk is oant no ta mear as dúdlik.

It feit dat de provinsje amper ‘macht’ yn it ûnderwiis hat, is mooglik de foarnaamste reden dat in bottom-up

stratezjy (ferl. ek s. 29) as effektyf sjoen wurdt. Wy kinne der begryp foar opbringe dat men dan oare wegen siket of sykje moat. Mar sels de ûnmacht fan it ‘ferlieden’ hoecht him net te beheinen ta frijbliuwend praten as der tagelyk ek systematysk socht wurde soe nei it jaan fan goede (strukturele) beleannings en it stellen fan goed kontrolearbere subsydzje-easken (of in kombinaasje dêrfan) yn ûnderskate maatskiplike domeinen.

‘Boppeslach’ (s. 47-48) hat in grutte ynvestearring west om de ‘kwaliteit’ fan it Fryske (basis)ûnderwiis te fersterkjen. Is lykwols no allinnich it tal saneamde ‘swakke’ skoallen ôfnommen of hat it saneamde yntegrale taalbelied it ûnderwiis yn it Frysk sterk(er) makke? (side 48). Wiene swakke skoallen allegearre al sterk yn it Frysk of is ‘ûnderwiis’- kwaliteit en Frysk dochs in tsjinstelling?

4. Meartaligens en ûnderwiis

Hoewol’t men út in wittenskiplik ûndersyk streekrjocht gjin beliedsmaatregels ôfliede kin (troch de saneamde

‘ís/ought’- of ‘sein/sollen’-kleau), omdat men no ienkear út (wittenskiplik fêststelde) feiten logysk gjin noarmen en rjochtlinen foar it hâlden en dragen opmeitsje kin, binne wy dochs wiis dat der in nij taalsurvey yn de noata (s. 30) oankundige wurdt. Kennis fan de taalsituaasje, ek yn it ûnderwiis, kin boustiennen leverje foar in grinsferlizzend taal- , kultuer- en ûnderwiisbelied as de ideologyske basis en de politike wil mar foldwaande binne.

Meartaligens (s. 29 e.f.) liket as begryp en as biedwurd hieltiten mear yn de moade te kommen. Mooglik ropt it minder ferset as it begryp twatalich ûnderwiis op by lju dy’t it net sa op it Frysk yn it ûnderwiis stean hawwe. It slút ek moai oan by in Europeeske winsk om neist de eigen (memme-) taal noch twa oare talen oan te bieden. De EU wol ta op de memmetaal plus in twadde taal (s. 37). Yn Fryslân wurdt almeast tocht oan de trije wetlik ferplichte talen Ingelsk-Hollânsk-Frysk (it Frysk is lykwols allinnich as fak yn it basisûnderwiis en yn in lyts part fan it fuortset ûnderwiis ferplichte). De saneamde trijetalige skoalle komt it tichtste by it Europeeske ideaal.

3

Dêrby moat men der wach op wêze dat it ferskil yn status (en taalmacht) tusken it Frysk en it Ingelsk (as lingua franca yn Europa) der maklik ta liede kin dat it Frysk der as lytse autochtoane minderheidstaal mar wat by komt te bongeljen. It Ingelsk kin, benammen yn de gruttere plakken, de skoallen oer de streek helje om foar in trijetalich konsept te kiezen, mar as it Frysk net substansjeel mei mear as in tredde fan de ûnderwiistiid fak en ynstruksjetaal is, dan kin it begryp ‘meartaligens’ ek in praktyk kamûflearje dy’t net sa dúdlik is oer de ( te beheinde) posysje fan it Frysk yn sa’n ûnderwiis(taal)model.

Om dat foar te kommen freget soks ek om yntegrale trijetalige learmiddels (de noata sprekt allinnich oer de needsaak fan meartalige metoaden foar it meartalich ûnderwiis; s. 40). De learplannen, de lessen yn de klasse en de helpmiddels (learboeken, modulen en digitale media) dêrby moatte neffens de FFU yntegraal trijetalich wêze. Dat betsjut ornaris ek dat de trije talen sa ticht mooglik yn de tiid en de romte njonkeninoar en byinoar brûkt wurde moatte. Oars rint it gearstallen fan nije helpmiddels (wer) benammen út op skieden (taal)streamen en los faninoar steande learmiddels en wurdt de winst dy’t op dat mêd behelle wurde kin en moat, folslein wei. It gehiel (de ‘Gestalt’, de ûnderlinge gearhing) moat mear ynhâlde as de som fan de (yn romte en tiid skate) dielen. It oanpart fan it Frysk yn dat tale- en fakkegehiel kin neffens ús fariearje tusken de 35% en 50%, mar mei net ûnder it tredde part komme. Dat moat wetlik fêstlein wurde (sjoch ek noat 3).

Mei it each op in fierdere en konkrete(re) útwurking fan de noata ‘Grinzen oer’ wolle wy hjirre lykwols nochris koart gearfetsje wat de Feriening Frysk Underwiis needsaaklik achtet om it Frysk (yn it ûnderwiis) te hoedzjen en te noedzjen (op ús FFU-webstek sjogge jimme wiidweidiger wat wy krekt wolle en wat wy dêrfoar dogge of dien hawwe):

1. It Frysk moat de earste taal wurde yn Fryslân yn it hiele ûnderwiisdomein.

2. It Frysk moat in ferplichte (eksamen)fak wurde foar alle learlingen yn Fryslân en in ferplichte ynstruksjetaal (by guon oare fakken) yn it algemien foarmjend ûnderwiis (foarskoalsk ûnderrjocht, basis- en fuortset ûnderwiis, spesjaal [fuortset] ûnderwiis) en it beropsûnderwiis (mbû en hbû). De foarderings fan de learlingen yn de Fryske taal en de Fryske skiednis moat folge wurde mei in noarmearre, falide en betrouber learlingfolch- en toets(ings)systeem.

3. De kearndoelen en eksameneasken foar de Fryske taal, kultuer en skiednis moatte lykweardich wêze oan de kearndoelen en eksameneasken foar it Hollânsk (Nederlânsk) en de Hollânske (Nederlânske) skiednis. It foech dêroer moat by de provinsje Fryslân lizze.

4. Op it nivo fan de skoalle as organisaasje moat it Frysk yntern en ekstern mûnling en skriftlik folweardich (oan it Hollânsk) funksjonearje (bgl. yn de administraasje en korrespondinsje, op buordsjes en paadwizers, opskriften, brievepapier ensfh.) Dy ‘sichtberenseask’ moat ien fan de bekostigings- en subsydzjebetingsten wêze.

5. De Fryske learare-opliedings foar it basis- en fuortset ûnderwiis moatte twa- of trijetalich funksjonearje, mei in plak foar it Frysk as fak en as ynstruksjetaal dat net minder is as dat fan it Hollânsk (Nederlânsk) en it Ingelsk. De dosinten/oplieders dy’t it Frysk as ynstruksjetaal brûke by oare fakken as it fak Frysk, moatte it Frysk sels ek op in goed nivo behearskje (Afûk-diploma C of ferlykber nivo as ûndergrins).

6. De learmiddels foar it twa- of trijetalige basis- en fuortset ûnderwiis (ynklusyf it spesjaal ûnderwiis) moatte it Frysk yntegraal in op syn minst lykweardich plak jaan oan dat fan it Hollânsk en it Ingelsk (oanpart 35% of mear). De trije talen yn dy yntegrale learmiddels moatte ûnderling systematysk ferlike wurde op ferskillen en oerienkomsten.

7. Alle ûnderwiisynspekteurs en ûnderwiisbegelieders dy’t (ek) yn Fryslân har wurk dogge, moatte it Frysk aktyf mûnling en skriftlik op in foldwaande nivo behearskje en in goede kennisse hawwe fan de Fryske 4

kultuer en skiednis (Afûk-diploma C of ferlykber nivo as ûndergrins; ferl. ek ús Oanfalsplan, noat 66, s. 67-68).

8. Nije ynkommelingen/migranten yn Fryslân moatte it Frysk op syn minst ferstean en lêzen leare en dat oantoane kinne (bgl. troch it op in foldwaande nivo ôflizzen fan noarmearre, falide en betroubere toetsen).

Dy taak soe troch de Afûk útfierd wurde kinne.

It Europeesk Hânfêst en it ûnderwiis yn it Frysk

De provinsje Fryslân sil, salang’t it foech oer it ûnderwiis yn it Frysk net nei de provinsje oerdroegen wurdt, alle war dwaan moatte om te soargjen dat it troch Nederlân ratifisearre Europeeske Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden útfierd wurdt. Salang’t de provinsje dat autonome foech net hat, is de bêste garânsje foar it ynfieren dêrfan dat de ûnderskreaune kêsten (artikels) út it hânfêst brûkt wurde as basis foar de steatsnasjonale wetjouwing (sj. ek it Oanfalsplan, s. 14-15). Dat is útdruklik ek de bedoeling fan it hânfêst. Soks jildt dus likegoed foar de oangiene ferplichtings út ûnderwiiskêst 8.

Mar ek net troch Nederlân ûnderskreaune ûnderdielen fan kêsten soene yn wetjouwing omsetten wurde moatte. Wy tinke dan benammen oan kêst 8 wat it technysk ûnderwiis en berop sûnderwiis oanbelanget. Mei it each op it ferlet oan behearsking fan it Frysk yn û.o. it bedriuwslibben en yn de soarch soe kêst 8, lid d, nivo ii ratifisearre en taheakke wurde moatte: ‘een aanmerkelijk deel van het technisch onderwijs en beroepsonderwijs te bieden in de desbetreffende streektalen of talen van minderheden’ ( streektalen is letter oersetten as regionale talen, mar it giet hjir om it Frysk as minderheidstaal). En as dat te lang duorret soe it streekrjocht omsetten wurde moatte yn steatsnasjonale wetjouwing, bgl. yn de Wet op it brûken fan de Fryske Taal (de ‘taalwet’ dy’t kommendeweis is). It ferlet wurdt yn de noata (s. 39) mei safolle wurden wol erkend en der wurdt sels in jiertal neamd (2015) dat soks berikt wêze moatte soe (s. 40), mar der stiet net by wat de provinsje der konkreet foar dwaan sil om dat te berikken.

Wy pleitsje dus foar in konkreet stappeplan en foar nije of bettere wetjouwing mei dúdlike ferplichtings op it stik fan it Frysk as fak en as fiertaal yn it hiele ûnderwiis (sjoch benammen noat 4).

Wy hoopje dat jimme de yntegrale beliedsnoata ‘Grinzen oer’ yn de geast en yn de letter oanpasse wolle oan ús boppesteande opmerkings en winsken. En wy winskje jimme út soarte alle sukses ta by it fierder útwurkjen of útwurkje litten fan dat wichtige en weardefolle dokumint. Meie wy oer net al te lange tiid in, leafst ynhâldlike, reaksje op ús brief yn ’e mjitte sjen?

Mei rju achtinge,

foar de Feriening Frysk Underwiis,

drs. Th. Dykstra, foarsitter FFU

drs. S.T. Hiemstra, skriuwer FFU

Ofskriften: LC, FD, OF, it Nijs, EBLT, seksje Frysk VLLT

__________

Noaten

1 Ek troch de skeakel (link): http://www.ffu-frl.eu/PDF/080118.OANFALSPLAN.2008.pdf).

2 Ferl. ek: A.D. de Groot, Begrip van evalueren, ’s-Gravenhage, 1886 en Herman Kolk, V rije wil is geen illusie. Hoe de hersenen ons vrijheid verschaffen, Amsterdam, 2012, s. 88-89).

3 Sjoch ek it artikel ‘De trijetalige skoalle en yntegraliteit’, Lyts Frisia, nû 3, sept. 2012, s. 35-40; ek oan te klikken op ús webstek www.fffu-frl.eu, by publikaasjes).

4 Artikel 8, Onderwijs:

Met betrekking tot het onderwijs verplichten de Partijen zich ertoe, binnen het grondgebied waar deze talen worden gebruikt, overeenkomstig de situatie van elk van deze talen en zonder afbreuk te doen aan het onderwijs in de officiële taal of talen van de Staat:

5

– a. ii. een aanmerkelijk deel van het aan het onderwijs op school voorafgaand onderricht te bieden in de desbetreffende streektalen of talen van minderheden [d.w.s. it Frysk; ûnderskreaun troch Nederlân, mar wurdt net goed útfierd];

– b. ii. een aanmerkelijk deel van het primair onderwijs te bieden in de desbetreffende streektalen of talen van minderheden [d.w.s. it Frysk; dy ferplichting (!) is troch Nederlân ûnderskreaun, mar wurdt net útfierd en ôftwongen];

– c. ii. een aanmerkelijk deel van het voortgezet onderwijs te bieden in de desbetreffende streektalen of talen van minderheden [nét troch Nederlân ûnderskreaun; dit kêst hat sterk ús foarkar en jout in goede grûnslach foar it trijetalich ûnderwiis, resp. de trijetalige skoalle, mei in folweardich plak foar likegoed it ferplichte Frysk as it Nederlânsk en it Ingelsk as fak en as ynstruksjetaal]: of

– c. iii. binnen het voortgezet onderwijs te voorzien in het onderwijzen van de desbetreffende streektalen of talen van minderheden als integrerend deel van het leerplan [wól troch Nederlân ûnderskreaun mar net goed útfierd; liket ús minder gaadlik om ta goed trijetalich ûnderwiis te kommen; liedt oant no ta net ta in trochgeande learline];

– d. ii. een aanmerkelijk deel van het technisch onderwijs en beroepsonderwijs te bieden in de desbetreffende streektalen of talen van minderheden [d.w.s it Frysk; nét troch Nederlân ûnderskreaun; is bûtenwenstich wichtich foar de taalbehearsking fan it meartal fan de Fryske learlingen en dus foar de takomst fan it Frysk; dit kêst hat ús foarkar as basis foar goed trijetalich ûnderwiis]; of

– d. iii. binnen het technisch onderwijs en het beroepsonderwijs te voorzien in het onderwijzen van de desbetreffende streektalen of talen van minderheden als integrerend deel van het leerplan [d.w.s. it Frysk; nét troch Nederlân ûnderskreaun; it kêst liket ús minder gaadlik as basis foar goed trijetalich beropsûnderwiis];

– e. ii. voorzieningen te verschaffen voor de bestudering van deze talen als vak in het universitair of hoger onderwijs

[d.w.s it Frysk; troch Nederlân ûnderskreaun];

– f. i. in het kader van volwassenenonderwijs en permanente educatie cursussen te bieden die voornamelijk of geheel in de streektalen of talen van minderheden worden gegeven [d.w.s. it Frysk; troch Nederlân ûnderskreaun];

– g. regelingen te treffen om het onderwijs in de geschiedenis en cultuur die in de streektaal of de taal van een minderheid haar weerspiegeling vindt, te waarborgen [troch Nederlân ûnderskreaun, mar net of net goed útfierd; hjir giet it ús dus om it ferplichte en foldwaande jaan fan Fryske skiednis yn it basis- en fuortset ûnderwiis, ynklusyf de kanon fan de skiednis fan Fryslân];

– h. te voorzien in de basisopleiding en bijscholing van docenten die nodig zijn voor de toepassing van die leden uit lid a tot en met g die door de Partij zijn aanvaard [troch Nederlân ûnderskreaun].

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail